Brisbane is in stêd oan de eastkust fan Australië. It is de haadstêd fan de dielsteat Queenslân en leit oan de Brisbane River, sa'n 23 kilometer fan de Baai fan Moreton. Brisbane is de tredde stêd yn grutte fan it lân, nei Sydney en Melbourne. Brisbane is fral by jonge toeristen populêr fanwege de twa grutte útgeansgebieten dyt it hat. Dêr binne in soad klups, bars, yt- en útgeansgelegenheden.

Brisbane
Bestjoer
Lân Austraalje
Regio South East Queensland
County Stanley
Sifers
Ynwennertal 2.238.394 (2013)
Oerflak 5904,8km²
Befolkingsticht. 918 / km²
Stêdekloft South East Queensland agglomeration, goed 3 miljoen
Hichte m
Oar
Stifting 1824
Tiidsône AEST (UTC+10)
Koördinaten

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Foardat de Europeanen kamen wiene de kontreien dêr't Brisbane no leit bewenne troch de Turrbal en Jagera.[1] Sy neamden it gebiet Mian-jin ("plak mei de foarm fan in spiker").[2] De omkriten fa de Baai fan Moreton waard it earst ferkend troch Matthew Flinders yn 1799.

De skiednis fan de stêd Brisbane begûn yn 1824 mei de strafkoloanje Redcliffe, sa'n 28 km benoarden it sintrum fan no, nei fierdere ferkenningen fan de baai en de rivier troch John Oxley yn 1823. It plak waard neamd nei Sir Thomas Brisbane, de destiidske gûverneur fan de dielsteat Nij-Súd-Wales. Frije boargers mochten har dêr earst yn 1842 nei wenjen sette.

Doe't Queensland yn 1859 in aparte dielsteat waard, waard Brisbane ta haadstêd keazen. Oant de Twadde Wrâldkriich ûntjoech de stêd har stadichoan. Yn de WOII wie it alliearde haadkertier fan generaal Douglas MacArthur yn Brisbane festige en spile de stêd in sintrale rol yn striid yn it súdwestlik part fan de Stille Oseaan. Yn 1982 mocht Brisbane de Mienebestspullen organisearje en yn 1988 wie dêr de Wrâldtentoanstelling. Fan doe ôf oan is de stêd hurd groeid ta de stêdekloft dy't it no is.

Brisbane hat in subtropysk klimaat mei waarme simmers en tige mylde winters.


Jieroersjoch klimaatfeiten
  jan feb mrt apr maaie jun jul aug sep okt nov des jier
Tr. maksimum deitemperatuer (°C) 29.4 29.0 28.0 26.1 23.2 20.9 20.4 21.8 24.0 26.1 27.8 29.1 25.5
Tr.. minimum deitemperatuer (°C) 20.7 20.6 19.4 16.6 13.3 10.9 9.5 10.3 12.9 15.8 18.1 19.8 15.7
Tr. delslach (mm) 159.6 158.3 140.7 92.5 73.7 67.8 56.5 45.9 45.7 75.4 97.0 133.3 1146.4
Tr. tal reindagen 13.1 13.5 14.5 11.3 9.6 7.9 7.2 6.7 7.4 9.3 9.9 11.5 122.0
Tr. tal sinneoeren deis 7.7 6.7 6.7 7.3 7.0 6.8 7.3 8.0 8.3 8.2 8.3 8.3 7.5
Tr. tal dagen mei berûne loft 5.2 4.8 4.6 3.1 3.5 2.9 2.6 2.1 2.1 3.5 3.8 4.3 42.4
Boarne: Bureau of Meteorology


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tom Petrie: Early Reminiscences of Early Queensland
  2. Our Brisbane – Our shared vision – Brisbane City Council side 2