Broedertrouw
Broedertrouw wie in feriening fan lânarbeiders, oprjochte op 27 oktober 1889 oan de Alde Biltdyk yn Sint Jabik.
De feriening stelt har yn it earste plak de lotsferbettering fan de arbeiders as doel. De feriening, dy't al gau 500 leden hie, organisearre meardere stakings, faak ek rjochte tsjin de keppelarbeid. De ôfdieling St.-Jabik fan Broedertrouw formulearret yn de maitiid fan 1890 har leaneask en leit dy foar oan de boeren. De boeren wegerje op it foarstel yn te gean mei as gefolch dat op 17 maaie de lânarbeiders it wurk dellizze. De reaksje op it súkses fan Broedertrouw komt gau. Yn de midden fan 1890 fine 150 boeren yn It Bilt elkoar en ferbine har ta ûnderlinge steun by wurkstaking. It ferrin fan de staking is rêstich, dochs beslút it regear 100 man ynfantery, 25 fjildwachters en in oantal maresjesees nei it 'oproerige' gebiet te stjoeren. De bouboeren besykje de staking te brekken mei help fan ûnderkrûpers dy't se 15 sinten yn it oere betelje mei kost en ynwenning. Germ van Tuinen en Jan Stap, de stakingslieders, wurde der fan beskuldige ûnderkrûpers mei de dea bedrige te hawwen. Beide wurde lykwols frijsprutsen. Harren abbekaat wie Pieter Jelles Troelstra.
Literatuer
bewurkje seksje- Kees Kuiken, Van Broedertrouw tot Bildtweb. De Friese gemeente Het Bildt in de lange twintigste eeuw. 2014