Broersmastate wie in state yn Westergeast. It ûntstean is ûnbekend

Yn 1885 kin notaris mr. Andreae al net mear oanwize wêr't dizze state stien hat. Dochs soe der in state stien hawwe moatte as ûnderkommen fan mr. Tjepcke Hessels dy't earst substitút-grytman en letter sekretaris fan Kollumerlân wie. Tige lukrative funksjes dy't foar in soad jild kocht wurde moasten en dy't gewoan raasden om in represintatyf ûnderkommen. Syn soan mr. Hessel Tjepckes wie in eigenerfd man fan oansjen dy't troude mei Wijcke Broersma, wierskynlik in dochter fan Gatze Broersma te Kollum. Op 10 novimber 1581 stoar de Eersame ende geleerde Hessel Tjepckesz. en waard yn de tsjerke fan Westergeast begroeven. Syn frou oerlibbe him 30 jier en stoar yn desimber 1611.

De soan fan Hessel en Wijcke, Gadie/Gatze neamd, waard berne yn 1581, itselde jier dat syn heit ferstoar. Hy naam de famyljenamme fan syn mem oan en boaske letter mei Jetscke Bauckesdr.. Dit span hie gjin bern, dêrom beneamde Gadie yn 1638 Gajus fan Botnia, soan fan syn folle neef Jarich fan Botnia, ta syn erfgenamt ûnder betingst dat hy de namme Broersma oan syn famyljenamme taheakje soe. Neamde Jarich wie in soan fan Hendrik fan Botnia en Wisck Tjepkesdr., in dochter fan boppeneamde Tjecke Hessels, dy't yn Kollum wenenn. Gajus Botnia fan Broersma wenne by Kollum op Rosemastate en wie gritenijsekretaris fan Kollumerlân.

Eigeners
  • Tjepcke Hessels
  • oant 1581 Hessel Tjepckes en Wijcke Broersma
  • 1581 – 1611 Wijcke Broersma
  • 1611 Gadie fan Broersma
  • Gajus Botnia fan Broersma

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885