Brouwerij Dockum

brouwerij en in proeflokaal yn ien yn Dokkum oprjochte yn 2017

Brouwerij Dockum is in brouwerij en in proeflokaal yn ien yn Dokkum oprjochte yn 2017. Yn Brouwerij Dockum wurde spesjaalbieren op ambachtlike wize broud. It is mooglik om mei te sjen hoe 't al it bier broud wurdt: der is in glêzen wand ynstallearre, wêrtroch it hiele brouproses folge wurde kin.

De brouwerij is oansletten by CRAFT.

Eftergrûn bewurkje seksje

De brouwerij begûn yn 2017 ûnder de namme 'Brouwerij Kâld Kletske', mar fan mids 2018 ôf wurdt de namme Brouwerij Dockum fierd. Kâld Kletske is al sûnt 2014 in bekende namme, dit bier is ûntwikkele en waard broud troch Sytze Hoogstins (brouwerij de Hoge Stins) fan Burgum. Yn augustus 2017 is Sytze Hoogstins spitigernôch ferstoarn. Nettsjinsteande it ferstjerren fan de oprjochter en haadbrouwer hâldt it Kâld Kletske net op. Der wurdt nammentlik yn Dokkum in hiele nije brouwerij opset as earbetoan oan Sytze Hoogstins. Dizze nije brouwerij is mooglik makke troch Leon van der Meer, René de Heij en Erwin Postma.

Skiednis bewurkje seksje

Begjin septimber 2018 by de Admiraliteitsdagen iepene Brouwerij Dockum foar it earst de doarren. Nei in yngeande ferbouwing fan it eardere Adfunture Park oan de Hogedijken fûn it Captainsdiner foar de sponsoaren fan de Admiraliteitsdagen plak.

Yn 2020 is it nije konsept Dutch IPA lansearre. In rige oan ferskate IPA's wurde op blik ôffolle en al gau wie de fraach sa grut dat sels de kapasiteit fan de brouwerij fergrutte wurde moast.

Sûnt 2001 is it ek mooglik de bieren online te bestellen.

Hjoed bewurkje seksje

De brouwerij makket diel út fan de eventlokaasje fan Noard-Nederlân, dêr't saaklike gearkomsten, presintaasjes, workshops holden wurde kinne, mar it hat ek in restaurant. Der is in proeflokaal en der wurde rûnliedings jûn. Ek wurdt der yn opdracht bieren foar tredden broud.

Sa is der yn 2022 yn it ramt fan Opfriesen (oplade yn de winter) yn gearwurking mei Sonnema Berenburg en Visit Friesland, in fris en krûdich bierke makke mei bearenburch fan Sonnema, de Opfrieser Bierenburg.

Yn gearwurking mei Tië-Ids Breeuwsma fan Mitra Breeuwsma sliterijen is it bier "Op eigen kracht" ûntwikkele en makke. Dit bier is makke nei oanlieidng fan it jubileumboek mei deselde titel fan de band De Kast.

Assortimint bewurkje seksje

  • Dutch IPA
    • Bitter Balance
    • Bittersweet Victory
    • Black Canon Imperial Stout
    • Easy does it
    • Hard to Crack
    • Lemons for Lunch
    • What the Wheat!?
  • Kâld Kletske
    • Blûn
    • Galjes
    • Hjerstbok
    • Hoppich
    • Jiertiid
    • Krêftich
    • Ljocht
    • Pils
    • Trijedûbel
    • Weet
    • Opfrieser Bierenburg
    • Opfrieser Bierenburg Wit

Bieren yn opdracht:

  • Op eigen kracht mei Mitra Breeuwsma sliterijen
  • Eise Weisen - broud foar it Eise Eisenga Planetarium yn Frjentsjer
  • Railroad #1 Blond - broud foar Steakhouse Railroad yn Dokkum
  • Burdaarder Blond
  • Húsbier NEIPA - broud foar Hotel Café Restaurant 't Raedhûs yn Dokkum
  • Húsbier Tripel - broud foar Hotel Café Restaurant 't Raedhûs yn Dokkum
  • H Saison fan In De Houtzagerij yn Hardinxveld-Giessendam foar De Lokale Brouwerij
  • Saison fan De Bourgondiër Delicatessen yn Hardinxveld-Giessendam foar De Lokale Brouwerij
  • Licht Blond fan De Bourgondiër Delicatessen yn Hardinxveld-Giessendam foar De Lokale Brouwerij
  • Bieren foar 11Stijlenbier yn Ljouwert

Keppeling om utens bewurkje seksje