Brouwers Koarte Wyk

Brouwers Koarte Wyk is in feart yn de gemeente Smellingerlân. It is ien fan de hiel soad wiken tusken Drachten en Drachtster Kompenije.

Brouwers Koarte wyk is eins in tige lange wyk en rint fan de N31 bylâns de folkstunen yn noardeastlike rjochting, ûnder De Damen en De Feart troch nei it krúspunt fan de N358, de Skieding en de Leidyk. Dit is meiinoar mear as fjouwer en in heale kilometer. De wyk is groeven yn de tiid fan de feanterij.

De namme Brouwers Koarte Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Brouwers Korte Wijk.