Burg Hohlenfels is in boarch yn Mudershausen yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De boarch is in partikulier besit en wurdt bewenne. Ut en troch wurde der bysûndere útstallings organisearre.

Hohlenfels
  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
plak Mudershausen
koördinaten 50° 17' N 8° 1' E
Skiednis
boujier Sûnt de 14e iuw
Oars
hjoeddeisk gebrûk partikulier gebrûk
tagonklikens net tagonklik foar publyk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side Hohlenfels
Kaart
Burg Hohlenfels (Rynlân-Palts)
Burg Hohlenfels

Lokaasje bewurkje seksje

De boarch stiet op in rots tusken Hahnstätten en Mudershausen yn it kadastrale gebiet fan Mudershausen. De rots sit fol skuorren en spjalten en dat ferklearret ek de namme fan de boarch (Hohlen = grotten). De kalkstiennen rots is oan trije kanten steil en riist 60 meter boppe it lânskip út.

Beskriuwing bewurkje seksje

 
Trochsneed fan de boarch

Nei't Gerlach I fan Nassau de grûn yn syn besit krige liet dy in lângoed by de rots bouwe, dêr't letter de delsetting Hohlenfels ûnstie. Healwei de 14e iuw joech greve Johan I fan Nassau-Weilburg-Saarbrücken († 1371) opdracht ta de bou fan it kastiel op de rots. Nei alle gedachten moast de boarch de tichtebylizzende hannelsrûte tusken Aken en Neurenberch en de dyk, dy't de Hessyske gebieten oan de Middel-Ryn mei it Lângreveskip Hessen-Kassel ferbûn, beweitsje.

Hohlenfels stie yn de Tritichjierrige Kriich foar in skoft en waard foar in part ferneatige. Yn 1685 waard de boarch op 'e nij bewenne troch Jehan Nikolaas fan Cronberg. Eartiids ferbûnen brêgen de ferskillende boudielen mei-inoar. Dielen fan de âlde houten konstruksjes fan de boarch waarden al yn 1768 ôfbrutsen; yn de jierren dêrnei rekken grutte dielen fan it kastiel yn ferfal. Yn de tiid fan de romantyk mochten keunstners de kastielruïne graach skilderje. Hugo Freark Waldecker fan Kempt († 1753) liet tusken 1712 oant 1716 it barokke slot op 'e nij bouwe, dat ek tsjintwurdich noch te bewenjen is.

Krekt nei't de dielsteat Rynlân-Palts de brekfallige boarch oan in partikulier ferkocht, stoarten dielen fan de 20 meter hege skyldmuorre mei de eastlike twingertoer yn. In restauraasje folge en om it kastiel te befeiligjen en bewegings yn de rots te registrearjen binne ferskillende stielkabels mei in lingte oant 75 meter oan de rots ferankere. Sûnt 2005 wurdt it kastiel simmerdeis in pear dagen iepensteld foar it publyk.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.