Herjuwsmastate

(Trochferwiisd fan Burmaniastate (Ferwert))

Herjuwsmastate, Juwsmastate of Burmaniastate wie in state of stins dy't besúdwesten Ferwert stie yn de gemeente Ferwerderadiel. Tsjintwurdich wurdt in diel fan it terrein oanjûn troch beplanting mei beammen.

Herjuwsmastate
  kastiel
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Ferwert
koördinaten 53° 20' N 5° 49' E
Skiednis
stiftingsjier Mooglik foar 1298
ferneatiging 1805
Kaart
Herjuwsmastate (Fryslân)
Herjuwsmastate

Om 1500 wurdt de Herjuwsmastins foar it earst neamd, mar it boujier is ûnbekend. Oan de ein fan de 15e iuw wienen der twa aadlike huzen yn Ferwert: Camminghastate benoarden de tsjerke bûtendyks en Herjuwsmastate op de grutte terp súdwestlik fan it doarp binnendyks. It lân fan beide states grinze fuort oan de buorren en oan it geastlik goed om it doarp, dat de abdij Foswert yn 1298 tagelyk mei it patronaatsrjocht krigen hie fan de famylje Heslinga. De stins sil dan moai wis fan foar 1298 wêze. Neffens Upcke fan Burmania (1597) soenen de Herjuwsma's de nauwe ferbûnens mei de tsjerke ta útdrukking brocht hawwe troch it fieren fan in krús yn harren wapen.

Yn 1562 wie oan de state it rjocht ferbûn om in provenier fan de abdij Klaarkamp te beneamen. De sânstiennen sinnewizer oan de Ferwerter tsjerketoer wie in kado fan Rienck fan Burmania (1640) en waard yn 1704 fernijd troch Idzard fan Burmania, frij- en erfhear fan It Amelân. Op de kape fan de toer stiet in wynwizer mei de famyljewapens fan de Burmania’s, Schwarzenberg’s en Cammingha’s, dy't grif ek troch Rienck fan Burmania skonken waard.

 
Ofgraving fan de Burmaniaterp

Herjuwsma stiet as aadlik hûs op de kaart fan Sibrandus Leo (1579) oanjûn, mar ek op dy fan Winsemius (1622) en Schotanus (1664).

De tekening fan Stellingwerf lit in grut gearstald hûs sjen mei in ferdjipping oer alles hinne. Under in selsstannich tintedak stie mooglik it midsiuwske stinsdiel, dêr't letter de fleugels omhinne boud waarden. De linker topgevel mei draaide pinakels wie mooglik ein 16e-iuwsk en soe mei de seishoekige treptoer oan de lange gevel troch Gemme fan Burmania boud wêze kinne. Ek de trepgevel fan de fleugel oan de rjochter kant lit noch de smelle finsters sjen. It ûnderste diel koe mei in lûk sletten wurde. De legere oanbou noch fierder rjochts op de tekening wie mooglik 17e iuwsk. It midsiuwske diel hie sa't it liket yn 1722 in frij resinte yngong. De útbou oan de foarkant fan it âldste diel, dat mei in laaien dak dekt like te wêzen, soe de oarspronklike treptoer west hawwe kinne.

By it ôfgraven fan de grutte terp dêr't de state op stie, de Wester- of Burmaniaterp, kamen yn 1912 de fûneminten fan it gebou foar it ljocht.

Bewenners/Eigeners

bewurkje seksje
  • ± 1500-1512 Gemme fan Herjuwsma
  • 1525 Saepk Ydsma, widdo fan Gemme, troud mei Douwe fan Burmania
  • -1602 Gemme fan Burmania
  • 1602- Tako fan Burmania (soan fan Gemme)
  • Rienk fan Burmania (soan fan Gemme)
  • Idzart fan Burmania (soan fan Sjuck, pakesizzer fan Gemme)
  • Jarich fan Burmania
  • Idzart fan Burmania
  • Jarich George fan Burmania
  • Idzart Hobbe fan Burmania
  • -1805 Frederik Willem Schratenbach van Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elward en Karstkarel - Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland,
  • Simon Wierstra - Genealogie van het adellijk geslacht van Burmania
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955
  • D. Cannegieter - Juwsma of Herjuwsma State te Ferwerd, 1883
  • Tegenwoordige Staat van Friesland, 1785
  • Webstee oer states en stinzen
  • Alde geografyske kaarten fan Ferwert