Camminghahûs 2 (Ljouwert)

It Twadde Camminghahûs yn Ljouwert stiet yn de Grutte Tsjerkestrjitte op nrs. 20 en 22. It haadhûs (nr. 22) is opdield yn apparteminten, it ‘byhûs’ nr. 20 is partikulier bewenne.

Twadde Camminghahûs

It hûs wurdt foar it earst neamd yn de midden fan de 16e iuw as it laach Cammingha in fjouwertal stinseftige wenningen yn Ljouwert besit, wêrfan der trije yn de Grutte Tsjerksterjitte stienen. De âldst bekende eigener wie Wytze fan Cammingha, dy't troch syn houlik mei Rints fan Minnema it grutte Minnemabesit mei dat fan de Cammingha's feriene. Syn seis soannen ferdielden it besit. It iene pân waard oant 1977 brûkt as Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en waard sûnttiids brûkt oant 90-er jierren troch útjouwerij Jongbloed.

Bewenners bewurkje seksje

  • 16e iuw Wytze fan Cammingha
  • - 1559 Frans fan Cammingha
  • 1559 Sybrand fan Cammingha
  • - 1606 Wytze fan Cammingha
  • 1606 - ? Frans fan Cammingha
  • ± 1615 Aede vfan Eysinga en syn frou Foeck fan Eelsma
  • 1622 Foeck van Eysinga-Eelsma
  • Willem van Haren
  • famylje Van Loo
  • - 1874 famylje Van Harinxma thoe Slooten
  • 1874 - sa. 1920 familie Sixma van Heemstra
  • 1875 Provinsjale Steaten fan Fryslân
  • sa. 1970 - sa. 1995 drukkerij Jongbloed

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: