Captain Marvel (film)
Captain Marvel is in Amerikaanske histoaryske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan Anna Boden en Ryan Fleck, mei yn 'e haadrollen Brie Larson en Samuel L. Jackson. De titel betsjut safolle as "Kaptein Mirakel", en ferwiist nei de haadpersoan. It ferhaal folget Vers, in mei boppenatuerlike krêften bejeftige froulike kommando fan 'e bûtenierdske Kree-beskaving, dy't ûntdekt dat se eins fan 'e Ierde komt, dêr't se as Carol Danvers in testpiloate foar de Amerikaanske Loftmacht wie. Alles wêrfan't se miende dat it de wierheid wie, blykt in leagen te wêzen. Se keart yn 1995 werom nei de Ierde, dy't se rêde moat fan 'e ferneatiging yn in bûtenierdske oarloch. Captain Marvel makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. As sadanich waard de film foarôfgien troch Ant-Man and the Wasp (2018) en folge troch Avengers: Endgame (2019). Captain Marvel wie de earste superheldefilm fan 'e Marvel Studios mei in frou yn 'e haadrol. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in daverjend kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In direkt ferfolch, The Marvels waard yn 2023 útbrocht.
Captain Marvel | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Anna Boden Ryan Fleck | |
produsint | Kevin Feige | |
senario | Anna Boden Ryan Fleck Geneva Robertson-Dworet | |
basearre op | Captain Marvel fan Marvel Comics | |
kamerarezjy | Ben Davis | |
muzyk | Pinar Toprak | |
filmstudio | Marvel Studios | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Brie Larson Samuel L. Jackson | |
byrollen | Jude Law Ben Mendelsohn Lashana Lynch Gemma Chan Djimon Hounsou Annette Bening | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 27 febrewaris 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 124 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $152 miljoen | |
opbringst | $1.128,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Ant-Man and the Wasp | |
● folgjend diel | Avengers: Endgame |
Plot
bewurkje seksjeYn 1995 pakt Vers, in froulik lid fan 'e Stjerrestriidkrêften fan it bûtenierdske Kree-ryk, op Hala, de haadplaneet fan 'e Kree, om mei ûnthâldsferlies en weromkearende nachtmerjes oer in âldere frou. Se is bejeftige mei boppenatuerlike krêften, spesifyk fûsten dy't begjinne te gloeien as se lulk wurdt en dêr't se ûnbidige klappen mei útdiele kin. Yon-Rogg, har kommandant en mentor, traint har om har jeften te behearskjen. De Alderheechste Yntelliginsje, de keunstmjittige yntelliginsje dy't it Kree-ryk regearret, fiteret Vers oan om har emoasjes te bedimjen. Om har te helpen is yn har nekke in chip ymplantearre dy't de tafier fan enerzjy nei har fûsten oan bannen leit.
Op in misje om in undercoveragint te rêden fan in groep Skrull, bûtenierdske stalferwikselers mei wa't de Kree yn oarloch binne, wurdt Vers kriichsfinzen nommen troch de Skrull-lieder Talos. It slagget de Skrull om tagong te krijen ta de ierste, ûnderdrukte oantinkens fan Vers, dy't suggerearje dat sy eins gjin Kree is, mar fan in primitive planeet komt dy't de Ierde hjit. De Skrull binne benammen ynteressearre yn in dr. Wendy Lawson, de âldere frou út Vers har dreamen. Se nimme Vers yn harren romteskip mei nei de Ierde, mar dêr arrivearre slagget it har om te ûntsnappen. Efterfolge troch Talos en in groep Skrull stoart se del op it planeetoerflak yn in stêd dy't Los Angeles hjit, dwers troch it dak hinne fan wat in fideoteek blykt te wêzen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De befeiligingsman dy't har delkommen sjoen hat, warskôget de autoriteiten, en spesjaal aginten Nick Fury en Phil Coulson fan S.H.I.E.L.D., in feilichheidstsjinst dy't him dwaande hâldt mei it paranormale, geane op ûndersyk út. Harren ûnderfreging fan Vers wurdt lykwols rou ûnderbrutsen troch in oanfal fan 'e Skrull. Vers jaget de Skrull op 'e flecht troch enerzjyprojektilen ôf te sjitten út har fûsten, en yn 'e resultearjende efterfolging kriget se in kristal yn 'e hannen dat har troch de Skrull oproppen oantinkens befettet. Underwilens deadet Fury in Skrull dy't it stal fan syn kollega Coulson oannommen hat en as it wêzen nei de dea syn oarspronklike uterlik weromkriget, kin Fury net oars as tajaan dat Vers har ferhaal oer stalferwikseljende bûtenierdske wêzens dy't de Ierde ynfiltrearre hawwe, op wierheid berêst.
Yn 'e foarm fan Fury syn sjef Keller jout Talos Fury opdracht om Vers werom te finen en har yn 'e rekken te hâlden, mar nimmen oars by it ûndersyk te belûken om't eltsenien ommers in Skrull yn momkape wêze kin. Vers giet op 'e siik nei de loftmachtbasis dêr't har flarderige oantinkens oer geane en nei in logo dat fan Projekt Pegasus blykt te wêzen, in topgeheim projekt fan 'e Amerikaanske Loftmacht dêr't dr. Lawson by belutsen wie. Fury jout him by har en sy nimt him op sleeptou. Se geane nei in geheim argyf fan 'e Amerikaanske oerheid, dêr't se ûntdekke dat Projekt Pegasus in besykjen wie om flugger-as-ljochtreizgjen út te finen. It hiele projekt kaam út 'e koker fan dr. Lawson. Vers, dy't eins Carol Danvers blykt te hjitten, wie ien fan 'e testpiloaten fan it projekt. Sy en Lawson soene seis jier lyn, yn 1989, omkommen wêze by in testflecht, wêrnei't de Amerikaanske oerheid it rottekrûddjoere faalde projekt opdoekt hat en beard hat dat it nea bestien hat.
Fury hat ûnderwilens temûk Keller fan harren lokaasje op 'e hichte steld, mar as net Keller mei in team fan S.H.I.E.L.D., mar Talos mei in stikmannich Skrull opdaagjen komt, kriget Fury foar it ferstân dat de Keller dêr't er mei kommunisearret eins sels in Skrull is. Dêrop helpt er Danvers om oan 'e Skrull te ûntkommen yn in eksperiminteel strielfleantúch fan Projekt Pegasus, yn 'e mande mei in ferstekling: Lawson har kat Goose. Se fleane nei Louisiana ta, dêr't Maria Rambeau wennet, in oare eardere testpiloate, de bêste freondinne fan Danvers en de lêste dy't har en Lawson yn libben sjoen hat. Rambeau en har alvejierrige dochter Monica fertelle Danvers oer har ferline. Talos arrivearret ûnbewapene en leit út dat de Skrull eins flechtlingen binne dy't besykje te ûntkommen oan 'e genoside dy't de Kree tsjin harren útfiere. Dr. Lawson wie eins Mar-Vell, in rebelske Kree-wittenskipster dy't harren besocht te helpen troch harren de mooglikheid ta flugger-as-ljochtreizgjen te jaan, sadat alle Skrull mei-inoar útnaaie kinne soene nei in nije wrâld fier fuort fan 'e ynfloedssfear fan it Kree-ryk.
Talos hat in lûdsopname fan 'e swarte doas fan it eksperimintele fleantúch fan dr. Lawson meinommen, dy't er yn it stal fan Keller út 'e argiven fan oerheid stellen hat. Hy spilet de opname ôf foar Danvers en helpt har sa har ûnthâld werom te krijen. Wylst se nei de opnamen harket, wit Danvers wer dat Lawson by de lêste testflecht agitearre wie, mei't se derfan oertsjûge wie dat "sy" har ûntdutsen hiene en dat har útfining op it punt stie om yn ferkearde hannen te fallen. Se woe sels mei har útfining útnaaie, mar Danvers woe dêr neat fan witte en klom as piloat yn 'e cockpit, mei Lawson efter har as navigator. Op harren flecht waarden se efterfolge troch in bûtenierdsk romteskip, dat harren delskeat. Se oerlibben it delstoarten, mar Lawson, dy't slim ferwûne rekke wie, blette blaukleurich bloed. Se sei dat se har útfining ferneatigje moast foar't dy stellen waard, mar se waard deasketten ear't se it wrak fan it fleantúch opblaze koe.
Danvers beseft dat se dat barren hieltyd yn har nachtmerjes weromsjoen hat, mar ynstee dat it in Skrull wie dy't troch de reek op har takaam, wie it eins Yon-Rogg. Ear't er by it wrak komme koe, blies Danvers dat op, wat fanwegen de útfining fan Lawson ta in bûtenproporsjoneel swiere eksploazje late. Danvers rekke behelle yn 'e skokweach en har lichem absorbearre de enerzjy fan 'e flugger-as-ljochtmotor, wat ferklearret hoe't sy oan har boppeminsklike krêften komt. Itselde barren taaste lykwols ek har mentale fermogens oan en soarge foar duorjend ûnhâldsferlies.
Talos seit dat de Skrull de enerzjyboarne sykje dy't Lawson foar har útfining brûkte. Dy is nammentlik net yn 'e ûntploffing fan fleantúch ferlern gien, sa't Danvers en Yon-Rogg mienden, mei't it fleantúch inkeld in motor omfette dy't gebrûk makke fan 'e enerzjyboarne. Danvers lokalisearret it laboratoarium fan Lawson yn in Kree-romteskip dat yn kamûflearre foarm yn in baan om 'e Ierde rûntsjedraait. Sy, Fury, Rambeau en Talos sette dêrhinne ôf, op 'e nij beselskippe fan 'e kat Goose, dêr't Talos benaud foar is om't er, ta fermaak fan Fury, yn it húsdier in gefaarlik bûtenierdsk bist, in Flerken, mient werom te kennen.
Yn Lawson har laboratoarium treft de groep inkele tsientallen Skrull-flechtlingen oan, ûnder wa de frou en dochter fan Talos. De enerzjyboarne dy't Lawson brûkte is de Tesseract (ien fan 'e Ivichheidsstiennen), dy't Danvers ferberget yn in itenstrompke. Ear't se it laboratoarium ferlitte kinne, wurdt de hiele groep finzen nommen troch Yon-Rogg en de oare kommando's fan 'e Stjerrestriidkrêften fan it Kree-ryk, dy't Danvers nei de Ierde folge binne. Yon-Rogg twingt Danvers ta kommuny mei de Alderheechste Yntelliginsje yn it folste fertrouwen dat dy har wer ta hearrigens bringe kin. Mar Danvers is poerrazen oer it ferrie fan 'e Kree en ferset har út alle macht tsjin 'e keunstmjittige yntelliginsje. Wannear't dat allegearre omdôch is, falt it har ynienen yn dat se altyd al mei ien hân op 'e rêch bûn fjochtet. Se skuort de chip út har nekke dy't de stream fan 'e enerzjy troch har lichem beheint. No gloeie net inkeld har fûsten, mar har hiele lea.
Mei har nij fûne krêft en selsfertrouwen slagget it har om har los te skuorren út 'e kommuny mei de Alderheechste Yntelliginsje en har boeiens te ferbrekken. Se weeft ôf mei Yon-Rogg en syn manskippen, wylst Fury en Rambeau de Skrull befrije. Talos blykt gelyk hân te hawwen oer Goose de kat: dy is eins gjin kat mar in Flerken, dy't op in ûnferwachts mar goed fan pas kommend stuit ferskate leden fan 'e Stjerrestriidkrêften ferslynd. Hy slokt ek de Tesseract troch. Underwilens is Ronan de Beskuldiger mei in Kree-float by de Ierde arrivearre om 'e planeet te ferneatigjen, mar Danvers ferneatiget ynstee harren bommen en ien fan harren romtekrusers en jaget de hiele float op 'e flecht. Yon-Rogg jout se in wan bruien en stjoert him dan werom nei Hala mei it boadskip dat se fan doel is en kom del om ferhaal te heljen.
Neitiid nimt Danvers ôfskie fan Fury, Rambeau en Monica en set se ôf om 'e Skrull te helpen by it sammeljen fan harren folk en harren syktocht nei in nije thúswrâld. By Fury lit se in oanpaste piper efter om kontakt mei har op te nimmen yn gefal fan need. Om 'e Ierde te beskermjen tsjin nije oanfallen fan bûtenôf beslút Fury in team fan superhelden byinoar te bringen dat er ferneamt nei de oanropnamme dy't Danvers by de loftmacht hie: Avenger.
Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, is it 2018 en wurdt de aktivearre piper yn 'e rekken holden troch de Avengers, dy't eins net begripe wat it apparaat docht. Se binne ek mear besteld mei de neisleep fan 'e striid tsjin 'e selsútroppen god Thanos, dy't 50% fan alle libben yn it hielal útrûge hat (sjoch: Avengers: Infinity War). Midden yn harren berie ferskynt Carol Danvers hommels yn it fermidden en wol witte wêr't Fury is. Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling springt Goose de "kat" op it buro fan Fury en koarret de Tesseract op.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Carol Danvers / Vers / Captain Marvel | Brie Larson |
spesjaal agint Nick Fury | Samuel L. Jackson |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Yon-Rogg | Jude Law |
Talos / Keller | Ben Mendelsohn |
Maria Rambeau | Lashana Lynch |
Minn-Erva | Gemma Chan |
Korath | Djimon Hounsou |
Mar-Vell / dr. Wendy Larson | Annette Bening |
spesjaal agint Phil Coulson | Clark Gregg |
Monica Rambeau (11 jier) | Azari Akbar |
Att-Lass | Algenis Pérez Soto |
Bron-Char | Rune Temte |
Ronan de Beskuldiger | Lee Pace |
Alderheechste Yntelliginsje | Annette Bening |
Soren, de frou fan Talos | Sharon Blynn |
dochter fan Talos | Auden en Harriet Ophuls |
motorrider | Robert Kazinsky |
Soh-Larr | Chuku Modu |
heit Danvers | Kenneth Mitchell |
Steve Danvers | Colin Ford |
Monica Rambeau (5 jier) | Akira Akbar |
man yn trein | Stan Lee (cameo) |
Steve Rogers / Captain America | Chris Evans (cameo) |
Natasha Romanoff / Black Widow | Scarlett Johansson (cameo) |
Bruce Banner / de Hulk | Mark Ruffalo (cameo) |
James Rhodes / War Machine | Don Cheadle (cameo) |
Goose de kat | Reggie, Archie, Rizzo en Gonzo |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeYn 2013 kundigen de Marvel Studios oan dat se belangstelling hiene foar it meitsjen fan in superheldefilm mei in froulike haadrol. Yn augustus 2014 sei filmprodusint Kevin Feige dat sa'n film, mei as titel Captain Marvel yn preproduksje nommen wie. De film waard regissearre troch Anna Boden en Ryan Fleck nei in senario fan harrensels en Geneva Robertson-Dworet op basis fan 'e strips oer Captain Marvel fan útjouwerij Marvel Comics. As produsint wie Feige by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $152 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Davis, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Pinar Toprak. Aktrise Brie Larson waard op 'e San Diego Comic-Con fan 2016 presintearre as de haadrolspylster fan Captain Marvel.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Captain Marvel setten op 19 maart 2018 útein en duorren oant en mei 6 july fan dat jier. Der waard mei opsetsin in misliedende wurktitel brûkt, te witten: Open World, sadat de filmsets net ûnder de foet rûn wurde soene troch fans fan 'e Marvel Cinematic Universe-rige. De film waard foar it meastepart opnommen yn it studiokompleks fan 'e Sony Pictures Studios yn Culver City, in foarstêd fan Los Angeles.
Guon sênes waarden op lokaasje filme, wêrfan de measten yn Los Angeles. Inkelen dy't dêrbûten opnommen waarden, wiene in flashback nei in merke yn 1986 (yn Oxnard) en de sêne by it delstoarte testfleantúch by Shaver Lake yn 'e neite fan Fresno. Der waard ek filme yn Simi Valley en Lucerne Valley. Oanfoljend byldmateriaal waard opnommen op 'e Loftmachtbasis Edwards yn it binnenlân fan Súdlik Kalifornje. De sênes by de wente fan Maria Rambeau waarden filme by Baton Rouge, yn Louisiana.
Foar de senes mei de kat Goose waarden fjouwer ûnderskate katten brûkt, mar dy bylden waarden pas letter mei bylden fan aktrise Brie Larson kombinearre. Ynstee waard by har opnamen in reälistyske pop fan in kat brûkt, mei't sy tige allergysk is foar kattehier. De special effects foar Captain Marvel, dy't yn 'e postproduksjefaze oan 'e film tafoege waarden, wiene makke troch Industrial Light & Magic (ILM), Digital Domain en tsien oare special-effectsbedriuwen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Captain Marvel waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De wrâldpremiêre fan 'e film waard op 27 febrewaris 2019 holden yn Londen. Op 4 maart folge der in nasjonale Amerikaanske premiêre yn Hollywood. Captain Marvel iepene dêrnei op 8 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 8 maart 2019 by de platemaatskippijen Hollywood Records en Marvel Music. Captain Marvel waard op 28 maaie 2019 útbrocht as digitale download en kaam op 11 juny fan dat jier út op dvd en blu-ray. Captain Marvel wie de earste film fan Walt Disney Studios Motion Pictures dy't net foar streaming te sjen wie op Netflix, mar ynstee foar dat medium útbrocht waard op Disney's eigen streamingtsjinst Disney+.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Captain Marvel oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Kenneth Turan yn 'e Los Angeles Times de aktearprestaasje fan haadrolspylster Brie Larson. Oer de film sels skreau er: "Marvel hat leard, sa't dizze film bewiist, dat sels in special effects-swiere reus derfan opknapt as de rezjy in minsklike ynstee fan in programmatyske styl hat, dy't karakterisearring en nuânse begrypt en sênes skeppe kin mei in emosjonele lading dy't wy faaks net ferwachtsje." Yn The New York Times skreau A.O. Scott dat de film "net te lang is, himsels net te serieus nimt, en syn foardiel docht mei de feardichheden en talinten fan in cast dy't Annette Bening, Jude Law en Ben Mendelsohn omfettet."
Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times parte Captain Marvel 31/2 fan 4 stjerren ta en fûn it "in wiere traktaasje" om 'e oarsprongsferhalen te folgjen fan sawol Carol Danvers as Nick Fury. Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers de film 4 fan 4 stjerren. Hy hie fral lof foar it aktearjen fan Larson, dy't "lagen fan gefoelens tafoeget oan in rol dy't in mindere aktrise miskien wol meiliftsje litten hie op 'e special effects allinne". Anthony Lane fan The New Yorker skreau: "De superheldesinema hat út foarholden, oant yn it ûneinige, dat bûtengewoane jeften in navenante ferantwurdlikheid meibringe. Hulde oan Larson dat se ús yn 't sin bringt dat sokke jeften ek in boarne fan wille wêze kinne.
Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal skreau dat Carol Danvers "in gadingmakster foar oprjochte heldhaftigens" wie, mar hy ûnderfûn yn Captain Marvel "in fûnemintele dissonânsje tusken de djipgong fan har lot en de ûnnoazele dusoarder fan it skript." In foarbyld fan in resinsint dy't net wei wie fan Captain Marvel, wie Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter, dy't de film omskreau as "gewoantsjes [en] beynfloede troch in senario sûnder ferbyldingskrêft, smjunten dêr't ienentweintich fan yn in snies geane, in smaakleaze fisuele styl en in brekme oan elan op elts nivo."
David Ehrlich fan IndieWire joech Captain Marvel in 51/2 op in skaal fan 1 oant 10. Neffens him wie it "gjin weromkear nei dy goeie âlde tiid, noch in ynspirearjende blik op 'e takomst […]. It is gewoan wer in Marvel-film. En net iens in bot goedenien." Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club fûn de film teloarstellend. Neffens him hie de film "alles dat men fan in science fiction-superheldefilm ferwachtsje mocht, as men al hiel lang net sa'n film sjoen hat." En Richard Brody fan The New Yorker, ta einbeslút, ferliek Captain Marvel mei in filmke yn 'e stjoertiid foar politike partijen dat "in weardich boadskip omfettet, [mar] amper yn tel is as estetyske ûnderfining."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Captain Marvel in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 552 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] sit smoarfol aksje, humor en fisuele spanning, en yntrodusearret de jongste heldinne fan it Marvel Cinematic Universe mei in oarsprongsferhaal dat effektyf gebrûk makket fan 'e bekende formule fan 'e mediafranchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Captain Marvel in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 56 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfining befrege waarden troch CinemaScore, joegen Captain Marvel in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCaptain Marvel brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $426,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $701,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.128,4 miljoen, oftewol rom $1,1 miljard. Ofset tsjin it budget fan $152 miljoen betsjut dat in winst fan $976,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Captain Marvel de op fjouwer nei meast opbringende film fan 2019, nei Avengers: Endgame, The Lion King, Frozen 2 en Spider-Man: Far from Home. It wie de earste superheldefilm mei in froulike haadpersoan dy't mear as $1 miljard yn 't laadsje brocht. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Captain Marvel op $414 miljoen.
Prizen
bewurkje seksjeDe iennichste relatyf wichtige priis dy't Captain Marvel wûn, wie de MTV Movie Award foar bêste gefjocht (Brie Larson tsjin Gemma Chan). Wol waard de film nominearre foar 3 Saturn Awards (bêste stripferfilming, bêste regisseur en Larson as bêste aktrise); de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm); de Nebula Award foar bêste dramatyske presintaasje; 5 People's Choice Awards (bêste film, bêste aksjefilm, Larson as bêste aktrise, Samuel L. Jackson as bêste akteur en Larson as bêste aksjefilmstjer), de MTV Movie Award foar bêste filmheld (Larson); 4 Teen Choice Awards (favorite aksjefilm, Larson as favorite aktrise yn in aksjefilm, Jackson as favorite akteur yn in aksjefilm en Jude Law as favorite filmsmjunt); en 3 Nickelodeon Kids' Choice Awards (favorite film, Larson as favorite filmaktrise en Larson as favorite superheld).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Captain Marvel
- (in) Ynformaasje oer Captain Marvel yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|