Cees van Drongelen
Cees van Drongelen (Delft, 22 oktober 1936 – Soest, 20 maaie 2021) wie in Nederlânske radio- en telefyzjepresintator.
Cees van Drongelen | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Van Drongelen by Kunst en Kitsch, 1992 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cornelis Pieter van Drongelen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 oktober 1936 | |
berteplak | Delft | |
stoarn | 20 maaie 2021 (84 jier) | |
stjerplak | Soest | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Presintator | |
medium | Telefyzje | |
wurksum by | AVRO | |
bekend fan | Tussen Kunst en Kitsch | |
jierren aktyf | 1953 – 2002 |
Karriêre
bewurkje seksjeVan Drongelen syn karriêre begûn yn de jierren 1950 by de AVRO syn jeugdôfdieling Minjon. Fan 1958 ôf wied er purser by de KLM. Yn jannewaris 1963 waard er omropper by de Wrâldomrop.[1] Op de radio presintearre er fan 1964 ôf oan 1964 AVRO's Radiosjoernaal; syn debút op telefyzje wie by it aktualiteiteprogramma Televizier. Letter presintearre er ek programmas sa as AVRO's Sterrenslag en Jonge mensen op weg naar het concertpodium. It meast bekend waard er as presintator fan it programma Tussen Kunst & Kitsch, dat er ek betocht hie en dat er achtjin jier presintearre. Hy makke sa'n 250 ôfleveringen fan Tussen Kunst & Kitsch. Mei Liesbeth Brandt Corstius en Simone Wiegel presintearre er yn 1995 en 1996 it programma Kunst te kijk, dêr't eigentiidske keunstwurken yn ferlotte waarden.[2]
Yn syn frije tiid skreau Van Drongelen eroatyske limmeriks. Yn 1992 ferskynde de bondel "Een golvende Goeroe uit Bombay..." mei in stikmannich fan syn limmeriks.[3]
Cees van Drongelen gie yn 2002 mei pinsjoen en waard by Tussen Kunst & Kitsch opfolge troch Nelleke van der Krogt. Hy stoar yn 2021 yn de âldens fan 84 jier.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|