Cerisy-la-Forêt is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Manche (regio Normandje). It doarp makket diel út fan it arrondissemint Saint-Lô. Bayeux leit 18 kilometer noardeastlik, Saint-Lô, prefektuer fan it departemint, 14 km súdwestlik en Caen 42 km eastlik.

Cerisy-la-Forêt
Abdijtsjerke
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Manche
Sifers
Ynwennertal 1.031 (2018)
Oerflak 23,81 km²
Befolkingstichtens 43 / km²
Hichte 34-131 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2

De ierste fermelding fan Cerisy-la-Forêt stamt út de 6e iuw, yn de tiid doe't Vigorus, de lettere biskop fan Bayeux, it gebiet kristene. De evangelist krige fan de lokale hear fiifentwintich doarpen om him te tankjen foar it de ferlossing fan "in heislike slang dy't minsken en bisten fermoarde". Vigorus stifte in oan Petrus en Paulus wijd kleaster op it plak wat earder foar druïden in hillich plak wie. Yn de 9e iuw waard it gebiet troch Wytsings oerfallen. Hja plonderen yn 891 Bayeux en it kleaster waard ferneatige.

Kening Karel III joech Rollo it gebiet, dêr't letter Normandje út ûnstie en Cerisy waard in wichtich plak. Rollo joech ek opdracht ta de bou fan in abdij, dy't bestie út tsientallen parochy's en acht priorijen, wêrûnder twa yn Ingelân (Sherborne en Peterborough). De abdij waard yn de Frânske Revolúsje opheft.

Untwikkeling ynwennertal

bewurkje seksje

De ûntwikkeling fan it ynwennertal is as folget:

1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2012 2018
1.103 1.051 923 941 784 839 900 936 1031

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De romaanske abdijtsjerke en de goatyske Sint-Gerebolduskapel op it eardere abdijgebiet.
  • Twa châteaux: it Château de La Boulaye út de 18e-20e iuw en it Château de La Couespellière út de 16e-19e iuw. Beide kastieltsjes hawwe in oan Us-Leaffrou wijde kapel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: