Charles Dance (folút: Walter Charles Dance; Rednal, 10 oktober 1946) is in Ingelsk akteur, senarioskriuwer en regisseur. As akteur wurdt er benammen cast yn 'e rol fan smjunten. Hy is it bekendst wurden as Jonathan Clemens yn Alien 3, Benedict yn Last Action Hero, Lord Havelock Vetinari yn Terry Pratchett's Going Postal, Tywin Lannister yn Game of Thrones, kening Karel II fan Ingelân yn 'e Nederlânske histoaryske film Michiel de Ruyter en lord Mountbatten yn 'e dramasearje The Crown.

Charles Dance
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Walter Charles Dance
nasjonaliteit Britsk
berne 10 oktober 1946
berteplak Rednal (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Waalsk
jierren aktyf 1971 – no
prizen 2 × SAG Award
offisjele webside
Charles Dance yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Dance waard yn 1946 berne yn Rednal, yn it Ingelske greefskip West-Midlannen, as de soan fan Walter Dance (1874-1949), in elektrisiên dy't ûnder de Twadde Boere-oarloch yn Súd-Afrika tsjin 'e Afrikaners fochten hie, en dy syn frou Eleanor Marion Perks, in kokkinne. Dance groeide op yn Plymouth, oan 'e Ingelske súdkust, en genoat middelber ûnderwiis yn Crownhill oan 'e jongesskoalle Widey Technical School for Boys (dy't by de sluting yn 1988 de Widey High School hiet). Neitiid learde er troch oan it Leicester College of Arts (no de De Montfort Universiteit) yn Leicester, dêr't er grafysk ûntwerpen en fotografy studearre.

Dance syn heit kaam te ferstjerren doe't er sels noch mar trije jier âld wie. Hy hie altyd miend dat syn heit doe fyftich jier of justjes âlder west hie, mar yn 2016, doe't er mei die oan it geneälogysk tillefyzjeprogramma fan 'e BBC Who Do You Think You Are?, ûntdiek er dat syn heit eins berne wie yn 1874. De man wie dus 72 jier doe't Dance berne waard en 75 doe't er stoar. Dance kaam doe ek te witten dat syn heit in earder gesin hân hie, en dat er yn Súd-Afrika noch omkesizzers hie. Fierders krige er te hearren dat er fia syn mem Waalske foarâlden hat, dy't oarspronklik út Spa kamen. Syn foarfaar Charles François Futvoye (1777-1847) wie nei Ingelân ta emigrearre, dêr't er him yn 'e iere njoggentjinde iuw ûntjoech ta in pionier op it mêd fan japannisearjen, in Jeropeeske imitaasje fan Eastaziatysk lakwurk.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Toaniel bewurkje seksje

Nei't er syn stúdzje yn Leicester ôfrûne hie, sette Dance útein mei in wurkpaad as akteur, wêrby't er yn 't earstoan benammen op 'e planken stie. Fan 'e midden oant de ein fan 'e 1970-er jierren wied er lid fan 'e Royal Shakespeare Company (RSC), ien fan 'e meast foaroansteande toanielselskippen fan it Feriene Keninkryk. Hy wie yn dy snuorje belutsen by in grut tal produksjes fan 'e RSC yn sawol Londen as Stratford-upon-Avon, it berteplak fan Shakespeare. Dêrby spile er û.m. Fortinbras yn Hamlet, Catesby yn Richard III, kening Hindrik V fan Ingelân yn Hindrik V, prins Jan fan Lancaster yn Hindrik IV, Diel 1 en Hindrik IV, Diel 2, en Oliver yn Nei Jim Beleavjen.

Ein 1980-er jierren kearde Dance werom nei de RSC om yn in produksje fan it stik Koriolanus de titelrol te fertolkjen by optredens yn Londen, Stratford-upon-Avon en Newcastle-upon-Tyne. Yn 2007 spile Dance fierders yn in revival fan it stik Shadowlands, fan William Nicholson, de rol fan 'e skriuwer C.S. Lewis. Dêrfoar waard him fan alle kanten ôf lof taswaaid, en hy ûntfong der de Critic's Circle Theatre Award foar yn 'e kategory bêste akteur.

Tillefyzje bewurkje seksje

Yn 1974 wie Dance foar it earst op 'e tillefyzje te sjen, yn 'e ôflevering The Secret Garden fan 'e searje Father Brown, yn 'e rol fan kommandant Neil O'Brien. In jier letter wied er yn 'e dramasearje Edward the Seventh te sjen as prins Albert Fiktor, hartoch fan Clarence en Avondale, de slampamperjende soan fan kening Edwert VII. By it Britske tillefyzjepublyk waard Dance lykwols pas bekend doe't er yn 1984 de haadrol fan Guy Perron krige yn 'e searje The Jewel in the Crown, in adaptaasje fan 'e romanrige fan Paul Scott, dêr't ek Geraldine James en Art Malik bekend troch waarden. Yn 1989 spile Dance Ian Fleming, de geastlike heit fan geheim agint James Bond, yn 'e dramatisearre twadielige biografyske minysearje Goldeneye, dy't ferneamd wie nei Fleming syn lângoed op Jamaika (letter ek de namme fan in James Bond-film).

Op 'e tillefyzje spile Dance fierders yn searjes as Murder Rooms, Randall and Hopkirk (Deceased), Rebecca en Fingersmith. Yn 1990 hied er de titelrol yn in tillefyzje-adaptaasje fan 'e musical The Phantom of the Opera, en yn 2000 spile er de Britske steatsman Winston Churchill yn The History of Britain. Ek fertolke er de rol fan 'e nazy-propagandist Guy Spencer yn in ôflevering fan 'e searje Foyle's War, yn 2002, en de hartoch fan Buckingham yn 'e tillefyzjefilm Henry VIII, yn 2003. Foar syn rol yn 'e dramarige Bleak House, út 2005, waard er nominearre foar in Amerikaanske Emmy Award yn 'e kategory bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm.

Yn 2009 hie Dance in weromkearende rol as dokter Edmund Maltraver yn acht ôfleverings fan 'e ITV-rige Trinity, en yn it jiers dêrop spile er Lord Havelock Vetinari yn twa ôfleverings fan 'e tillefyzjeferfilming fan 'e komyske fantasyroman Going Postal, fan Terry Pratchett. Fan 2011 oant en mei 2015 wie Dance fierders te sjen yn 'e populêre Amerikaanske fantasysearje Game of Thrones, nei de ferneamde romanrige fan George R.R. Martin. Hy spile dêryn de ûnmeilydsume ealman Tywin Lannister, in rol dy't treflik by Dance paste, mei't er sa stadichoan benammen frege waard foar de rol fan antagonisten. As Tywin Lannister krige er foar it earst ek bûten it Feriene Keninkryk bekendheid.

Yn 2012 hie Dance de rol fan 'e wichtichste antagonist, Conrad Knox, yn 'e aksjesearje Strike Back: Vengeance. Yn 2014 wie Dance te sjen as Lord Denton yn 'e minysearje The Great Fire, oer de Grutte Brân fan Londen yn 1666, en yn 2015 as generaal Ian Standish Monteith Hamilton yn Deadline Gallipoli, oer de tige bloedige Slach om Gallipoli, yn 'e Earste Wrâldoarloch. Ek yn 2015 spile er rjochter Lawrence Wargrave yn 'e minysearje And Then There Were None, basearre op in roman fan Agatha Christie. Dance fertolke yn it trêde en fjirde seizoen (2019-2020) fan 'e dramarige The Crown, oer de Britske monargy, de rol fan lord Louis Mountbatten, 1e greve Mountbatten fan Birma, in neef fan keninginne Elizabeth II en de lêste ûnderkening fan Britsk-Ynje. Foar dy rol waard er nominearre foar de Emmy Award foar bêste gastrol yn in dramasearje.

Films bewurkje seksje

Op it wite doek makke Dance syn debút yn 1981 yn 'e James Bond-film For Your Eyes Only, as de boasaardige trewant Claus. Yn 1987 spile er yn it filmdrama White Mischief, oer it koloniale ferline fan 'e Britten yn Kenia, en yn 1992 hied er de rol fan 'e finzenisdokter Jonathan Clemens yn 'e Amerikaanske science fiction-film Alien 3, mei Sigourney Weaver yn 'e haadrol. It jiers dêrop hied er op 'e nij in smjunterol as de snoade hiermoardner Benedict, yn Last Action Hero, mei Arnold Schwarzenegger yn 'e haadrol. Dance spile yn 'e 1990-er jierren fierders yn films as de science fictionkomeedzje Space Truckers (1996), de biografyske film Michael Collins (1996), it eroatysk drama The Blood Oranges (1997) en it leafdesdrama Don't Go Breaking My Heart (1998).

Nei de iuwwiksel wied er te sjen yn films as Gosford Park (2001), The Life and Adventures of Nicholas Nickleby (2001), Ali G Indahouse (2002), Swimming Pool (2003), Scoop (2006) en de ridderfilm Ironclad (2011). Hy spile kening Tallious yn Your Highness (2011), William Methwold yn Midnight's Children (2012) en Thomas yn 'e fampierefilm Underworld: Awakening (2012). As stimakteur wie Dance belutsen by de tekenfilm Justin and the Knights of Valour (2013). Datselde jiers spile er Lord Dudley yn 'e Russyske film Vij, fan regisseur Oleg Steptsjenko. Ek wied er te sjen as in masterfampier yn Dracula Untold (2014), as kaptein-luitenant-op-see Alastair Denniston yn The Imitation Game (2014) en yn 'e titelrol yn Victor Frankenstein (2015).

Yn 2015 hie Dance wer de rol fan 'e antagonist doe't er kening Karel II fan Ingelân spile yn 'e Nederlânske histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de 17e-iuwske seeheld mei deselde namme (spile troch Frank Lammers). Regisseur Roel Reiné en filmprodusint Klaas de Jong hiene Dance foar dy rol cast om't se foar harren film in akteur fan ynternasjonale alluere sochten. Yn 2016 wie Dance te sjen yn films as it bizarre komeedzjehorror-kostúmdrama Pride and Prejudice and Zombies, de romantyske dramafilm Me Before You, de remake fan Ghostbusters, de spionaazjeskriller Despite the Falling Snow en de fampierefilm Underworld: Blood Wars.

Yn 2018 spile Dance nochris Lord Dudley yn 'e Russyske film Vij 2: Journey to China. Datselde jiers hied er in cameo yn 'e spionaazjekomeedzje Johnny English Strikes Again. Yn 2019 wied er te sjen yn 'e meunsterfilm Godzilla: King of Monsters. Dance spile yn 2020 yn 'e film Mank de Amerikaanske krantemagnaat William Randolph Hearst, wêrby't er Gary Oldman en Amanda Seyfried as tsjinspilers hie. It jiers dêrop fertolke er de rol fan 'e Britske generaal en minister Herbert Kitchener, 1e greve Kitchener yn 'e aksjekomeedzje The King's Man.

Oare aktiviteiten bewurkje seksje

Yn 2004 regissearre Dance foar it earst sels in film, te witten: Ladies in Lavender, mei yn 'e haadrollen Judi Dench en Maggie Smith. Hy hie foar dy film ek sels it senario skreaun. Yn 2009 regisearre er, op 'e nij op basis fan in eigen senario, The Inn at the Edge of the World, nei de roman mei deselde namme fan Alice Thomas Ellis.

Priveelibben bewurkje seksje

Dance troude yn 1970 mei Joanna Haythorn, mei wa't er twa bern krige. Harren houlik einige yn 2004 yn in skieding. Neitiid hied er in skoft in relaasje mei Eleanor Boorman, mei wa't er in dochter krige. Op 17 juny 2006 waard Dance beneamd ta ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE).

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1974 Father Brown kommandant Neil O'Brien gastrol; ôfl. The Secret Garden
1974 The Inheritors Simon Leadbetter gastrol; ôfl. Fathers and Sons
1975 Edward the Seventh prins Albert Fiktor, hartoch fan Clarence en Avondale weromkearende rol; 2 ôfl.
1977 Raffles Teddy Garland gastrol; ôfl. Mr. Justice Raffles
1980 Play for Today Colin gastrol; ôfl. Dreams of Leaving
1982 Nancy Astor Edward Hartford-Jones gastrol; ôfl. Guest for the Weekend
1983 The Professionals Parker gastrol; ôfl. The Ojuka Situation
1983 The Last Day Alan tillefyzjefilm
1984 Play for Today kaptein John Truman gastrol; ôfl. Rainy Day Women
1984 The Jewel in the Crown Guy Perron weromkearende rol; 5 ôfl.
nom. BAFTA TV Award foar bêste akteur
1984 The Secret Servant Harry Maxim minysearje
1985 Time for Murder James Latimer gastrol; ôfl. This Lightning Always Strikes Twice
1987 Out on a Limb kaptein Truman weromkearende rol; 2 ôfl.
1987 Tales of the Unexpected Robert Smythe gastrol; ôfl. Skeleton in the Cupboard
1988 First Born Edward Forester weromkearende rol; 3 ôfl.
1988 Out of the Shadows Michael Hayden tillefyzjefilm
1989 Goldeneye: The Secret Life of Ian Fleming Ian Fleming haadrol; 2 ôfl.
1989 Mission: Impossible premier fan it Feriene Keninkryk gastrol; ôfl. Command Performance
1990 The Phantom of the Opera Erik / it spûk minysearje
1996 Undertow Lyle Yates tillefyzjefilm
1997 Rebecca Maxim de Winter weromkearende rol; 2 ôfl.
1997 In the Presence of Mine Enemies kaptein Richter tillefyzjefilm
1999 Chrono-Perambulator James "Dougie" Douglas tillefyzjespecial
2000 The Real Spartacus ferteller dokumintêre
2000 Mysteries of the Real Sherlock Holmes sir Henry Carlyle gastrol; ôfl. The Dark Beginnings of Sherlock Holmes
2000 A History of Britain premier Winston Churchill as stimakteur; gastrol; ôfl. The Two Winstons
2000 Randall & Hopkirk (Deceased) Kenneth Crisby gastrol; ôfl. Drop Dead
2001 The Life and Adventures of Nicholas Nickleby   Ralph Nickleby tillefyzjefilm
2002 Foyle's War Guy Spencer gastrol; ôfl. The White Feather
2002 Dan Dare: Pilot of the Future kolonel Simon Lasker as stimakteur; gastrol; ôfl. Pilot of the Future
2003 Henry VIII Edwert Stafford, 3e hartoch fan Buckingham tillefyzjefilm
2003 Trial and Retribution Greg Harwood tillefyzjefilm
2003 Looking for Victoria Charles Greville tillefyzjefilm
2004 When Hitler Invaded Britain ferteller dokumintêre
2004 Saint John Bosco: Mission to Love markys Clementi tillefyzjefilm
2005 Fingersmith dhr. Lilly weromkearende rol; 2 ôfl.
2005 Bleak House Tulkinghorn weromkearende rol; 12 ôfl.
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2005 To the Ends of the Earth sir Henry Somerset gastrol; ôfl. Close Quarters
2005 Last Rights Richard Wheeler weromkearende rol; 3 ôfl.
2005 Titanic: Birth of a Legend ferteller dokumintêre
2006 Marple: By the Pricking of My Thumbs Septimus Bligh gastrol; ôfl. By the Pricking of My Thumbs
2007 Fallen Angel David Byfield weromkearende rol; 3 ôfl.
2007 Consenting Adults John Wolfenden tillefyzjefilm
2009 Merlin Aredian gastrol; ôfl. The Witchfinder
2009 Trinity dokter Edmund Maltravers weromkearende rol; 8 ôfl.
2010 Going Postal Havelock Vetinari weromkearende rol; 2 ôfl.
2010–2011 Rosamunde Pilcher's Shades of Love Edmund Aird weromkearende rol; 4 ôfl.
2011 Neverland dr. Richard Fludd gastrol; ôfl. Part 1
2011–2015 Game of Thrones Tywin Lannister fêste rol; 27 ôfl.
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2014 en 2015)
2012 Secret State John Hodder weromkearende rol; 4 ôfl.
2012 Strike Back: Vengeance Conrad Knox weromkearende rol; 10 ôfl.
2013 Bones of the Buddha ferteller dokumintêre
2014 The Great Fire lord Denton weromkearende rol; 4 ôfl.
2015 Childhood's End Karellen weromkearende rol; 3 ôfl.
2015 Deadline Gallipoli generaal Ian Standish Monteith Hamilton weromkearende rol; 2 ôfl.
2015 And Then There Were None rjochter Lawrence Wargrave minysearje
2018 The Woman in White Fredrick Fairlie weromkearende rol; 4 ôfl.
2918 Hang Ups Jeremy Pitt weromkearende rol; 4 ôfl.
2018 The Little Drummer Girl luitenant-kolonel Picton weromkearende rol; 2 ôfl.
2019 The Widow Martin Benson weromkearende rol; 7 ôfl.
2019–2020 The Crown lord Louis Mountbatten, 1e greve Mountbatten fan Birma   weromkearende rol; (seizoen 3–4); 5 ôfl.
Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje
nom. Emmy Award foar bêste gastrol yn in dramasearje
2020 The Singapore Grip Webb gastrol; ôfl. Singapore for Beginners
2020–2022 Rise of Empires: Ottoman ferteller dokumintêre; 12 ôfl.
2022 The Sandman Roderick Burgess gastrol; 1 ôfl.
2022 The Serpent Queen paus Klemins VII weromkearende rol; 2 ôfl.
2022 This England Max Hastings gastrol; 1 ôfl.
films
1981 For Your Eyes Only Claus
1985 Plenty Raymond Brock
1986 The Golden Child Sardo Numspa
1987 White Mischief Josslyn Hay
1987 Good Morning, Babylon D.W. Griffith
1987 Hidden City James Richards
1988 Pascali's Island Anthony Bowles
1992 Alien 3 Clemens
1992 Kalkstein lânmjitter
1993 Last Action Hero Benedict
1993 Century professor Mandry
1994 China Moon Rupert Munro
1994 Kabloonak Robert J. Flaherty
1994 Shortcut to Paradise Quinn
1995 The Surgeon dokter Ed Mittlesbay
1996 Space Truckers Nabel / Macanudo
1996 Michael Collins Soames
1997 The Blood Oranges Cyril
1998 What Rats Won't Do Gerald
1998 Hilary and Jackie Derek Du Pré
1999 Don't Go Breaking My Heart Frank
2001 Gosford Park Raymond Stockbridge Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
Critics' Choice Award foar bêste cast
2001 Jurij heit fan Jurij
2001 Dark Blue World luitenant-kolonel Bentley
2002 Black and White Roderic Chamberlain
2002 Ali G Indahouse David Carlton
2003 Swimming Pool John Bosload
2003 Labyrinth Charles Lushington
2003 City and Crimes Cox William
2003 Ladies in Lavender n.f.t. regisseur, senarioskriuwer en útfierend produsint
2006 Dolls voice-over koarte film
2006 Scoop Malcolm
2006 Twice Upon a Time seremoanjemaster
2006 Starter for 10 Michael Harbinson
2007 The Contractor resjersjeur Andrew Windsor direkt-op-fideo útbrocht
2007 Intervention privee-detektive
2010 Paris Connections Aleksandr Borinski
2010 The Commuter oerstekhelp koarte film
2011 Ironclad aartsbiskop Stephen Langton
2011 Your Highness kening Tallious
2011 There Be Dragons monsênjeur Solano
2012 Midnight's Children William Methwold
2012 Underworld: Awakening Thomas
2012 St George's Day Trenchard
2013 Patrick dokter Roget
2013 Justin and the Knights of Valour Legantir as stimakteur
2014 Vij lord Dudley
2014 Dracula Untold masterfampier
2014 The Imitation Game kaptein-luitenant-op-see Alastair Denniston nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
2015 Victor Frankenstein Victor Frankenstein
2015 Michiel de Ruyter kening Karel II fan Ingelân
2015 Woman in Gold Sherman
2015 Child 44 majoar Gratsjev
2016 Pride and Prejudice and Zombies Bennet
2016 Me Before You Stephen Traynor
2016 Ghostbusters dr. Harold Filmore
2016 Despite the Falling Snow de âlde Alexander
2016 Underworld: Blood Wars Thomas
2017 Euphoria Daren
2017 That Good Night de Besiker
2018 Johnny English Strikes Again geheim agint 7 cameo
2018 Happy New Year, Colin Burstead Bertie
2019 Godzilla: King of the Monsters Alan Jonah
2019 Vij 2 lord Dudley
2019 Fanny Lye Deliver'd John Lye
2020 The Book of Vision Johan Anmuth
2020 Mank William Randolph Hearst
2021 The King's Man Herbert Kitchener, 1e greve Kitchener
2022 Against the Ice Niels Neergaard
2022 Lancaster ferteller
2022 The Hanging Sun Jacob
fideospultsjes
2015 The Witcher 3: Wild Hunt keizer Emhyr var Emreis as stimakteur yn 'e Ingelsktalige neisyngronisearring
2018 Call of Duty: Black Ops 4 Godfrey de butler as stimakteur

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.