Charles William Mitchell

Charles William Mitchell (Newcastle, 18541903) wie in Ingelske keunstskilder dy't yn ferbân brocht wurdt mei de Prerafaesliten. Mitchell wie in tiidgenoat fan John William Waterhouse; it wurk fan beide hat oerienkomsten wat styl oanbelanget.

Hypatia, oaljeferve op doek, 244.5 x 152.5 cm, 1885

Mitchell skildere in tal grutte histoaryske tafrelen en ûntwurp ek mozaiken foar tsjerkegebouwen. Hy hat syn ferneamdens fral te tankjen oan it skilderij Hypatia út 1885. Dat wurk waard faaks ynspirearre troch de histoaryske roman mei deselde titel fan Charles Kingsley út 1853. It skilderij is te sjen yn de Laing Art Gallery yn Newcastle.

Keppeling om utensBewurkje