Chatanga (rivier)
De Chatanga (Russysk: Хатанга) is in rivier yn Ruslân en streamt troch it Noardsibearysk leechlân troch de kraj Krasnojarsk.
Chatanga | ||
![]() | ||
geografy | ||
lân | ![]() | |
kraj | Krasnojarsk | |
ûntspringt yn | gearrin Kotûj en Cheta | |
lokaasje boarne | 71°54' N 102°6' E | |
mûnet út yn | Golf fan Chatanga | |
lokaasje mûning | 73°11' N 106°12' E | |
plakken | Chatanga | |
sydstreamen | Nizjnjaja, Blûdnaja, Popigaj, Novaja, Malaja Balachnja. | |
sifers | ||
lingte | 227 km | |
ôfwetteringsgeb. | 364.000 km² | |
kaart | ||
![]() |
De rivier ûntstiet troch de gearrin fan 'e rivieren Kotûj, dy't fanút it súdwesten streamt, en Chetasa, dy't fanút it súd-súdeasten streamt, sintraal yn it Noardsibearysk leechlân, sa'n 600 km noardlik fan 'e poalsirkel. De Chatanga streamt dan súd fan it skiereilân Taimyr en noardlik fan it Sintraal-Sibearyske berchtme breed meänderjend yn noardeastlike rjochting troch in skraachwurk bewenne gebiet en splitst him op yn sydtakken. De Chatanga einiget yn 'e likernôch 220 km lange Golf fan Chatanga, in diel fan 'e Laptevsee.
Yn it bekken fan 'e Chatanga lizze mear as 112.000 marren.
De rivier wurdt troch de ranende snie fan wetter foarsjoen. Ein septimber friest de rivier ticht en dat duorret oant de earste helte fan juny. By it plak Chatanga is in haven.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chatanga-rivier fan Wikimedia Commons. |