Chiquitita is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 13 desimber 1978 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. Chiquitita wie it achtste nûmer op it album en waard op 16 jannewaris 1979 útbrocht as earste single fan it album.

Chiquitita
algemiene ynformaasje
B-kant Lovelight
artyst ABBA
album Voulez-Vous
taal Ingelsk,
Spaansk
sjenre Pop
útbrocht 16 jannewaris 1979
opnommen Polar Studios,
13 desimber 1978
doer 5:26
label Polar Music
skriuwer Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
fideoclip
ABBA - Chiquitita (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Austraalje Kent Music Report - 4,
flagge fan Eastenryk Ö3 Austria Top 40 - 6,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 1,
flagge fan Finlân Suomen virallinen singlelista - 1,
flagge fan Nederlân Top 40 - 1,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 1,
flagge fan Nij-Seelân Recorded Music NZ - 1,
flagge fan Noarwegen VG-lista - 4,
Flagge fan Sweden Sverigetopplistan - 2,
flagge fan Switserlân   Schweizer Hitparade - 1,
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân UK Singles - 2,
flagge fan de Feriene Steaten Billboard Hot 100 - 29,
flagge fan de Feriene Steaten Adult Contemporary - 15,
flagge fan de Feriene Steaten Cashbox Top 100 Singles - 36,
flagge fan Dútslân Official German Charts - 3
sertifisearre Japan Platina,
Nederlân Goud,
Grut-Brittanje Goud

Oer it nûmer bewurkje seksje

Chiquitita waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. wat yn it Spaansk "lyts famke" betsjut. Is de earste single ôfkomstich fan it album Voulez-Vous. Der binne gâns iere ferzjes fan Chiquitita, wêrby't it wurktitels Kålsupare, Three Wise Guys, Chiquitita Angelina en In The Arms of Rosalita hie. In revisearre ferzje, mei ynfloeden fan it Simon & Garfunkel nûmer El Cóndor Pasa wurdt úteinlik opnaam yn desimber 1978 en útbrocht yn jannewaris 1979. Nei it sukses fan de Ingelske ferzje nimt ABBA Chiquitita ek yn it Spaansk op, nettsjinsteande it feit dat de band dizze taal hielendal net praat. Dêrom sjonge se it nûmer fonetysk yn.

Muzikanten bewurkje seksje