Cissy van Marxveldt

Nederlânsk skriuwster

Cissy van Marxveldt, pseudonym fan Setske de Haan (It Oranjewâld, 24 novimber 1889Bussum, 31 oktober 1948) wie in Nederlânske skriuwster, dy't ûnder har skûlnamme bekend waard om har famkesboeken, dy't yn de 'bettere fermiddens' spilen. De boeken oer Joop ter Heul binne har bekendste. Hja wie in tiidgenoate fan de skriuwster Willy Pétillon.

Cissy van Marxveldt
skriuwer
Setske de Haan
Setske de Haan
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Ans Woud, Betty Bierema
echte namme Setske de Haan
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 novimber 1889
stoarn 31 oktober 1948 (58 jier)
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Joop ter Heul-rige

Setske de Haan waard berne as iennichst bern fan in haadûnderwizer. As bern skreau hja al skriften fol, ynspirearre troch de boeken dy't sy lies. Doe't hja 15 wie publisearre se in feuiljeton yn it Nieuwsblad van Friesland.

Hja wie in soad siik, mar hie in soad wille op skoalle. Dit komt fral werom yn it boek 'De HBS-jaren van Joop ter Heul'. Sy gie nei de HBS op Heerenveen. Har skoalleresultaten wiene net sa bêst, en doe't hja in blinetermûntstekking krige koe hja gin eineksamen dwaan. Dêrnei mocht sy as au pair nei Coventry (Feriene Keninkryk) yn 1908. Hja gie oant wurk by in doktershúshâlding, dêr't hja Cissy neamd waard omdat har Fryske namme te moeilik wie. Hja hâlde it mar in pear moanne út en gie doe nei in kostskoalle yn Bath. Doe't hja weromkaam yn Oranjewâld wist hja noch net wat hja fierders woe. Sy waard learling-ferslachjouwer by de Dragtster Courant, mar krige al rillegau dien omdat hja tefolle fantasy hie.

Om 1910 hinne ferfear hja nei Amsterdam en helle it diploma stenografy en typen. Sy fûn wurk by it hannelskantoar Wolff, en moete dêr om 1914 hinne luitenant Leon Beek. Dy trúne har oan ta skriuwen om't hja him sokke moaie brieven skreau. Fan 1915 ôf publisearre hja yn 'Panorama' ûnder nammen as 'Ans Woud', 'Betty Bierema' en 'Cissy/Sissy van Marxveldt'. Sy besleat om skûlnammen te brûken omdat har ferhalen ôflaat wiene fan wiere situaasjes en hja har eigen namme net goed genôch fûn.

Yn 1916 trouden Van Marxveldt en Beek. Hja ferhuzen nei Hilfertsom, omdat Beek yn Laren (NH) legere wie. Ein 1916 waard harren earste soan berne; letter soe der noch in soan bykomme. Nei tsjinst waard Beek bedriuwslieder yn in warehûs.

Yn 1917 waard har dream wier: har earste boek Game and set! ferskynde, in jier letter folge troch Het hoogfatsoen van Herr Feuer, oer har Amsterdamske tiid op kantoar mei har Dútske baas). De boeken waarden ûnder de namme Betty Bierema útbrocht. Hoewol't de boeken flopten, frege in nij tydskrift foar jongerein har om in fúljeton te skriuwen. Dit die hja ûnder de namme Cissy van Marxveldt. Sy skreau ferhalen yn de foarm fan brieven fan in HBS-famke oan har freondinne: Joop ter Heul wie berne.

Joop ter Heul, in soargeleas HBS-famke, út in sjyk fermidden. Har útjouwer seach der neat yn. Valkhoff & Co út Amersfoart woe it wol útbringe. Yn 1919 ferskynde De HBS-tijd van Joop ter Heul en wie fuortendaliks in súkses. It die bliken dat de jolige skriuwstyl, in begearlik fermidden, foar dy tiid revolúsjonêr gedrach, en in protte koartswilligens, allegear hannelsmerken fan har, de yngrediënten foar slagjen wienen. Rillegau ferskynden noch trije dielen, dêr't Joop ter Heul yn fan in opteine bakvisch, fia in ferloving, in netsjes troude frou en mem wurdt. It boek bleau populêr ek by de bernsbern fan de earste lêzeressen.

"Joop ter Heul" wie foar in part autobiografysk. De HBS-tiid is basearre op De Haan's eigen HBS-jierren, mar De Haan joech ta dat hja ek wol wat hie fan Joops skiteldeftige suske Julie. Joop's man Leo van Dil is wol dúdlik ynspirearre op har eigen eigen man, krekt sa as de beskriuwing fan de berte fan Joops soantsje Hans. Van Marxveldt krige sels twa soannen: Leo -, en Ynze Beek. Lykas as yn har boeken, hold hja sels ek fan in protte persoaniel om har hinne om't hja in ôfgriis fan húshâldlik wurk hie. Hja skreau leaver, dat koe ek omdat har boeken genôch opsmieten.

Hja ferhuze regelmjittich, of hie mear as ien hûs tagelyk, dêr't har man in soad argewaasje fan hie. Se wennen yn Bloemendaal, Wyk oan See, It Goai of Amsterdam. Yn 1944 ferhuzen se foar de lêste kear, nei Bussum.

Van Marxveldt krige mei 37 jier in beroerte, wêrtroch hja rjochtssidich ferlamme rekke, mar sy woe der net oan. Neitiid skreau hja mei de linkerhân en hold hja de rjochterhân ferside. Letter die bliken dat de beroerte feroarsake wie troch in breintumor. Hja waard der net oan operearre.

Yn 1927 skreau sy it súksesfolle: Een Zomerzotheid, hielendal yn de styl fan de 'Roaring Twenties'. Doe't de depresje fan 1929 begûn waard de toan fan har wurk ek earnstiger (Marijke, Puck van Holten). Dy boeken waarden ek populêr, mar net sa as har eardere wurk. Troch de werprintingen fan eardere boeken en ferskate bewurkings foar toaniel barde hja dochs sa'n 50.000 gûne yn 't jier, en dat dat yn de krisisjierren.

De oarloch waard de meast swarte tiid fan har libben.. Har man die mei oan it ferset en waard yn 1944 oppakt en yn de dunen fan Overveen deasketten. Van Marxveldt wie brutsen. Sy wie har ynspiraasje kwyt, al skreau hja yn 1946 wol Ook zij maakte het mee, in ynbannich ferhaal oer in famke yn it ferset. Koart dêrnei brocht sy De dochter van Joop ter Heul út, mar dit boek wie net te fergelykjen mei de sprankeljende oare Joop ter Heul-dielen en miste de geast fan nei de Earste Wrâldkriich, sa't dy beskreaun wie yn har earste boeken.

Nettsjinsteande har fertriet en ôfnimmende sûnens besocht sy dochs fleurich te bliuwen nei bûten ta. Cissy van Marxveldt stoar mei 58 jier en leit te hôf op Zorgvlied yn Amsterdam.

Populêrens en ynfloed

bewurkje seksje

Har Joop ter Heul-romans foar tsienderfamkes hawwe ynfloed hân op it skriuwen fan Anne Frank neffens ferskate Anne Frank-ûndersikers en har freondinne Kitty Egyedi. Anne's deiboekfreondinne Kitty soe basearre wêze op ien fan Van Marxveldt's karakters dêr't Joop ter Heul mei skreaun: Kitty Francken.[1]

Har boeken bleaune noch lang nei har dea populêr, al wie dat by tiden wol in stik minder, sa as wilens de feministyske weach fan de jierren 70 fan de 20e iuw. Ek no noch binne der famkes dy't genietsje kinne fan har wurk.

Op 24 novimber 2007 waard de planetoïde '10667 Van Marxveldt' nei har neamd.

  • Game - and set! (1917) (yn 1923 útjûn as Vriendinnen en yn 1950 as Op eigen benen)
  • Het hoogfatsoen van Herr Feuer: herinneringen aan mijn Duitschen kantoortijd (1917)
  • De H.B.S. tijd van Joop ter Heul (1919)
  • Joop ter Heul's problemen (1921)
  • Caprices (1922)
  • De Kingfordschool (1922)
  • Joop van Dil-ter Heul (1923)
  • Het nieuwe begin (1924)
  • Rekel (1924)
  • De Stormers (1925) (nei 1940 útjûn as Burgemeester's tweeling)
  • Joop en haar jongen (1925)
  • Kwikzilver (1926)
  • Een zomerzotheid (1927)
  • De Arcadia: een genoeglijke reis naar Spitsbergen (1928)
  • De louteringkuur (1928)
  • Herinneringen: verzamelde schetsen (1928)
  • Marijke (1929)
  • Confetti (1930)
  • Puck van Holten (1931)
  • De toekomst van Marijke (1932)
  • Marijke's bestemming (1934)
  • De enige weg (1935)
  • Pim 'de stoetel' (1937)
  • Als het wintert... (1939)
  • Hazehart (1946)
  • De dochter van Joop ter Heul (1946)
  • Ook zij maakte het mee (1946)
  • De blokkendoos (1950) (postúm útbrocht)
  • Mensen uit een klein dorp (1950) (postúm útbrocht)
  • Monica Soeting, Cissy van Marxveldt: een biografie, Uitgeverij Atlas contact, 2017, ISBN 9789045033006

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wikipedia en:, Cissy van Marxveldt