Claudia Cardinale

Claudia Cardinale (Tunis, 15 april 1938) is in Italjaansk filmaktrise. Har âldelju wiene fan Italiaansk (Sisyljaansk) komôf, mar de húshâlding wenne yn Tunesië.

Claudia Cardinale
akteur
Claudia Cardinale in 1962
Claudia Cardinale in 1962
persoanlike bysûnderheden
echte namme Claude Josephine Rose Cardinale
nasjonaliteit Italjaansk
berne 15 april 1938
berteplak Tunis
etnisiteit Italjaansk
jierren aktyf 1958-no
offisjele webside
gjint
Cardinale yn La ragazza della valigia, (1961)

Yn 1957 wûn Claudia in skientmewedstriid yn Tunesië; de priis wie in besite oan it filmfestival fan Feneetsje, dêr't se ûntdutsen waard troch har lettere man Franco Cristaldi. Sy makke har debút yn 1958 mei de film Goha, yn itselde jier noch folge troch I Soliti ignoti. Yn de jierren 60 spile hja yn tal fan Italjaanske films, lykas Rocco e i suoi fratelli (1960) en Il gattopardo (1963) fan regisseur Luchino Visconti, (1963) fan Federico Fellini en spagettywesterns lykas Once Upon a Time in the West (1968) fan Sergio Leone.

Ynearsten waard sy troch filmmakkers oanhelle as sekssymboal, mar it slagge har om te waaksen ta in ynternasjonaal wurdearre aktrise. Yn 2000 waard se om reden fan har ferneamdens beneamd ta UNESCO Goodwill Ambassadeur mei as de taak frouljusrjochten te befoarderjen.

Claudia Cardinale wie fan 1966 oan 1975 boaske oan de Italjaanske filmprodusint Franco Cristaldi. Sûnt 1975 wennet se mei de Italjaanske regisseur Pasquale Squitieri fan wa't se in dochter krige, Claudia.

Yn 2005 publisearre se har memoires ûnder de titel Mes étoiles ('Myn stjerren').

Filmografy bewurkje seksje

In karút:

Film bewurkje seksje

Tillefyzje bewurkje seksje

  • 1977: Gesu di Nazareth – Regy: Franco Zeffirelli
  • 1994: René Lévesque (tf-rige)
  • 1996: Nostromo
  • 1997: Deserto di fuoco (tf-rige) – regy: Enzo G. Castellari
  • 2000: Élisabeth – Ils sont tous nos enfants – regy: Pasquale Squitieri


Keppelings om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Claudia Cardinale fan Wikimedia Commons.