Cliff Burton (berne as Clifford Lee Burton) (Castro Valley, 10 febrewaris 1962Dörarp, 27 septimber 1986) wie in Amerikaansk bassist. Hy waard benammen bekend fan de band Metallica. Cliff Burton stie der bekend om dat er syn basgitaar bespile as in gitaar.

Cliff Burton
sjonger en/of muzikant
Monumint ta neitins oan Cliff Burton yn Sweden.
Monumint ta neitins oan Cliff Burton yn Sweden.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Clifford Lee Burton
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 febrewaris 1962
berteplak Castro Valley, Kalifornje
stoarn 27 septimber 1986
stjerplak Dörarp, Sweden
wurkpaad
sjenre Metal
ynstrumint Basgitaar
grutste hit(s) Master of Puppets
jierren aktyf 19791986

Karriêre bewurkje seksje

Cliff begûn as jong jonkje mei piano spyljen, as jonge puber gie er oer op basgitaar. Yn syn skoaltiid moete Burton Jim Martin (dy't letter as gitarist aktyf wêze soe by de band Faith No More). Mei Martin begûn Burton syn earste band Agents Of Misfortune. Yn 1982 waard Burton de bassist by de band Trauma. Dat aventoer by de band Trauma duorre net lang om't er nei in optreden troch de leden fan Metallica frege waard harren eardere bassist Ron McGovney te ferfangen. Mei Metallica soe er trije studio-albums opnimme.

Ferstjerren bewurkje seksje

Yn 1986 wie Burton op Toernee mei Metallica, wilens it Jeropeeske part fan de Damage, Inc. toernee, ta promoasje fan it album Master of Puppets, gie it mis. De bus fan Metallica rekke yn Sweden op 'e hichte fan it doarpke Dörarp belutsen by in slim ûngelok. Yn de iere moarn fan 27 septimber 1986 bedarret de bus yn in slip, de sjauffeur rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt en de bus bedarre op syn kant. James Hetfield, Kirk Hammett en Lars Ulrich komme mei de skrik frij mar Cliff dy't yn it boppeste bêd lei te sliepen rekke beknipe ûnder de bus, hy wie op slach dea. Cliff Burton waard 24 jier âld.

Ta neitins oan Cliff Burton is der yn 2006 by it doarpke Dörarp op 'e hichte fan it plak dêr't it ûngelok barde in monumint ûntbleate. Burton waard postúm mei syn mei-bandleden fan Metallica yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Band Single(s)
Kill 'Em All 25 july 1983 Metallica Whiplash,
Jump in the Fire
Ride the Lightning 27 july 1984 Fade to Black,
Creeping Death,
For Whom the Bell Tolls
Master of Puppets 3 maart 1986 Master of Puppets