De Coendersboarch is in Grinslânner boarch yn it doarp Nuis yn de gemeente Westerkertier, dy't datearret út de 16e iuw.

Coendersboarch

De Coendersboarch is ûntstien út de Fossemaheerd. De famylje Fossema wie al sûnt 1534 al yn it besit fan dizze heerd en hie lange tiid bûten dizze heerd noch twa heerden yn besit. Yn 1668 waarden de heerden oankocht troch Lucas Coenders, in riedshear yn Grins. Hy hat de heerd nei alle gedachten omboud ta in boarch, want yn 1699 wurdt der oer in boarch praat. Nei syn dea gie it besit fan de trije heerden oar op syn suster Etta Coenders. Yn dizze tiid is de namme Coendersboarch wierskynlik ûntstien.

Yn 1699 wurdt de boarch ferkocht oan har skoansoan Oene fan Teyens. De famylje fan Teyens kaam fan Beetstersweach en bleaune dêr ek wenjen. Yn 1813 bouden de doetiidske eigners út de famylje fan Teyens, twa bruorren en in suster, it hearehús sa as dat der hjoed de dei noch stiet.

De boarch leit krektas it stienhûs yn Niebert oan ien fan de âldste fuotpaden fan Nederlân, it Malijkse Paad. De Coendersboarch is eigendom fan de stifting It Grinslanner Lânskip.

Efter de Coenderboarch stiet 't Rieuw. 't Rieuw is in lânboumuseum yn it Grinslanner Nuis.

Keppeling om utens bewurkje seksje