Kor Ket

(Trochferwiisd fan Cor Ket)

Kor Ket (folút: Kornelis Ket; Ljouwert, 16 jannewaris 1920 - Grins, 20 juny 1955)[1] wie in Frysk fioelist en dirigint.

Kor Ket
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kornelis Ket
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 jannewaris 1920
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 20 juny 1955
stjerplak Grins (Grinslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt musikus, dirigint
jierren aktyf 19461955
prizen Gouden Fioeltsje 1955
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Ket waard yn 1920 yn Ljouwert berne as de soan fan goudsmid Jan Ket en dy syn frou Elisabeth van der Zee. Hy folge in muzykoplieding oan it Keninklik Konservatoarium Brussel, dêr't er les krige fan û.o. Jo Juda, Oscar Black en Jaap Spaanderman. Ket waard yn 1948 twadde fioelist en lieder fan 'e beide fioelen yn it yn 1946 oprjochte Ljouwerter Orkest Forbân, it lettere Frysk Orkest. Koart dêrnei waard er dêre repetitor en yn 1949 folge syn oanstelling ta dirigint. Ket hie yndruk makke by in útfiering fan 'e Johannes-Passion fan Johann Sebastian Bach, wêrby't er as begjinnend dirigint ynfoel foar de opstapte George Stam. (Dyselde wie ek ien fan syn learmasters, krektlyk as Hein Jordans.) Underwilens hie Ket op 11 maaie 1948 al it Ljouwerter Bachkoar oprjochte. Teffens joech er lieding oan it Mingd Koar Grou en it Frysk Jeugd Orkest.

Ein bewurkje seksje

Ket kaam yn 1955 mei 35 jier te ferstjerren yn it Akademysk Sikehûs fan Grins, dêr't er op 11 juny fan dat jier in swiere hertoperaasje ûndergien hie. Dy waard him lykwols njoggen dagen letter troch neityd opspyljende komplikaasjes needlottich. Syn ûntidich ferstjerren betsjutte foar it hiele Fryske kulturele libben in swiere slach. Troch minister Jo Cals waard yn 'e Earste Keamer in betinking foar Kor Ket organisearre. Hy waard begroeven op it Noarderbegraafplak, oan it Skieppedykje yn Ljouwert.

In Memoriam bewurkje seksje

Op 22 septimber 1955 waard it konsert In Memoriam Kor Ket jûn troch it Frysk Orkest, Bachkoar, Mingd Koar Grou, Jo Juda, Jaap Spaanderman en it Frysk Jeugdorkest. Op dit In Memoriam-konsert waard troch û.m. it Mingd Koar Grou en it Bachkoar mei begelieding fan it Frysk Orkest it slotkoar Wir setzen uns mit Tränen nieder út 'e Matthäus Passion songen. It konsert waard twaris útfierd, beide kearen yn in smoarfolle Harmonie.

Ket krige postúm it Gouden Fioeltsje taparte, in wikselpriis yn it Fryske muzyklibben. Alfred Salten folge him op as dirigint by it Frysk Orkest.

Wiif en bern bewurkje seksje

Kor Ket wie troud mei sjongster Geertruida Maria "Truus" Adema (Ljouwert, 29 septimber 1927 – dêre, 15 desimber 1986). Hja wie de dochter fan keunstner Gerhardus Jan Adema en Kornelia de Vries, en rjochte mei har man it Ljouwerter Bachkoar op, dêr't se ek as soliste by optrede.[2] Ket syn soan Jaap Ket (1955) wie krekt as syn pake keunstner, en makke û.m. de muorreskildering yn it Ljouwerter swimbad.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rou-advertinsjes yn de Ljouwerter Krante.
  2. In Memoriam Truus Adema, yn: de Ljouwerter Krante, 16 desimber 1986.

  • Snijder, B.W., Moulij, C.D., en Piebenga, J., In Memoriam Kor Ket, 1955, 16 siden.
  • Robijns, Jozef en Zijlstra, Miep, Algemene Muziekencyclopedie, Haarlim, 1979-1984 (De Haan), ISBN 978-9 02 28 49 309, diel 5, s. 173 (neamt as jier fan ferstjerren foutyf 1953).