Crowdfunding of publyksfinansiering (útspr.: ['kra:ṷdfʌndɪŋ]; likernôch: "krautfunding"), fan it Ingelske crowd ("kliber", te witten in kliber folk) en funding ("finansiering"), is in alternative manear om in projekt te finansieren. Yn 'e regel en tradisjoneel giet men dêrfoar nammentlik nei de bank ta om in liening ôf te sluten en sa in startkaptaal te krijen. By crowdfunding wurdt sa'n startkaptaal lykwols troch partikulieren byinoar brocht nei't de inisjatyfnimmer fan it projekt dêrta in oprop dien hat. Sa'n oprop giet meastal fia it ynternet. Dêrby kin men fia de sosjale media, lykas Facebook, wurkje, mar der besteane no ek websiden dy't har spesifyk op it digitaal ûnderstypjen fan crowdfundingsprojekten talizze en dêr in spesjalistysk platfoarm foar biede.

By crowdfuning hat de inisjatyfnimmer fan in projekt yn 't foar in ynskatting makke fan it jildbedrach dêr't hy of sy ferlet fan hat, en dat wurdt by de oprop ta crowdfuning fernijd. Teffens wurdt dêrby meastal oanjûn hoefolle jild oft der al binnenkommen is, sadat men sjen kin hoefier't in projekt hinne is. By guon crowdfundingwebsiden giet it ynvestearre jild net daliks nei it projekt, mar hâldt de webside it yn bewarring oant de folle 100% fan it nedige jild binnenkommen is. Wurdt de 100% net helle, dan wurde de yndividuële bydragen weromstoart op 'e bankrekkens fan 'e ynvestearders.

Fia crowdfunding kin eltsenien ynvestearje yn in projekt, yn tsjinstelling ta oare foarmen fan finansiering, lykas fia bankkrediten of yn it gefal fan grutynvestearders, wêrby't in grut bedrach gearbrocht wurdt troch mar ien of op syn heechsten inkele ynvestearders. Boppedat ferrint crowdfunding sûnder finansjele yntermediêrs, sadat de inisjatyfnimmer en de ynvestearder rjochtstreeks kontakt mei-inoar hawwe. Mei crowdfunding kinne fral lytsskalige projekten, dy't net oantreklik binne foar de finansjele sektor, dochs mooglik makke wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.