D. Ivan Dykstra (folút: Duke Ivan Dykstra; Platte (Súd-Dakota), 15 maart 1915Wooster (Ohio), 28 febrewaris 1999) wie in Amerikaansk predikant, teolooch, publisist en heechlearaar filosofy fan etnysk Frysk komôf. Hy wie in soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra.

D. Ivan Dykstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Duke Ivan Dykstra
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 maart 1915
berteplak Platte (Súd-Dakota)
stoarn 28 febrewaris 1999
stjerplak Wooster (Ohio)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt predikant, filosoof
aktyf as heechlearaar, publisist
jierren aktyf 19451980

Libben en karriêre bewurkje seksje

Dykstra waard yn 1915 berne yn Platte, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as de soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra (1871-1955) en dy syn frou Nellie Schippers (1890-1975). Hy groeide op yn Iowa en studearre yn 1935 ôf oan it Hope Kolleezje yn Holland, yn 'e steat Michigan, mei in bachelorstitel yn filosofy. As studint wied er dêre behelle yn 'e aktiviteiten fan 'e YMCA en de Addison Literary Society. Yn 1938 behelle er oan it Western Theological Seminary yn Holland in twadde bachelorstitel, diskear yn 'e teology, en yn 1945 promovearre er oan 'e Universiteit fan Yale yn dyselde stúdzjerjochting.

Op 25 juny 1941 troude Dykstra mei Kathryn Wisse (1920-2013) út Lodi, yn Nij-Jersey, dy't fan mingd Dútsk-Slowaaksk etnysk komôf wie. Hja kamen mei-inoar yn 'e kunde doe't Dykstra yn Lodi as kandidaat preke. Neitiid wennen se fan 1941 oant 1947 yn Stone Ridge, yn 'e Hudsondelling fan New York, dêr't Dykstra dûmny wie. Se krigen twa soannen, Brian James (1942) en Darrell Ivan (1945-2006).

Yn 1947 waard Dykstra oan it Hope Kolleezje oansteld as heechlearaar Gryksk, en yn 1950 as heechlearaar filosofy, in funksje dy't er 27 jier lang ferfolje soe, oant er yn 1977 in stap tebek die. Fan 1964 oant 1979 fersoarge Dykstra foar tûzenen studinten de kolleezjes filosofy dy't in ferplichte ûnderdiel foarmen foar in stúdzje yn 'e rjochting fan 'e frije keunsten. Dêrfoar stalde er sels in syllabus gear mei as titel Understanding of Human Enterprise. Teffens skreau er in biografy fan syn heit, Broer Doekeles Dykstra, mei as titel B.D.: A Biography of My Father, the Late Reverend B.D. Dykstra, dy't yn 1982 publisearre waard troch de Wim B. Eerdmans Publishing Co. fan Grand Rapids as diel 10 yn 'e histoaryske rige oer de Herfoarme Tsjerke yn Amearika.

Yn 1970 waard D. Ivan Dykstra troch de feriening fan âld-studinten fan it Hope Kolleezje in Distinguished Alumni Award takend, foar âld-studinten dy't har bysûnder fertsjinstlik makke hawwe foar de Amerikaanske maatskippij. Yn 1977 ûntfong er de Hope Outstanding Professor Educator (HOPE) Award fan 'e ôfskienimmende lichting studinten fan it Hope Kolleezje, foar treflike dosinten en heechlearaars. Datselde jiers wied er ûnder de 1.200 Amerikaanske mienskipslieders dy't útnûge waarden om nei de federale haadstêd Washington, D.C. te kommen en dêr diel te nimmen oan 'e formaasje fan in nasjonaal komitee fan Amerikanen dy't foarstanners wiene fan 'e ratifikaasje fan it Panamakanaalferdrach. Nei't er yn 1980 mei pinsjoen gien wie, loek Dykstra him mei de frou werom yn Wooster, yn 'e steat Ohio, dêr't er yn 1999 yn 'e âlderdom fan 83 jier kaam te ferstjerren.

Wurk bewurkje seksje

  • 1964 – Understanding of Human Enterprise
  • 1982 – B.D.: A Biography of My Father, the Late Reverend B.D. Dykstra
  • 1983 – Who Am I? And Other Sermons (bondel eigenskreaune preken en lêzingen)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: