Daisy Summers
Daisy Summers, echte namme ûnbekend (Seoel, 19 april 1993), is in Súdkoreaansk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Koreaansk-Russysk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Daisy Summer, en boppedat hat hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Daisy Haze. (Hja moat lykwols net betize wurde mei Daizee Haze, in Amerikaansk wrakselster.)
Daisy Summers | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Daisy Summer, Daisy Haze | |
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Súdkoreaansk Amerikaansk | |
berne | 19 april 1993 | |
berteplak | Seoel (Súd-Koreä) | |
etnisiteit | Koreaansk Russysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2013 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeDaisy Summers waard yn 1993 berne yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel, as de dochter fan in Koreaanske mem en in Russyske heit. Har âlden emigrearren koarte tiid letter mei har nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn 'e steat Floarida. Sûnt se seis jier wie, waard Summers oplaat om klassyk pianiste te wurden. Har earste betelle baan wie as ferkeapster yn in Gamestop-fideospultsjewinkel.
Summers sette har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry útein as webcamgirl op in ynternetsite. Op 31 augustus 2013 makke se mei tweintich jier har debút yn in pornografyske film dy't opnommen waard yn har thússteat Floarida. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat hja sûnt yn mear as fyftich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Digital Sin, Zero Tolerance, Third Degree Films, New Sensations, Evil Angel, Pure Play Media en Hustler Video. Ek hat se in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings, Brazzers, BangBros en Naughty America.
Persoanlike bysûnderheden
bewurkje seksjeSummers sprekt floeiend Ingelsk, Koreaansk, Russysk en Dútsk. Hja omskriuwt harsels as in "adrenalinejunkie", en hâldt fan surfen, snowboarden, autoracen en skerpsjitten. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 47 kg en in (natuerlike) kupmaat 30B. Hja hat piercings troch har tonge en ien fan har noaswjukken, en in tige opfallende tatoeaazje fan it rebelle-embleem út 'e earste Star Wars-trilogy oan 'e lofterkant fan har lichem op 'e bikinyline.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Daisy Summers (Daisy Haze) yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Daisy Summers yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Daisy Summers op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |