Dangerous Women (ferhalebondel)

Dangerous Women is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers George R.R. Martin en Gardner Dozois. De titel betsjut letterlik "Gefaarlike Froulju", mar soe ek oerset wurde kinne as "Femmes Fatales". It boek omfettet 21 koarte ferhalen fan it fantasysjenre oer tsjeppe en gefaarlike froulju. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Joe Abercrombie, Jim Butcher, Brandon Sanderson, Diana Gabaldon en George R.R. Martin sels.

Dangerous Women
algemiene gegevens
auteur George R.R. Martin en
   Gardner Dozois (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2013, New York
oarspr. útjwr. Tor Books
kodearring
ISBN 978-0 76 53 32 066

Alle ferhalen út Dangerous Women waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Dangerous Women waard yn 2013 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Tor Books. Sawol Some Desperado, fan Abercrombie, as The Princess and the Queen, fan Martin, waard yn 2014 nominearre foar in Locus Award. Dangerous Women sels wûn datselde jiers de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste blomlêzing.

Ferhalen bewurkje seksje

  1. Joe Abercrombie, Some Desperado
  2. Megan Abbott, My Heart Is Either Broken
  3. Cecelia Holland, Nora's Song
  4. Melinda Snodgrass, The Hands That Are Not Here
  5. Jim Butcher, Bombshells (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  6. Carrie Vaughn, Raisa Stepanova
  7. Joe R. Lansdale, Wrestling Jesus
  8. Megan Lindholm, Neighbors
  9. Lawrence Block, I Know How to Pick 'Em
  10. Brandon Sanderson, Shadows for Silence in the Forests of Hell
  11. Sharon Kay Penman, A Queen in Exile
  12. Lev Grossman, The Girl in the Mirror
  13. Nancy Kress, Second Arabesque, Very Slowly
  14. Diana Rowland, City Lazarus
  15. Diana Gabaldon, Virgins (ûnderdiel fan Outlander)
  16. Sherrilyn Kenyon, Hell Hath No Fury
  17. S.M. Stirling, Pronouncing Doom
  18. Sam Sykes, Name the Beast
  19. Pat Cadigan, Caretakers
  20. Caroline Spector, Lies My Mother Told Me
  21. George R.R. Martin, The Princess and the Queen, or: The Blacks and the Greens (ûnderdiel fan A Song of Ice and Fire)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Martin, Georg R.R., en Dozois, Gardner, (red.), Dangerous Women, New York, 2013 (Tor Books), ISBN 978-0 76 53 32 066.