De Bearejacht, yn it oarspronklike Nederlânsk: De Berenjacht, is in koart ferhaal fan 'e yn Feanwâlden berne Fryske skriuwer Theun de Vries (1907-2005). It waard yn 1995 yn it Nederlânsk skreaun, mar is nea yn dy taal útjûn. Yn 1997 ferskynde it yn 'e Fryske oersetting fan Dick Eisma en Jacobus Knol as in petiterich lyts boekje fan 13 by 10 sm mei 32 siden by de Kristlik Fryske Folksbibleteek te Dokkum (nû. 394), printe by Schaafsma & Brouwer, ek te Dokkum. Koartsein giet it ferhaal oer feroarjende tiden en hoe't de minske dêr (al of net) mei omgiet.

De Bearejacht
algemiene gegevens
oarspr. titel De Berenjacht
auteur Theun de Vries
taal Nederlânsk
foarm koart ferhaal
1e publikaasje (yn it Nederlânsk net publisearre)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Bearejacht
publikaasje 1997, Dokkum
útjouwer KFFB
oersetter Dick Eisma en Jacobus Knol
ISBN oers. 9 07 49 18 14X

Ynhâld bewurkje seksje

De Bearejacht, dat yn alle gefallen autobiografyske eleminten liket te hawwen, as it net alhiel autobiografysk is, beskriuwt yn it ik-perspektyf in ûnderdiel út it libben fan 'e ferteller, ntl. in stienprint boppe de skou by in âldomke fan him thús.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It is de foarstelling fan in jacht op in bearinne en har jongen, nei gedachten earne yn Ruslân, dy't de ferteller as lyts jonkje al fassinearret. Troch de jierren hinne, en wylst it hûs oergiet fan 'e âldomke op dy syn pakesizzer en dêrnei fan 'e pakesizzer op dy syn soan, is de stienprint foar de ferteller, by syn út en troch foarkommende famyljebesiken, in wûndermoai hâldfêst. Mar de lju dy't der eltse dei de hiele dei tsjinoan sjen moatte, besjogge it stadichwei mear skansearre reitsjende ding mei hiel oare eagen. By de lêste besite fan 'e ferteller binne skou en stienprint ferfongen troch in nijmoadrige iepen hurd, dêr't mei-iens ek mar de oerâlde linebeammen dy't foar de ruten stiene yn opstookt binne. In heechgeande rûzje folget en de ferteller jout him lulk ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: