Den Burg

(Trochferwiisd fan De Burch (plak))

Den Burg is in doarp yn de gemeente Tessel yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân.

Lizzing fan Den Burg op Teksel

Den Burg is it grutste doarp fan it Waadeilân Tessel. It hat 7070 ynwenners (2010); dat is ûngefear de helte fan it oantal ynwenners fan Tessel. Yn it doarp stiet ek it gemeentehûs fan de gemeente Tessel. It hat ek in iepenbiere bibleteek, in bioskoop en in swimbad.

Skiednis bewurkje seksje

Ut argeologyske opgravings die bliken dat it plak dêr't Den Burg leit al lang bewenne wurdt. Sa hat der nei alle gedachten in Fryske boarch stien dy’t yn de 7e iuw ferwoaste is. Dêrby wurdt tocht oan Franken.

Yn 1345/1346 krige it doarp opnij in fêstingwâl troch greve Jan fan Beaumont. It yn it doarp lizzende kleaster (úthof) naam hy yn besit en oude hy om ta it bestjoerssintrium fan it eilân.