De Goes (mole)

(Trochwiisd fan De Goes)

De Goes (ek De Guos) is in poldermûne tichtby de buorskip Iezumasyl yn de gemeente Dongeradiel.

Mûne de Guos under Iezumasyl

De Goes, in mealreeë grûnsiler dy't sawat in kilometer súdwestlik fan Iezumasyl oan de Suder Ie stiet, waard om 1850 hinne yn opdracht fan in pleatslike boer boud foar it bemeallen fan de Guozzepolder binnendyks. De houten achtkante mûne mei lege stiennen fjildmuorren, dekt mei fertikale houten dielen hat in flecht fan 10,60 m.

De mûne ferlear syn funksje yn 1962 nei de ruilferkaveling fan dit gebiet. Trije jier letter waard de Goes oankocht troch de eardere gemeente East-Dongeradiel, dy't him yn 1970 restaurearje liet. Dêrby ferdwûn de selsswichting, dy't de mole foarhinne op beide roeden hie. Yn 1988 krige De Goes in nije jitizeren as. De mûne, yntiids eigendom fan de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, is net te besichtigjen.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje