De Grutter is in útstalling fan âld winkelguod oan De Streek yn Alde Leie.

It waard iepene yn 1999 yn in âld skoalhûs oan de Alvestêderûte. Der is besocht om in doarpswinkel út de jierren '30 oant '60 sjen te litten. Der wurdt ek snobbersguod en kuriositeiten ferkocht.

Der binne waskmiddels, âlde blikken, aptekersguod en eartiids snobbersguod as polkabrokken te sjen. Yn de hal stiet in samling tabaksartikelen yn orizjinele ferpakking. Ek binne (berne)waachskealen fan it konsultaasjeburo, klompen, redens, hobbelhynders, bernestuollen en naaimasines te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: