De Hoop (Dokkum)

De Hoop (yn 'e folksmûle ek Broekema's mûne) is in nôtmûne út 1849 yn Dokkum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mûne is mei de Zeldenrust tige wichting foar it stedsoansjen fan Dokkum.

De Hoop
Piktogramm Windmühle.svg mûne / mole
De Hoop yn 2020
De Hoop yn 2020
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Noardeast-Fryslân.svg Noardeast-Fryslân
plak Flag of Dokkum.svg Dokkum
adres Suderbolwurk
koördinaten 53° 19' N 5° 59' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
oarspr. gebrûk nôt- en pelmûne
flecht 22,75 meter
boujier 1849
oare ynformaasje
eigner Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 13186
Webside
St. Monumintebehâld NEF
Kaart
De Hoop (Dokkum)
De Hoop

SkiednisBewurkje

De mûne waard as nôt- en pelmûne boud op it bolwurk, dêr't oant 1840 in standermûne mei de namme 'De Grutte Mûne' stie. Troch ferkeap kaam de mûne yn 1924 yn hannen fan de famylje Broekema, dy't de mûne santich jier draaie liet. Dêrom waard de mûne ek wol Broekema's mûne neamd. Yn 1994 kocht de gemeente de mûne oan, dy't de mûne ûnderbrocht yn de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, dy't sûnt de gemeentefúzje yn 2022 de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân hjit.

Restauraasjes fûnen yn 1965, 1995 en 2022-2023 plak.[1]

BeskriuwingBewurkje

De boppekruier is in achtkante stellingmûne, werfan't de stelling op in hichte fan 7,44 meter oanbrocht is. De mûne hat in houten ûnderbou en in reiddutsen boppebou mei kape. De binnenroede is Aldhollânsk ophekt en hat fokken mei in útnimber wynboerd. De bûtenroede hat Ten Have remkleppen en in Van Bussel streamlinenoas. De Hoop hat in flecht fan 22,75 meter en is de âldste fan de twa Dokkumer bolwurkmûnen.

De ZeldenrustBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side De Zeldenrust (Dokkum).

De oare Dokkumer mûne is de Zeldenrust, dy't tichteby op it Baantjebolwurk stiet.

OarsBewurkje

Yn 2015 presintearren de Dokkumers Warner Banga en Karel Jongsma fan de wurkgroep 'Molenerf' in plan om in tredde mûne op ien fan de Dokkumer bolwurken te bouwen. De doetiidske gemeente Dongeradiel wiisde oardel jier letter it inisjatyf fan de wurkgroep ôf, om't it plan net passe soe yn de romtlike oardening en it bestimmingsplan. De gemeente omskreau in rekonstruksje fan de mûne op it plak as in 'nijboud dekorstik'.[2][3]

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: