De Kletten
De Kletten is in buorskip, en de namme fan in wei, oan de noardwestrâne fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân. De namme komt ek foar as Kletten en yn de strjitnammen Kletten en de Kletsterleane en it wetter Kletsterfeart.

De Kletten op de Schotanuskaart
De buorskip hie yndertiid in nôtmûne en in herberch. De mûne waaide yn 1735 om. Omdat er te min mealbelêsting opbrocht is de 'Kletster Rogmolen' net fannijs boud[1].
De buorskip hearde feitlik ta de himrik fan De Pein, mar lei tsjin de doarpsgrins mei Noarder Drachten oan.
Untstean fan de nammeBewurkje
Kletten of klitten binne turfkluten. Ein 16e iuw waard de turf út Folgerster feanen, noardeastlik fan De Folgeren, ôffierd fia de Noarder-Dracht, letter Burmaniasleat neamd, en opslein op it plak dêr't De Kletten ûntstie.[2]
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Drachten | |
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | |
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren |