Ommelannen
(Trochferwiisd fan De Ommelannen)
De Ommelannen is it part fan de provinsje Grinslân bûten Grins. It is fan oarsprong ien fan de Sân seelannen yn it Fryske wengebiet. De Ommelannen wurde ek wôl Lyts Fryslân neamd.
De grinzen fan de Ommelannen yn de âlde gemeentegrinzen. giel: it Westerkertier, paars: Hunzegoa, blau: Fivelgoa, rea: it Aldamt mei it westelike part fan it Reiderlân, grien: Westerwâlde mei de Reiderlânske doarpen Bellingwâlde en Nijeskâns, oranje: it Gorecht mei 'e stêd Grins.
Dit Lyts Fryslân bestie ût trije Ommelannen: Hunzegoa, Fivelgoa en it Westerkertier. It Aldamt, it Reiderlân en Westerwâlde wurde soms ek wol as ien fan de Ommelannen beskôge.
De Ommelannen wiene oant de 15e iuw Frysk-talich. Yn 1594 waarden Grins en de Ommelannen by de reduksje fan Grins gearfoege ta de provinsje Stêd en Lân (nl: Stad en Lande; no Grinslân). In gefolch hjirfan wie dat de Ommelannen ûnder ynfloed fan de stêd stadichoan Saksysk-talich, Grinslânsk, waarden. Hjirtroch binne yn it Grinlânsk al noch oerbliuwsels fan it Frysk werom te finen.