Haadmenu iepenje

De Skâns is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Skâns heart ta de himrik fan Muntsjesyl. It leit op in eilân besuden Muntsjesyl en benoarden it 18e-iuwske slûzekompleks oan de Muntjesylster Ryd. Earst op kaarten fan 1970 ôf komt de namme foar. De skâns is opnaam yn it wapen fan it doarp.

SkiednisBewurkje

De namme fan it buorskip ferwiist nei in skâns dy't yn 1576[1] ûnder it regear fan Caspar de Robles oanlein waard. Yn 1580 wie de skâns lykwols yn hannen fan de Steatsken, want dat jier wurdt de skâns op 1 septimber ferovere (fannijs) troch de Spanjerts op de Steatske legerlieder Willem Loadewyk. De oerwinning duorre koart, want op 18 july 1581 ferovere hopman Schuil út Kollum de skâns op'en nij foar de Steatsken. Fjouwer jier letter joech Willem Loadewyk substitút grytman Tjarck Sappes (fan de stins Ter Harst) de opdracht de skâns te reparearjen. Dat liet er dwaan troch Jan Pietersz dy't dêrfoar stiennen brûkte fan it ôfbrutsen kleaster Galilea út syn doarp Boerum. Yn 1590 wurdt de skâns wer neamd yn ferbân mei fjochterij tusken Steatsken en Spanjerts en letter yn 1672, it 'Rampjier'. Op in stuit yn de iuwen dêrnei moat de skâns oersjochte wêze. It is witten dat de skâns sûnt 1622 in mûne hie, dy't yn 1742 ôfbrutsen waard, de foargonger fan de mûne Rust Roest (1856) fan no.[2] Tusken likernôch 1850 en 1920 stie der in seachmole op de eastpunt fan de skâns; de saneamde Bokkemole. De buorren rûnom waard destiids 'Bokkebuert' neamd. Beide nammen komme fan de oprjochter Jan Sytses Bok.[3]

Benoarden De Skâns leit in slûs dêr't de earste foargonger fan, troch de muontsen fan it kleaster Jeruzalem út Gerkeskleaster oanlein waard yn 1471 (of 1476) foar de ôfwettering fan ûnder oaren de nije polder Rûgewaard. Yn 1741 waard it slûzestelsel fan no oanlein. Yn 1882 waard De Skâns in eilân doe't súdlik dêrfan in nij kanaal dold waard en de hjoeddeiske grutte spuislûs waard lein mei hjiroer de 'Nij Fryske Brêge'. Oant yn de jierren 1970 wie De Skâns in ticht beboud gebiet en hie it in hotel, mar yn 1976 waarden benei alle 50 huzen sloopt mei de tasizzing fan de gemeente dat der nije foar yn't plak komme soene; dat is lykwols nea bard.[4]

Tsjintwurdich is it westlik part fan De Skâns in park mei in hartekamp en is der in binnenhaventsje. Oan de oare kant fan de wei steane de twa huzen dy't stean bleaun binne.


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ontgonnen verleden; Regiobeschrijvingen provincie Groningen Adriaan Haartsen & Nikki Brand. s. 93. Utj. Ministarje fan LNV: Directie Kennis; juny 2009
  2. Munnekezijlster Molen / Rust Roest. Nederlandse molendatabase
  3. Database van verdwenen molens: Korenmolen van Munnekezijl (nr. 7624) en Bokkemolen (nr. 4440)
  4. Het verhaal van Munnekezijl, De Streekkrant; novimber 2009