De Stormruiter wie in muzykteäterfoarstelling dy't yn 2018 yn it ramt fan 'e status fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Jeropa organisearre waard.[1][2][3] It wie in hynsteteäter[1][2] mei 103 hynders[3][4][5] en ferskate oare bisten[1][6] op basis fan 'e roman Der Schimmelreiter, fan 'e Dútske skriuwer Theodor Storm.[1][2][7] It ferhaal oer de oermoedige dykgraaf Hauke Haien en de striid tsjin it wetter[1][2] waard yn opdracht fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek en de Stichting Faderpaard[1][2] bewurke en regissearre troch Jos Thie.[1][2][3][8][9] De foarstelling wie fan 8 septimber[4][5] oant en mei 7 oktober 2018[2][6][10] 22 kear[9][11] yn it WTC Expo yn Ljouwert te sjen.[1][2][12] It wie de grutste Nederlânske teäterfoarstelling fan it jier,[3][9] en groeide mei 105.000 besikers[9][11] út ta ien fan 'e abslute hichtepunten fan it projekt LF2018.[12]

De Stormruiter
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn WTC Expo
datum 8 sept.7 okt. 2018
bysûnderheden
oanlieding LF2018
soarte evenemint teäterfoarstelling
sjenre hynsteteäter
org. troch Stichting Faderpaard
Ken. Frysk Hynstestamboek
regisseur Jos Thie
offisjele webside
www.destormruiter.nl

It muzykteäter De Stormruiter wie basearre op 'e roman Der Schimmelreiter, fan 'e Dútske skriuwer Theodor Storm, út 1888.[1][2][7] It gie oer de foarútgong en de striid tsjin it wetter.[13] It ferhaal fan Der Schimmelreiter spile him ôf yn Noard-Fryslân, deunby de Deenske grins. Yn it ramt fan LF2018 waard it ferhaal foar De Stormruiter oerpleatst nei Westerlauwersk Fryslân,[7] om persiis te wêzen nei It Bilt[7][8][13] yn 1750.[7][14] Foar dy krite waard keazen om't it Biltsk as taal better te folgjen is foar lju fan bûten Fryslân as it Frysk.[7] Yn febrewaris 2018 kaam ek in folsleine Biltske oersetting yn boekfoarm út fan Der Schimmelreiter, ûnder de titel De Skimmelrútter. Oersetter Sytse Hotzes Buwalda wie dêr al yn 1972 mei úteinset en Arjen Dijkstra hie it letter ôfmakke. De kladferzje wie lykwols neitiid lizzen bleaun. It opnimmen fan De Stormruiter yn it program fan LF2018 foarme foar Buwalda de oantrún om, yn gearwurking mei Leendert Ferwerda, de lêste hân oan De Skimmelrútter te lizzen.[15][16]

Muzykteäter

bewurkje seksje

Oan 'e úteinlike opfiering fan De Stormruiter gie fjouwer jier tarieding foarôf.[9] Yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018[1][2][3] waard it oarspronklik Dútsktalige ferhaal oer de oermoedige dykgraaf Hauke Haien[1][2] út Der Schimmelreiter yn opdracht fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek en de Stichting Faderpaard[1][2] oerset troch Bouke Oldenhof en Jos Thie.[8] Neitiid waard it resultaat fan dy fertaling ferfine troch de Biltske skriuwer Hein Jaap Hilarides,[8] mei't de fiertaal yn it stik it Biltsk wie.[8][13] De Schimmelruiter waard regissearre troch Jos Thie,[1][2][3][4][8][9] dy't earder al oare grutte súksesfolle teäterfoarstellings makke hie, lykas Faderpaard, Kening Lear en ABE![8]

Thie reizge nei Marseille, dêr't er it Théâtre du Centaure fan 'e Frânske hynste-akrobaten Camille en Manolo besocht, dy't oeral op 'e wrâld optredens fersoargje mei harren hynders.[3] Mei harren hied er earder gearwurke foar Faderpaard, en ek diskear wiene se ree om mei te dwaan.[1][3][9] Behalven it Théâtre du Centaure sei ek de Frânske hynste-akrobatykgroep Jehol Spectacles syn meiwurking oan it nije projekt ta.[9] Uteinlik diene oan De Stormruiter 103 hynders mei,[3][4][5][6] wêrûnder de beide Lusitano-skimmelhynsten fan it Théâtre du Centaure en mear as hûndert Fryske hynders.[1] Yn it skript stiene 117 ferskillende hynders, mar guon fertolken mear as ien rol.[6] Fierders spilen der yn it stik ek 19 guozzen, 4 hûnen (op papier 6), 2 ponnys, in ûle en in jachtfalk.[6] As 'produksjeliedster bisten' wie Marije Akkerman dejinge dy't dat allegear yn goede banen liede moast.[6] Dat wie noch net sa maklik, want behalven dat in protte fan 'e hynders as twa drippen wetter opinoar lieken, wie it ek noch sa dat net alle hynders mei-inoar koene. Dêrom moast byholden wurde hokker hynders inoar ûnder de foarstelling beslist net tsjinkomme mochten.[5] Fierders hie Toshiro, de skimmelhynst fan Manolo, wat tsjin in landauer, sadat dat type rydtúch by him út 'e buert holden wurde moast.[5]

Akteur Jelle de Jong spile de haadrol fan oermoedige dykgraaf Hauke Haien,[1][13][8][9] dy't úteinlik mei hynder en al ûnder de weagen ferdwynt as de see troch syn nije seedyk hinne brekt.[13] Oer in perioade fan sawat in healjier foarôfgeande oan 'e foarstelling gie De Jong ferskate kearen by it Théâtre du Centaure yn Marseille yn training.[4][8] Foartiid miende er dat er hynsteride koe, mar efterôf moast er tajaan dat it mei him nearne nei liek. De Stormruiter frege fan him net inkeld hynsteriden, mar aktearjen mei hynders, wat hiel wat oars wie.[4] De Jong ried ûnder de foarstelling op Akira, in hynst dy't de earste seis jier fan syn libben yn it wyld yn Portegal trochbrocht hie.[6] Akira syn trainster, Lucie Lebey, wie lykwols altyd deunby om yn te gripen as der wat mis drige te gean.[6]

Aktrise Annemaaike Bakker[1][5][9] spile Elke, de frou fan Hauke Haien,[14] wylst dressuerruter Judith Pietersen de rol fan Winke fertolke, de dôfstomme dochter fan Hauke en Elke.[13] Sjongster en aktrise Ellen ten Damme[3][8][7][9] spile de liedster fan in groep Sigeuners.[7] Húshâldster Trins Jans waard spile troch Klaasje Postma[7] Fierders diene oan De Stormruiter Joop Wittermans,[5] Freark Smink,[1] Hilbert Dijkstra[1] en hast 60 oare akteurs mei,[1] en teffens in koar en ferskate muzikanten.[1] De 75-jierrige Frits de Jong út Tsjerkgaast, dy't yn 1995 noch meiwurke hie oan Thie syn eardere spektakelstik ABE!, wie ek diskear wer fan 'e partij, mei syn hynst Marcus foar de belslide.[5]

Komponist Rogier Bosman fan De Wëreldbänd[3][9] skreau hûnderttweintich minuten oan muzyk foar de foarstelling.[3] De goreografy waard fersoarge troch Grietine Molenbuur fan Dûnsgroep Duende.[17] De crew omfieme 250 persoanen,[1] fan wa't de helte frijwilliger wie,[1] en stie ûnder lieding fan Margus Spekkers en Jelle Snijder.[9] De kostúms foar De Stormruiter waarden fan novimber 2017 ôf betocht troch kostúmûntwerpster Hadewych ten Berge.[18] De measte kostúms waarden hierd by it ferneamde kostúmhûs Angels Costumes, yn Londen, dat ek leveret foar bekende tillefyzjesearjes as Downton Abbey en Game of Thrones.[18] Dêr sochten Ten Berge en har meiwurksters hast it hiele assortimint dat se nedich wiene byinoar út 15 km oan kleanrekken.[18] Om't De Stormruiter omtrint 1750 spile, yn 'e Pruketiid, makken ek pruken diel út fan 'e kostúms.[14] Dy waarden fersoarge troch prukemakkers Gies van de Kamp út Rotterdam en Pilo Pilkes út Amsterdam.[14] De marketing foar De Stormruiter waard fersoarge troch in team fan 'e NDC Mediagroep[9] ûnder lieding fan Siebe Annema.[19] De kosten fan it spektakelstik bedroegen úteinlik 4,5 miljoen.[12]

Yn it ferhaal stiet de striid tsjin it wetter sintraal. It spilet omtrint 1750 oan 'e Fryske kust op It Bilt, dêr't oan it begjin jong en âld dwaande is om in gat yn 'e seedyk te tichtsjen. Haadpersoan yn it stik is de jonge Hauke Haien (Jelle de Jong), dy't troch syn leafde foar Elke (Annemaaike Bakker), de dochter fan 'e pleatslike dykgraaf, úteinlik sels dy funksje komt te beklaaien. Foartiid hied er al berekkene dat de besteande diken te swak binne, en as dykgraaf set er útein mei in ambisjeus plan om in nije, sterkere seedyk oan te lizzen wêrmei't tagelyk ek in kwelder ynpoldere wurde sil. Hy is derfan oertsjûge dat syn dyk sterk genôch is om it lân iuwenlang tsjin 'e see beskermje te kinnen.[7]

Op syn mei magyske krêften bejeftige skimmelhynst fjouweret Hauke oer de dyk om 'e arbeiders oan te fiterjen en bodzje hurder ta, sadat it wurk foar de earste hjerststoarm folôge wêze sil. De skimmel hat er krigen fan in Sigeunerfrou (Ellen ten Damme). Hauke syn frou Elke brûkt de skimmelhynst om te fokken, mar har fokkerij is ôfhinklik fan 'e diken dy't it lân beskermje. De striid tsjin it wetter liket earst te slagjen, mar troch it byleauwe fan de dykarbeiders rekket it mei de dykoanlis yn it neigean. Ek ûntstiet der twifel oer it fokken fan in nij Frysk hynsteras. Der is in swiere stoarm op kommendewei dy't it libbenswurk fan Hauke teneate dwaan kin. De dykgraaf spant him oan it uterste ta yn om dat foar te kommen, mar foar de natoer oer stiet in minske machteleas.[7]

Inkele dagen foar de premiêre fan De Stormruiter brocht Thie noch feroarings yn it stik oan.[17] In sêne mei in Frânske akrobate waard skrast (hja wurke aldergeloks ek mei oan in oare sêne, dat se wie net foar neat kommen). Ek in sêne mei in koartsdream waard skrast, en de stjersêne moast oars.[17] It ferhaal wie liedend en dêr moast alles foar wike. Mar by de generale repetysje, op 5 septimber, wie it stik ek tweintich minuten te lang.[17] Camille en Manolo fan Théâtre du Centaure arrivearren op 28 augustus yn Ljouwert mei sân fan harren eigen hynders en in ponny.[4] Manolo, dy't as in soarte fan stuntman fungearre foar haadrolspiler Jelle de Jong, moast, om op De Jong te lykjen, syn burdsje ôfskeare, wat er mei tsjinnichheid die.[4]

Op 'e jûn fan sneon 8 septimber 2018[12] gie De Stormruiter yn in smoarfol WTC Expo yn Ljouwert yn premiêre.[12] Under de oanwêzigen wiene kening Willem-Alexander en syn mem, prinsesse Beatrix.[8][7][12][20][21] De keninklike gasten waarden oan it begjin fan 'e jûn ferwolkomme troch Tjisse Wallendal, de foarsitter fan 'e Stichting Faderpaard,[13] en troch it oare publyk ûnthelle mei in steande ovaasje.[13] Nei ôfrin wie der yn 'e stâlen in moeting fan 'e kening en de prinsesse mei de haadrolspilers. Wallendal rapportearre letter: "Sels de Bildtse taal konnen se behoorlik folge. Niet alle woorden, maar wel de lyn fan 't ferhaal."[13] Hy sei ek: "Ik loof dat wy wel twintig minuten dêr bij de peerden staan hewwe te praten. Se hewwe echt genoaten."[13]

Under it publyk wie fierders in kar oan bekende Nederlanners, lykas presintatrise Bridget Maasland (in goede freondinne fan haadrolspiler Jelle de Jong),[13] teätermakker en presintator Albert Verlinde,[13] sjongsters Nynke Laverman[13] en Willeke Alberti,[13] sjoernalist en teätermakker Henk van der Meijden,[4] kabaretiers Jochem Myjer[13] en Vincent Bijlo,[13] teäterprodusint Joop van den Ende,[4] aktrise Monique van de Ven[13] en har man, akeur en senarioskriuwer Edwin de Vries.[13]

Ek oanwêzich wie de Amerikaanske skrillerauteur Dan Brown,[7][13][19] dy't spesjaal foar De Stormruiter út Amearika oerkommen wie[19] en him troch de organisaasje efter it teäterspektakel oerhelje litten hie om 'e offisjele ambassadeur fan it evenemint te wurden.[19] Dat Brown, dy't net inkeld oanhelle is mei in fassinaasje foar it Fryske hynder,[19] mar ek foar wiskunde,[19] mei-iens ek de tentoanstelling Escher op Reis (mei it wurk fan 'e keunstner M.C. Escher) yn it Frysk Museum besykje koe, wie in lokkich tafal.[19] Syn heit Richard, in wiskundelearaar dy't in fan fan Escher is, kaam om dy reden mei oer nei Fryslân.[19] Behalven De Stormruiter en Escher op Reis besochten Brown en syn heit yn Fryslân ek it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, it âldste noch wurkjende planetarium fan 'e wrâld, dêr't se har de eagen útseagen.[22][23]

Ungelok mei in hynder

bewurkje seksje

Under de premiêre kaam ien fan 'e hynders te fallen en waard ferwûne ôffierd.[7][8][12][13] It gie om Quirikou, de fjirtjinjierrige hynst fan 'e Frânske stuntruter Clement Mesmin.[24][25] Dyselde en in kollega fan Jehol Spectacles[9][25] diene in act wêrby't se oer en ûnder it hynder lâns kroepen wylst it bist oan it draven wie.[24] Quirikou rekke út lykwicht en kaam te fallen, wêrby't Mesmin heal ûnder en syn kollega op it hynder delkaam.[8][24][25] Neffens Mesmin bleau Quirikou dêrnei deastil lizzen om't er bang wie Mesmin te ferwûnjen.[24][25] Dy koe dêrtroch ûnder it bist út krûpe.[24] Wylst ûntsetting him fan it publyk master makke,[25] waard Quirikou kreupel efter de skermen brocht, dêr't in bistedokter klear stie.[24] Nei in koart ûndersyk waard de hynst mei in ambulânse[24] nei in bisteklinyk yn Lelystêd[24] of Emmeloard[25] brocht, dêr't út röntgenfoto's bliek dat Quirikou neat brutsen hie.[24] Hy waard neitiid mei fysioterapy behannele foar ferrutsen spieren en in flinke kniezing.[24][25] Mesmin sels hie inkeld spierpine en koe oan 'e folgjende foarstellings fan De Stormruiter dielnimme mei syn oare hynder Fantouche.[24] De stunt wêrby't it ûngemak plakfûn, waard út it programma skrast om't dy inkeld mei Quirikou útfierd wurde koe.[24] Fiif dagen letter waard Quirikou werombrocht nei it WTC Expo, net om wer oan 'e show mei te dwaan, mar om mank bekende hynders op stâl set te wurden.[25] It moast eefkes de tiid hawwe, mar it wie dúdlik dat er folslein opbetterje soe.[25]

De resinsjes foar De Stormruiter wiene fol lof. "Sikest it drama, en it drama wie der," sei teäterkritikus Jacques d'Ancona neitiid oer it stik.[13] In resinsint yn it streekblêd van Wad tot Stad skreau fan in "megaspektakel", wêryn't "it Fryske hynder [...] op in fuotstik komt te stean, dêr't de Biltdiken as in 'izerne klam' om it ikkerlân hinne de bewenners fan it gebiet gerêststelle moatte, mar dêr't dyktrochbraak altyd driget."[8] Yn 'e Ljouwerter Krante omskreau resinsint Gooitsen Eenling De Stormruiter as in "magistrale ferbylding fan 'e wrakseljende minske", in universeel tema, dat neffens him ek bûtengewoan aktueel is mei it each op 'e oanhâldende klimaatferoaring.[7] Hy fûn de ein fan 'e foarstelling "net echt sterk",[7] mar fierders hied er "neat as lof foar dit izersterke Fryske fisitekaartsje."[7]

Fierdere foarstellings

bewurkje seksje

De Stormruiter wie fan 8 septimber[4][5] oant en mei 7 oktober 2018[2][6][10] yn totaal 22 kear[9][11] yn it WTC Expo yn Ljouwert te sjen.[2][12] Op snein 7 oktober 2018 fûn de lêste foarstelling plak.[9] De Stormruiter wie de grutste Nederlânske teäterfoarstelling fan it jier,[3][9] dêr't 105.000 besikers op ôf kamen.[9][11] De kaartsjes wiene lykwols mear as in healjier yn 't foar, yn febrewaris 2018, al útferkocht, dat as it mooglik west hie, hiene der folle mear minsken hinne wollen.[26]

Weromsjoch en beoardieling

bewurkje seksje

Neitiid waard De Stormruiter beskôge as ien fan 'e abslute hichtepunten fan it projekt LF2018.[12] It publyk wurdearre de foarstelling mei 8,6, sa die yn novimber 2018 bliken út in ûndersyk fan it Blockbusterfûns.[27] In trêdepart fan 'e besikers joech dêrby oan dat de reden foar harren besyk wie dat se hynsteleafhawwers wiene.[27] Fierders waard bekend dat de lju dy't spesjaal foar De Stormruiter nei Ljouwert ta kommen wiene, dêr mei-inoar foar 6,5 miljoen útjûn hiene.[27] Neffens berekkenings fan it Blockbusterfûns soe de totale ekonomyske impact fan 'e foarstelling rom boppe de €9 miljoen lein hawwe.[27] Ek foar de Biltske taal waard it muzykteäter as in grut súskes beskôge. "Foor 't Bildts is dut fansels 'n enorme promoasy," sei Tjisse Wallendal. "Je make kennis met de beelden fan 't Bildt. At je dêr na de seedyk gaan, dan sien je wat je fanavend sâgen."[13] Begjin april 2019 waard De Stormruiter twadde by de útrikking fan 'e prestizjeuze Dutch Live Entertainment Production Awards yn Leersum. De haadpriis gie nei De Vliegende Vrienden van Amstel.[28]

Offier fan nedichheden

bewurkje seksje

Der wie ferlet fan in protte guod om De Stormruiter produsearje te kinnen. Dêrby gie it û.m. om 1000 kúb sân, 100 picknicktafels, 80 lytsere tafels, 160 stuollen, 110 lockers, 15 spegels, 700 kleanhingers, ferskate ûnderdielen fan it dekôr, lampen, strykizers, kroaden, biezems, skeppen, 2 waskmasinen, 2 waskdrûgers en in sintrifúzje.[11] Neitiid waard it spul foar in diel ûnderhâns oerdien (û.m. oan inkele Fryske toanielselskippen)[11] en foar in diel fia Facebook te keap oanbean.[11] Op 8 oktober, ien dei nei de lêste foarstelling, wie suver alles al ferkocht.[11]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 Ynformaasje fan 'e eigen webside fan De Stormruiter.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 ——, De Stormruiter, yn: Programmakrant Leeuwarden/Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa, 5 septimber 2018, s. 3.
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 3,11 3,12 Boer, Jantien de, "Het wordt nog veeeeel erger", yn: de Ljouwerter Krante, 25 augustus 2018, s. 3.
  4. 4,00 4,01 4,02 4,03 4,04 4,05 4,06 4,07 4,08 4,09 4,10 Boer, Jantien de, Jelle de Jong: "Ik kon er helemaal niks van", yn: de Ljouwerter Krante, 28 augustus 2018, s. 27.
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 5,5 5,6 5,7 5,8 Boer, Jantien de, Schroefje voor schroefje scènes indraaien, yn: de Ljouwerter Krante, 30 augustus 2018, s. 27.
  6. 6,0 6,1 6,2 6,3 6,4 6,5 6,6 6,7 6,8 Boer, Jantien de, Marijke doet soms een schietgebedje, yn: de Ljouwerter Krante, 4 septimber 2018, s. 23.
  7. 7,00 7,01 7,02 7,03 7,04 7,05 7,06 7,07 7,08 7,09 7,10 7,11 7,12 7,13 7,14 7,15 7,16 Eenling, Gooitsen, Magistrale verbeelding van de worstelende mens, yn: de Ljouwerter Krante, 10 septimber 2018, s. 28.
  8. 8,00 8,01 8,02 8,03 8,04 8,05 8,06 8,07 8,08 8,09 8,10 8,11 8,12 8,13 ——, Magische Bildtdijken en Friese paarden en de schimmel, yn: de van Wad tot Stad, 11 septimber 2018, s. 3.
  9. 9,00 9,01 9,02 9,03 9,04 9,05 9,06 9,07 9,08 9,09 9,10 9,11 9,12 9,13 9,14 9,15 9,16 9,17 9,18 ——, Bedankt, yn: de Ljouwerter Krante, 9 oktober 2018, s. 40.
  10. 10,0 10,1 Ynformaasje oer De Stormruiter op VanPlan.nl.
  11. 11,0 11,1 11,2 11,3 11,4 11,5 11,6 11,7 Haagsma, Jacob, Meeste spullen "De Stormruiter" al verkocht, yn: de Ljouwerter Krante, 8 oktober 2018, s. 4.
  12. 12,0 12,1 12,2 12,3 12,4 12,5 12,6 12,7 12,8 ——, "De Stormruiter" betovert afgeladen WTC, yn: de Ljouwerter Krante, 10 septimber 2018, s. 1.
  13. 13,00 13,01 13,02 13,03 13,04 13,05 13,06 13,07 13,08 13,09 13,10 13,11 13,12 13,13 13,14 13,15 13,16 13,17 13,18 13,19 13,20 13,21 Westrheenen, Saskia van, Spektakel, drama en ontroering: "Se hewwe genoaten", yn: de Ljouwerter Krante, 10 septimber 2018, s. 2-3.
  14. 14,0 14,1 14,2 14,3 Boer, Jantien de, "Niet piepen, je wou toch zingen?", yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2018, s. 31.
  15. Grosse, Maria del, Bildtse vertaling van boek "De Stormruiter" is na 46 jaar af, yn: de Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2018, s. 26.
  16. ——, "De Skimmelrútter" nou as boeky te krijen, yn: de Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 2019, s. 28.
  17. 17,0 17,1 17,2 17,3 Boer, Jantien de, Jammer dan, maar de ruis moet eruit, yn: de Ljouwerter Krante, 8 septimber 2018, s. 19.
  18. 18,0 18,1 18,2 Boer, Jantien de, Hoe doorzoek je 15 kilometer kledingrek, yn: de Ljouwerter Krante, 1 septimber 2018, s. 19.
  19. 19,0 19,1 19,2 19,3 19,4 19,5 19,6 19,7 Annema, Siebe, Verliefd op het Friese paard, yn: de Ljouwerter Krante, 1 septimber 2018, taheakke Sneon & Snein, s. 4-7.
  20. Westrheenen, Saskia van, De koninklijke klik tussen het Friese paard en prinses Beatrix, yn: de Ljouwerter Krante, 8 septimber 2018, s. 2.
  21. Koning en prinses 'diep onder de indruk' van De Stormruiter, yn: de Ljouwerter Krante, 10 septimber 2018.
  22. ——, Dan Brown onder indruk van Planetarium, yn: de Frjentsjerter Krante, 12 septimber 2018, s. 1.
  23. ——, Bestsellerschrijver Dan Brown in Eise Eisinga Planetarium, yn: van Wad tot Stad, 11 septimber 2018, s. 9.
  24. 24,00 24,01 24,02 24,03 24,04 24,05 24,06 24,07 24,08 24,09 24,10 24,11 Westrheenen, Saskia van, Stuntruiter: "Je voelt je eigen lichaam niet, je denkt alleen maar aan het paard", yn: de Ljouwerter Krante, 10 septimber 2018, s. 3.
  25. 25,0 25,1 25,2 25,3 25,4 25,5 25,6 25,7 25,8 Boer, Jantien de, Geblesseerd paard terug bij z'n "vrienden", yn: de Ljouwerter Krante, 15 septimber 2018, s. 5.
  26. ——, De Stormruiter volledig uitverkocht, berjocht op de webside fan De Stormruiter, 5 febrewaris 2018.
  27. 27,0 27,1 27,2 27,3 ——, Bezoekers "Stormruiter" geven 6,5 miljoen uit, yn: de Ljouwerter Krante, 22 novimber 2018, s. 34.
  28. ——, "De Stormruiter" tweede by DLEP Awards, yn: de Ljouwerter Krante, 10 april 2019, s. 34.