De Tille (boekhannel)

De Tille wie in boekhannel yn Ljouwert, dy't lang rûnom as dé boekhannel fan Fryslân beskôge waard.[1] Dizze winkel waard yn 1948 oprjochte en wie fan 1978 ôf fêstige oan it Ruterskertier.[1] Ferkearde beslissings en ynskattingsflaters op it mêd fan bedriuwsbelied laten úteinlik nei mear as sechstich jier, yn 'e mande mei de algemiene ûntlêzing, ta it opdoeken fan 'e boekhannel.[1]

De Tille
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor boekhannel
antikwariaat
útjouwerij
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1948
oprjochter Sipke Dykstra
fuortk. út Fryske Boekhandel
opgien yn Selexyz, dêrnei Polare
offisjele webside
net mear fan tapassing

Skiednis bewurkje seksje

Begjin bewurkje seksje

De foarskiednis fan De Tille begûn fuort nei de Twadde Wrâldoarloch. Skipperssoan Sipke Dykstra naam doe ûntslach as notarisklerk om't er utering jaan woe oan syn leafde foar it Frysktalige boek troch in eigen boekhannel te begjinnen dy't him spesifyk talei op dat mêd.[1] Hy wie net folslein nij yn it boekferkeapersfak, mei't er al fan 1936 ôf belutsen wie by de ferkeap fan Fryske literatuer troch it Kristlik Frysk Selskip (KFS).[2] Nei't er syn Fryske Boekhandel oprjochte hie, dy't fêstige wie oan 'e Prins Hindrikstrjitte yn Ljouwert, ûntdiek er lykwols al rillegau dat er fan allinnich de ferkeap fan Frysktalige boeken net bestean koe. Sadwaande besleat Dykstra in algemiene boekhannel te begjinnen mei dêrby yn in antikwariaat. Dat waard De Tille, dy't yn 1948 syn doarren iepene oan 'e Wurdumerdyk.[1][2] De namme fan 'e boekhannel, dy't ferwiist nei in soarte fan brêge, ûntliende Dykstra oan it Frânske wurd le pont, yn 'e betsjutting fan 'e skeakel tusken de boekhannelbrâns en de lêzer.[2]

Heechtijdagen bewurkje seksje

Ek yn dizze nije saak lei Dykstra lykwols de klam op Fryske literatuer. Hy wie dêr sa oan ferslingere, dat der fan 1968[2] oant yn 'e 1980-er jierren ek in lytse útjouwerij oan De Tille ferbûn wie, dêr't yn totaal likernôch 150 titels ferskynden.[1] Foarbylden fan útjeften fan De Tille wiene de samle fersen fan Fedde Schurer, Obe Postma en Piter Jelles Troelstra[1] en in klassiker as De Sûnde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten,[2] mar ek de trijedielige ornitologyske bestsellerrige Vogels in Friesland,[1] it Hindelooper Schilderboek[2] en it Elfstedenlogboek út 1986, dêr't tsientûzenen eksimplaren fan ferkocht waarden.[2]

Yn 1978 ferfear De Tille nei it Ruterskertier, hoewol't de winkel dêr yn 'e folksmûle oan it Saailân fêstige wie, fuort njonken de 'efterkant' fan V&D.[1] Dêr kaam de boekhannel yn in rom pân dat hierd waard fan 'e Doopsgesinde Tsjerke fan Ljouwert. Jierrenlang wie dêr behalven de boekhannel, dy't yn 1983 oernommen wie troch Dykstra syn soan Thys Dykstra,[2] ek in eksposysjeromte foar Fryske keunstners.[1] De boekhannel hie in protte súkses mei boekpresintaasjes fan wurk fan skriuwers as Jan Wolkers, Geert Mak en Connie Palmen.[2] It antikwariaat, dêr't Dykstra syn oare soan Gerben Dykstra de skepter swaaide, wie ûnderwilens yn 1958[2] ferhuze nei in pân oan 'e Weard.[1] Dit bedriuw soe bestean bliuwe oant it yn 2009 syn doarren sleat.[2]

Yn 'e 1980-er jierren wurke bibliofyl Michaël Zeeman by de De Tille. Hy brûkte de winkel, nei't it skynt mei goedkarring fan Dykstra, as in soarte fan bibleteek, mar in ymposante hoemannichte 'liende' boeken brocht er nea werom. Dat late úteinlik ta Zeeman syn ûntslach en ta in rjochtsaak dy't yn 1986 begûn en yn 1993 sûnder feroardieling skikt waard.[1] Ton van Dijk skreau oer dizze kwestje it yn 1995 ferskynde boek Hier Gebeurt Nooit Iets.[1] Yn 2018 sei Thys Dykstra dêroer yn 'e Ljouwerter Krante dat dat wat him oanbelange it lêste wurd oer de saak west hie, mar nettsjinsteande dat efterfolge it him noch jierren, om't "Zeeman mar net ophold him te manifestearjen."[1]

Delgong en ein bewurkje seksje

Thys Dykstra ferkocht De Tille yn 1999 oan Van Dijk Educatie yn Kampen, dy't de ferkeap fan skoalboeken yn Ljouwert behold en de rest fan 'e boekhannel trochferkocht oan Boekhannels Groep Nederlân (BGN).[1][2] Fan dat punt ôf rekke De Tille yn 'e nederklits, mei't de boekhannel sûnder de skoalboekeferkeap eins mar kwealk bestean koe. Yn 2016 feroare de BGN syn namme yn Selexyz; De Tille waard doe 'selexyz De Tille'. De boekhannelkeatling rekke lykwols yn swierwaar om't men net op 'e tiid meigien wie yn 'e ferkeap fan boeken oer it ynternet, en sadwaande in grut diel fan 'e merk kwytrekke (benammen oan Bol.com).

Doe't de merk foar boeken troch de algemiene ûntlêzing yn 'e folgjende jierren noch sterk kromp, moast Selexyz ein maart 2012 útstel fan betelling oanfreegje. Uteinlik gie it bedriuw mids 2012 oer de kop.[3] Op it alderlêst waarden de boekhannels fan Selexyz oernommen troch De Slegte,[3] in keatling fan antikwariaten, dy't ek yn Ljouwert in fêstiging hie, oan 'e stille kant fan 'e Nijstêd. De Tille makke doe in trochstart as 'De Tille/De Slegte', en it antikwariaat fan De Slegte loek yn it gebou oan it Ruterskertier by de boekhannel yn. Op 27 juny 2013 waard foar De Slegte en de dêrtroch oernommen boekhannels de nije namme Polare yntrodusearre. De Slegte hie lykwols tefolle hea op 'e foarke nommen, en kaam troch de oername sels yn 'e swierrichheden. Begjin jannewaris 2014 moast Polare útstel fan 'e betelling oanfreegje en op 28 jannewaris giene alle winkels fan 'e keatling ticht.[4] Dat wie de definitive ein foar De Tille, dy't neitiid oernommen waard troch konkurrint Boekhannel Van der Velde en dêr folslein yn opgie.[5]

Argyf bewurkje seksje

Neitiid waard it argyf fan 'e boekhannel, it antikwariaat en de útjouwerij (de Dykstra's hiene sûnt de Twadde Wrâldoarloch neat weismiten) oerdroegen oan Tresoar.[1][2] Dêr wie argivaris Barteld de Vries trije jier dwaande mei it meitsjen fan in wiidweidige ynhâldsopjefte fan 'e 21 m argyfstikken fan boekhannel en útjouwerij en nochris 3 m fan it antikwariaat.[1] Ek de persoanlike korrespondinsje fan Sipke Dykstra mei persoanen út de Fryske literêre wrâld (lykas Eeltsje Boates Folkertsma en Berend Joukes Fridsma) siet dêrby yn, sadat it argyf in ynkyk jout yn 'e wrâld fan 'e Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldoarloch.[1] Op freed 19 jannewaris 2018 fûn der by Tresoar in iepenbiere plechtichheid plak dêr't by fierd waard dat de ynventarisaasje ôf en it argyf frij tagonklik wie, útsein de prosesstikken fan 'e saak-Zeeman, dy't fanwegen regels op it mêd fan iepenbierheid oant 2042 inkeld foar wittenskiplik ûndersyk tagonklik binne.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 Walthaus, Asing, Boekhandel met een Friese Missie, yn: de Ljouwerter Krante, 19 jannewaris 2018, s. 23..
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 ——, Archiefinventaris boekhandel, uitgeverij en antiquariaat De Tille, yn: Van Wad tot Stad, 30 jannewaris 2018, s. 13..
  3. 3,0 3,1 Zantingh, Pieter, Moederbedrijf Selexyz failliet, maar boekhandels gered, yn: NRC Handelsblad, 27 maart 2012..
  4. ——, Polare officieel failliet verklaard, op: Nu.nl, 24 febrewaris 2014.
  5. ——, Voormalige boekhandel De Tille heet nu ook Van der Velde, yn: Huis-aan-Huis Leeuwarden, 20 maart 2014.