Death Wish (filmsearje)

Death Wish is in Amerikaanske aksje-misdie-dramafilmsearje basearre op 'e roman Death Wish fan Brian Garfield út 1972. De films folgje it personaazje Paul Kersey, in arsjitekt dy't in bestean as figilante en bestrider fan 'e misdie begjint nei't syn frou en dochter troch kriminelen ferkrêfte en fermoarde binne. De filmsearje bestiet út fiif 'oarspronklike' films dy't útkamen fan 1974 oant 1994, mei Charles Bronson as yn 'e rol fan Kersey, en in remake út 2018 mei Bruce Willis yn 'e haadrol. De earste film koe noch rekkenje op mingde resinsjes, mar de ferfolgen lieten de filmkritisy ienriedich ôfrinne.

Death Wish
betinker Brian Garfield
eigner Paramount Pictures (1974-1982)
Columbia Pictures (1974-2018)
Metro-Goldwyn-Mayer (1985; 2018)
Trimark Pictures (1994)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1974
einjier 2018
films
langspylfilms Death Wish (1974)
Death Wish II
Death Wish 3
Death Wish 4: The Crackdown
Death Wish V: the Face of Death
Death Wish (2018)

Death Wish (1974)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Death Wish (film út 1974).

Yn Death Wish is Paul Kersey (Charles Bronson) in feteraan dy't as hospik yn 'e Koreaanske Oarloch tsjinne hat en no as arsjitekt yn New York wennet. Op in dei wurde syn frou Joanna (Hope Lange) en syn troude dochter Carol (Kathleen Tolan) by Kersey thús oanfallen troch in stikmannich jonge kriminelen dy't har foardogge as de besoargers fan 'e boadskippen fan 'e pleatslike supermerk. Se slane Joanna hielendal yninoar en ferkrêftsje Carol foar't se útnaaie. Joanna komt letter oan har ferwûnings te ferstjerren, wylst Carol sljochtsinnich rekket en yn in katatoanyske steat bedarret.

It libben fan Kersey wurdt sa folslein ferwoastge. As de plysje de dieders net fine kin, set er sels mei in syktocht útein. Hy bewapenet himsels en begjint nachts oer de strjitte te gean om himsels as lokies te brûken. De kriminelen dy't him tenei komme, sjit er dea. Troch as figilante eigenhandich foar rjochter en boal te spyljen, kriget Kersey sels de plysje efter him oan, yn 'e persoan fan resjersjeur Frank Ochoa (Vincent Gardenia). Death Wish waard regissearre troch Michael Winner nei in senario fan Wendell Mayes. De film gie op 24 july 1974 yn premiêre, en brocht $22 miljoen op tsjin in budget fan $3,7 miljoen.

Death Wish II

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Death Wish II.

Yn Death Wish II is Kersey (Charles Bronson) mei syn noch altyd katatoanyske dochter Carol (Robin Sherwood) nei Los Angeles ferfearn, dêr't er in nij bestean opboud hat. Hy hat sels wer in romantyske relaasje krigen, mei Geri Nichols (Jill Ireland), in ferslachjouster foar in pleatslike tillefyzjestjoerder. Op in dei, as Kersey yn 'e stêd is mei Carol en Geri, wurde se berôve troch in strjitbinde. Hy fjochtet werom, mar fjouwer fan 'e fiif bindeleden witte te ûntkommen. Se hawwe syn beurs dêr't syn adres yn stiet, dat om wraak te nimmen, sette se nei syn hûs ta, dêr't se syn húshâldster Rosario (Silvana Gallardo) gizelje en ferkrêftsje.

As Kersey thúskomt mei Carol, slane se him bewusteleas, fermoardzje se Rosario en ûntfiere se Carol nei harren skûlplak, dêr't se har ek ferkrêftsje. As se besiket fuort te kommen, falt se op in stek mei grutte pjukken en wurdt se speetst. Kersey wegeret mei te wurkjen oan it ûndersyk dat troch it Los Angeles Police Department (LAPD) nei de saak ynsteld wurdt. Ynstee begjint er op 'e nij as figilante jacht te meitsjen op 'e dieders, wêrby't er syn aktiviteiten net inkeld foar de plysje, mar ek foar Geri geheim besiket te hâlden. It LAPD ropt de help yn fan resjersjeur Ochoa (Vincent Gardenia) fan it New York Police Department (NYPD), dy't inkele jierren earder in soartgelikense saak behannele hat. Death Wish II waard op 'e nij regissearre troch Michael Winner, nei in senario fan David Engelbach. De film gie op 11 febrewaris 1982 yn premiêre, en brocht $45 miljoen op tsjin in budget fan $8 miljoen.

Death Wish 3

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Death Wish 3.

Yn Death Wish 3 bringt Kersey (Charles Bronson) in besyk oan syn freon Charley (Francis Drake), dy't yn ien fan 'e minste buerten fan New York wennet. As er dêr arrivearret, fynt er Charley lykwols stjerrende troch in wan bruien dat er krigen hat fan 'e binde fan Manny Fraker (Gavan O'Herlihy). De tahastige plysje ûntdekt Kersey by it lyk fan syn freon en sjocht him foar de dieder oan, mei as gefolch dat er arrestearre wurdt foar moard. Plysjekommissaris Richard Shriker, dy't Kersey noch ken fan it ûndersyk nei de figilantemoarden nei de dea fan syn frou, lit him lykwols los om efter Fraker oan te gean. Kersey set him dêrop nei wenjen yn it appartemint fan Charley en giet de striid tsjin 'e binde oan.

Death Wish 3 waard regissearre wer troch Michael Winner, nei in senario fan Don Jakoby (ûnder it pseudonym Michael Edmonds). De film gie op 1 novimber 1985 yn premiêre, en brocht $16,1 miljoen op tsjin in budget fan $9 oant 10 miljoen.

Death Wish 4: The Crackdown

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Death Wish 4: The Crackdown.

Yn Death Wish 4: The Crackdown is Kersey (Charles Bronson) wer werom yn Los Angeles, dêr't er in relaasje begûn is mei ferslachjouster Karen Sheldon (Kay Lenz). As har teenagedochter Erica (Dana Barron) omkomt troch in oerdoazis crack, spoart Kersey de drugsdealer op dy't har de drugs ferkocht hat en fermoardet him. Neitiid nimt de útjouwer Nathan White (John P. Ryan) kontakt mei him op. Dyselde fertelt dat er wit wat Kersey dien hat, en dat syn eigen dochter ek stoarn is oan in oerdoazis crack. Hy wol Kersey ynhiere om 'e drugshannel yn Los Angeles lam te lizzen troch it útskeakeljen fan 'e drugsbazen Ed Zacharias (Perry Lopez) en Jack Romero (Mike Moroff). Kersey giet op it foarstel yn, mar hat net troch dat er brûkt wurdt.

Death Wish 4: The Crackdown waard regissearre troch J. Lee Thompson nei in senario fan Gail Morgan Hickman. De film gie op 6 novimber 1987 yn premiêre, en brocht $6,9 miljoen op tsjin in budget fan $5 miljoen.

Death Wish V: The Face of Death

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Death Wish V: The Face of Death.

Yn Death Wish V: The Face of Death wennet Kersey omreden fan 'e foarfallen yn 'e foargeande film yn it ramt fan it tsjûgebeskermingsprogramma fan 'e Amerikaanske oerheid ûnder de oannommen identiteit fan Paul Stewart yn New York. Hy rekket op 'e nij by de bestriding fan 'e organisearre misdie belutsen as er in relaasje kriget mei moade-ûntwerpster Olivia Regent (Lesley-Anne Down), de eks-frou fan bindelieder Tommy O'Shea (Michael Parks). Kersey, dy't de sitewaasje diskear fia de plysje en it Iepenbier Ministearje besiket op te lossen, ûnderskat it eskalearjende skeel tusken Olivia en Tommy, wat ta de moard op Olivia liedt. Om't er him no ferantwurdlik fielt foar Olivia har dochter Chelsea (Erica Lancaster), bynt Kersey dêrnei dochs noch de striid mei O'Shea oan.

Death Wish V: The Face of Death waard regissearre troch Alan A. Goldstein nei in senario fan himsels. De film gie op 14 jannewaris 1994 yn premiêre, en brocht $5 miljoen op tsjin in budget fan $1,7 miljoen.

Death Wish (2018)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Death Wish (film út 2018).

Death Wish is in remake fan 'e film út 1974. Paul Kersey (Bruce Willis) is in sjirurch, dy't mei syn frou Lucy (Elisabeth Shue) en dochter Jordan (Camila Morrone) yn in begoedige wyk fan Chicago wennet. Der wurdt by harren ynbrutsen op in nacht dat se fuort wêze soene, mar om't Kersey ûnferwachts nei it sikehûs roppen waard, is de trip net trochgien en treffe de ynbrekkers Lucy en Jordan thús oan. Yn it dêropfolgjende debakel rekket Lucy dea en Jordan yn koma. It plysje-ûndersyk nei de ynbraak sjit net op, en Kersey wurdt ûngeduldich en giet sels efter de dieders oan, wêrby't er as figilante ek oare kriminelen ombringt. As it plysje-ûndersyk ûnferwachts àl foarútgong begjint te boeken, moat Kersey him yn alderhanne bochten wringe om 'e plysje foar te bliuwen sadat er sels it earst by de dieders is. Tagelyk moat er derom tinke dat er syn eigen spoaren foar de plysje útwisket.

Death Wish waard regissearre troch Eli Roth nei in senario fan Joe Carnahan. De film gie op 2 maart 2018 yn premiêre, en brocht $49,6 miljoen op tsjin in budget fan $30 miljoen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Death Wish (filmsearje)
Death Wish (1974) • Death Wish II (1982) • Death Wish 3 (1985) • Death Wish 4: The Crackdown (1987) • Death Wish V: The Face of Death (1994) • Death Wish (2018)