DeepSouthCon
DeepSouthCon is in op jierlikse basis holden regionale science fiction-konvinsje yn 'e Feriene Steaten. It "Con" út 'e namme is in ôfkoarting foar "convention" ("konvinsje"), en "DeepSouth" slacht op it Djippe Suden fan 'e Feriene Steaten. It plak dêr't de konvinsje holden wurdt, wikselet elts jier, op basis fan in stimming ûnder de leden dy't twa jier yn 't foar holden wurdt. In protte fan 'e leden fan DeepSouthCon binne ek lid fan 'e Southern Fandom Confederation, mar der bestiet gjin direkte relaasje tusken de beide organisaasjes.
DeepSouthCon | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
plak | wikselet | |
tiid fan it jier | wikselet | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | science fiction-konvinsje | |
bestean | 1963 – no | |
offisjele webside | ||
www.deepsouthcon.org |
Prizen
bewurkje seksjeOp DeepSouthCon wurde twa prizen taparte: de Phoenix Award, dy't útrikt wurdt oan in ferneamd science fiction-auteur, -redakteur of -omslachartyst mei konneksjes mei it Amerikaanske Suden, en de Rebel Award, dy't ferjûn wurdt oan in Súdlike science fiction-fan dy't him yn hege mjitte foar it sjenre ynset hat.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste DeepSouthCon waard yn 1963 holden yn Huntsville, yn 'e Amerikaanske steat Alabama. Dêr kamen doe wolteld fiif minsken op ôf. Yn 1965 wiene der njoggentjin besikers en waard de earste priis (de Rebel Award) útrikt. Yn 1970, doe't de konvinsje yn Atlanta holden waard, waard de Phoenix Award foar it earst útrikt, nammentlik oan 'e skriuwer en yllustrator Richard C. Meredith. Dat jiers wiene der 130 besikers. De grutste DeepSouthCon fûn yn 2010 plak yn Charlotte, yn Noard-Karolina, dêr't 1.300 minsken op ôf kamen. Yn 2013 waard de konvinsje op 'e nij yn Atlanta holden, mei as spesjale gast yllustrator Michael Whelan. Dat jiers waard de Phoenix Award postúm oan skriuwer Robert Jordan takend.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |