De Dei fan Potsdam (Dútsk: Tag von Potsdam) op 21 maart 1933 wie de offisjele iepeningsseremoanje yn de Dútske stêd Potsdam fan de nij keazen Ryksdei, dêr't de ienheid fan it âlde Dútske Keizerryk en it nije nasjonaalsosjalistyske Dútslân toand waard.

Rykskânselier Adolf Hitler bûget foar Rykspresidint Paul von Hindenburg
Hitler en oare leden fan it kabinet-Hitler foar de Garnisonskirche
Hitler jout in taspraak yn de Garnisonkirche
Hitler mei kroanprins Willem fan Prusen, soan fan de ôftreden keizer Willem II

Oanrin bewurkje seksje

Adolf Hitler waard op 30 jannewaris 1933 ta Rykskânselier beneamd troch Rykspresidint Paul von Hindenburg. Hitler trúnde Von Hindenburg oan op ûntbining fan de Ryksdei en útskriuwing foar nije ferkiezings. Nei de Ryksdeibrân, dêr't Hitler de kommunisten de skuld fan joech en hy in klopjacht op harren begûn om 'rêst, oarder en ienheid fan it folk op te helpen', wûn er in soad sitten yn de Ryksdei. Hy en syn NSDAP krigen lykwols net de ferwachte absolute mearderheid en foarme in koälysje mei it rjochtse Striidfront Swart-Wyt-Read, dy't ûnder oaren bestie út de nasjonalistyske, monargistyske Dútsk Nasjonale Folkspartij (DNVP).
De NSDAP woe de Machtigingswet, dy't makke dat hja sûnder parlemintêre stipe regearje koene en dy't neffens de partij nedich wie en help de oarder en ienheid fan it folk op, trochfiere. Neffens de Grûnwet fan Weimar wie der twatredde fan de stimmen nedich. De nazys hiene stipe nedich fan de liberalen, de katolike Sintrumpartij en de DNVP. Mei de Dei fan Potsdam hopen de nazys de rjochtse en boargerlike partijen te oertsjûgjen fan harren bining mei it âlde Prusen en woene hja sjen litte dat Rykspresidint Paul von Hindenburg it wiere haad fan steat wie.

Ferrin bewurkje seksje

De iepening fan it parlemint wie dit kear net yn it Ryksdeigebou, dat in wike foar de ferkiezings troch brân skansearre wie. Hitler hie it barren nei Potsdam ferpleatst. Dêr hiene Dútske en Prusyske foarsten harren paleizen en ûnthieten hja harren ivige trou. Potsdam wie foar it barren fersierd mei swartwytreade flaggen fan it âlde keizerryk en mei heakekrúsflaggen. Foar Rykspresidint Von Hindenburg en de protestantske Ryksdeileden wie der in tsjerketsjinst yn de Nikolaikirche en foar de katoliken wie der in tsjerketsjinst yn de Stadtpfarrkirche. Nei in triomfmars troch de stêd wie der noch in seremoanje yn de Garnisonkirche, dat in symboalysk plak fan it âlde Prusen wie. Rykspresidint Von Hindenburg stie njonken de lege keizerstroan en hie it uniform fan in Prusyske fjildmaarskalk oan. Hy spruts Hitler, dy't gjin uniform mar in jaket oan hie, oan mei de wurden: Mei de âlde geast fan dit romrofte plak ek it hjoeddeiske geslacht libben jaan, mei it ús frijmeitsje fan eigenikkichheid en partijstriid en ús yn nasjonaal omtinken en sielsfernijing gearfoegje ta it lok fan in feriene, frij en grutsk Dútslân. Op de treppen fan de Garnisonkirche bûgde Hitler foar de 85-jierrige Rykspresidint en priizge him yn in taspraak.
De Ryksdeileden fan de Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân (SPD) wegeren dêrby oanwêzich te wêzen. De kommunisten koene der net by wêze, om't in soad fan harren oppakt wiene of nei konsintraasjekampen stjoerd wiene.

Doel fan de Dei fan Potsdam bewurkje seksje

It doel fan de Dei fan Potsdam wie en om sjen te litten dat it nije Dútslân ûnder de nazys in fuortsetting fan it âlde monargistyske Prusen wie, dêr't Adolf Hitler yn 'e rige fan grutte lieders lykas Freark de Grutte, Otto von Bismarck en Paul von Hindenburg presintearre waard.
Om't it Ryksdeigebou troch de brân skansearre wie, moast der in oar plak fûn wurde foar de ynwijing fan de nije Ryksdei. Hja keazen tige bewust foar Potsdam, om't dy stêd foar 1918 de residinsje wie fan de Prusyske keningen en in symboal wie foar it romrofte Dútske Keizerryk. Sels de datum fan de Dei fan Potsdam, 21 maart, wie in hûgenis oan it keizerryk, want op 21 maart 1871 kaam de earste Ryksdei fan it keizerryk byïnoar. Joseph Goebbels, minister fan propaganda, hie it gânse barren ta yn alle hoeken en gatten taret. Alle Dútsers koene it barren oer de radio folgje.

Machtigingswet bewurkje seksje

Twa dagen nei de Dei fan Potsdam waard de machtigingswet oannaam, dy't it regear wetjouwend foech joech. De Kommunistyske Partij fan Dútslân (KPD) wie der net by en alle SDP-leden stimden tsjin. Alle oare partijen stimden foar. Troch de Dei fan Potsdam ûntstie it byld dat de NSDAP in "tradisjonele partij" wie en waard it nasjonalistysk fielen by in soad Dútsers fersterke.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: