Dei fan de ûnskuldige Bern

Op de Dei fan de ûnskuldige Bern of Dei fan de ûnnoazele Bern (ûnnoazel yn de betsjutting fan ûnwittend) wurdt yn tsjerken de bernemoard yn Betlehim yn opdracht fan kening Herodes betocht. De dei falt op 28 desimber.

De bernemoard (Cornelis Cornelissoan (1590)

Oanrin bewurkje seksje

It berjocht dat wizen fan in hiel ein wei yn Jeruzalim kamen om de takomstige kening te sykjen makke de doetiidske kening Herodes tige kjel. Hja hiene in stjer folge en woene de krekte lokaasje wite wer't it bern wie om him hulde te bringen. Nei't skriftgelearden de kening fernijden dat de nije messias yn Betlehim berne wurde soe, liet de kening de wizen temûk by him komme. Hy stjoerde harren der op út mei de opdracht om de krekte lokaasje oan him troch te jaan, sabeare sa't ek hy de takomstige kening huldigje koe. Mar de wizen wisten dat it syn doel wie om it jonkje te deadzjen, sa't er dat earder ek al dien hie mei twa fan syn al te populêre soannen. De wizen fûnen it plak dêr't Jezus berne wie en brochten him hulde, mar gyngen net werom nei Herodes om him fan de lokaasje op de hichte te bringen en folgen no in oar paad nei hûs.

De bernemoard bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Bernemoard yn Betlehim.
 
De Bernemoard neffens Peter Paul Rubens (1577-1640)

Doe't Herodes yn 'e rekken krige dat de wizen him te fiter hiene, waard der dwers troch alle hinne. Hy stjoerde manlju nei Betlehim en om der wis fan te wêzen dat Jezus der by wie liet er alle jonkjes fan ûnder de twa jier fermoardzje. Under dy jonkjes wie Jezus lykwols net, want de Hillige Famylje wie op dat stuit al net mear yn Betlehim. Joazef, de heit fan Jezus, hie nammentlik yn in dream fan in ingel opdracht krige om mei Marije en Jezus te flechtsjen nei Egypte en dêr bleaune hja oant de dea fan Herodes.[1]

Yn Mattéus (2:16) is te lêzen dat Herodes by de útfiering rekkene neffens de tiid doe't er mei de wizen praat hie. Om't Herodes jonkjes fan ûnder de twa jier fermoardzje liet is it dus mooglik dat der noch in hiel skoft tusken de berte fan Jezus en de útfiering fan de moard sitten hat. Om hoefolle slachtoffers it gyng is net bekend. De bibel neamt gjin oantallen, mar yn dy tiid wie Betlehim net grut en dat soe ek in reden wêze kinne dat de bernemoard net yn de profane skiednisboeken telâne kommen is.[2]

Profesije bewurkje seksje

Mei de bernemoard yn Betlehim waard neffens Mattéus de profesij fan de profeet Jeremia ferfolle: 'Hark, yn Rama klinkt in lûde klacht, in bitter skriemen, Rachel skriemt om har bern, hja wol har net treaste litte want se binne wei' (Jeremia 31:15). Rachel lei begroeven yn Betlehim.

Tradysje bewurkje seksje

De dei dat de ûnskuldige bern betocht waarden foel yn de midsiuwen tegearre mei it Healwize- of it Ezelsfeest, dat heidenske midwinterwoartels hie, en it romeinske Festum Puerorum (Feest fan de Earmen). Op dy dei fan healwizens stie yn West-Europa alles op syn kop en krigen bern it foar it sizzen. Sels yn kleasters en tsjerken krigen de leechsten yn rang it foar it sizzen. Fanwegen de wyldeboel en anargy waard it gebrûk yn de 13e iuw op 't lêst ferbean. Dêrút wei kaam it feest dat bern harren as folwoeksenen ferklaaiden en by de doarren skoaiden om snobbersguod. Bern mochten sizze wat hja dy deis ite woene en yn Amsterdam waard in bernebiskop keazen, dy't in prosesje fan bern late nei de Dam, dêr't de bestjoerders de optocht opwachten.[3] De reformaasje makke in ein oan de tradysje, mar yn it katolike suden fan Nederlân bleaune bern sjongend by de doarren lâns gean. Lang om let hat it Sinteklazefeest de folkloare fan de ûnnoazele bern ferkrongen, mar der binne noch plakken dêr't guon de tradysje yn eare hâlde. Sa kinne yn Fenlo op 28 desimber bern sjoen wurde, dy't yn 'e klean fan grutte minsken omrinne.[4]

Yn Spaansktalige lannen wurde fiten úthelle lykas by ús op 1 april.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: