Désiré Delano (Desi) Bouterse (Domburch (Suriname), 13 oktober 1945 - 23 desimber 2024[1][2]) wie in Surinaamske earder militêr sportynstrukteur, kûppleger, legerlieder, eks-regearingslieder, partijlieder en politikus foar de Nasjonale Demokratyske Partij (NDP) en fan 12 augustus 2010 oant 16 july 2020 de presidint fan Suriname. Hy kin betitele wurde as de meast omstriden figuer út de Surinaamske skiednis sûnt de ûnôfhinklikens (1975). Bouterse jildt as haadfertochte fan de Desimbermoarden en de Moiwanamoarden.

Dési Bouterse
politikus
Offisjeel portret
Offisjeel portret
echte namme Desiré Delano Bouterse
nasjonaliteit flagge fan Suriname Surinaamsk
bertedatum 13 oktober 1945
berteplak Domburg
stjerdatum 23 desimber 2024
stjerplak Paramaribo
partij NDP
Foarsitter fan de Nasjonale Militêre Ried
amtsperioade 1980 - 1987
Foarsitter fan de NDP
amtsperioade 1987 - 2024
opfolger Jennifer Geerlings-Simons
Presidint fan Suriname
amtsperioade 2010 - 2020
foargonger Ronald Venetiaan
opfolger Chan Santokhi

Libben en wurk

bewurkje seksje

Bouterse waard berne yn Domburg, yn it distrikt Wanica as soan fan Desiré Juliaan Bouterse en Wilhelmina van Gemert. Hy is part fan it neiteam fan in Siuwske boeresoan dy't as soldaat nei Suriname kaam en opsichter fan de plantaazje Vredenburg waard. Dêrnjonken hie er foarâlden fan lânseigen, Kreoalsk, Frânsk en Sineesk komôf. As beuker ferhuze er nei Paramaribo dêr't er troch syn muoike grutbrocht waard. Nei de legere skoalle kaam er terjochte op it jongesynternaat St. Jozef dat troch fraters fan Tilburch laat waard. Letter gie er nei de Middelbere Hannelsskoalle yn Paramaribo dy't er net ôfmakke hie.

Yn 1968 ferhuze er nei Nederlân, dêr't er yn it Nederlânske leger tsjinne. Nei it ferfoljen fan syn militêre tsjinstplicht folge er in oplieding ta ûnderoffisier oan 'e Keninklike Militêre Skoalle yn Weert. Yn dy snuorje waard Bouterse bekend as atleet en waard er keazen as haad fan de kuorbalploech.

Yn 1970 boaske Bouterse mei Ingrid Figueira, dy't er as tinerjonge yn Surniname kennen leard hie. Hja krigen twa bern: Peggy en Dino. Justjes nei it houlik kaam Bouterse te tsjinjen op 'e Nederlânske militêre basis yn Seedorf yn Dútslân.

Op 11 novimber 1975 kearde de húshâlding werom nei Suriname, nei't dat lân ûnôfhinklik fan Nederlân wurden wie. Hy woe helpe mei it oprjochtsjen fan it Surinaamske leger. Yn 1979 naam er it fersyk fan Roy Horb oan en wurdt foarsitter fan in nij Surinaamske militêre bûn (BoMiKa - Bond voor Militair Kader)

De namme fan Bouterse is ferbûn mei de militêre machtsoername dy't it lân behearske fan 1980 ôf oant en mei de begjin jierren '90 fan de 20e iuw, mei de binnenlânske oarloch, de Desimbermoarden (1982) en it foarfal yn it bosknegerdoarp Moiwana yn 1986, yn 'e snuorje fan de Ynlânske Kriich tusken it regear fan Bouterske en de Junglekommando ûnder lieding fan syn eardere liifwacht Ronnie Brunswijk. Dêrnei is er meardere kearen betichte fan belutsens by drugstransporten. Foar syn ûnderstelde belutsenens by al dy foarfallen is er ferskate kearen oanklage, mar nea berjochte.

Nei it weromkommen fan de keazen regearings, (efterinoar Venetiaan, Wijdenbosch en Venetiaan), hat Bouterse meardere kearen besocht fia demokratyske wei oan de macht te kommen. Yn dy tiid hat er nei alle gedachten noch wol hieltyd in protte ynfloed hân efter de skermen op de Surinaamske polityk en maatskippij. Lang om let is er der wol yn slagge om yn 2010 keazen te wurden as presidint.

Op 16 july 1999 waard Bouterse yn Nederlân by ferstek feroardiele wurden ta 11 jier finzenisstraf nei't er feroardiele wurden wie foar de hannel yn 474 kg kokaïne. Bouterse hat altyd syn ûnskuld folholden. Hy hold út dat de haadtsjûge yn 'e saak, Patrick van Loon, troch de Nederlânske oerheid omkocht waard. Neffens WikiLeaks, dy't op 28 novimber 2010 betroulike Amerikaanske dokuminten útlekte, wie Bouterse oant 2006 warber yn 'e drugshannel. Europol hat tsjin him in arrestaasjebefel útfeardige. Op dat stuit koe er net yn Suriname arrestearre wurde, om't er noch presidint wie. Om't er foar syn ferkiezing yn 2010 ta steatshaad foar it drugsdelikt feroardiele wie riskearre er arrestaasje as er Suriname ferlitte soe.

Yn 19 novimber 2019 waard er feroardiele ta in finzenisstraf fan tweintich jier fanwegen syn part yn de Desimbermoarden fan 15 dissidinten. Op 22 jannewaris 2020 ferskynde er, yn militêr unifoarm, foar de rjochtbank om tsjin dat beslút yn berop te gean. Hy koe noch hieltyd graasje freegje oan de Surinaamske presidint Chan Santokhi, dy't as plysjekommissaris ûndersyk nei de desimbermoarden die en letter as minister fan Justysje oantrûnde op fuortsetten fan it ûndersyk.

Op 8 jannewaris 2024 tsjinne Bouterse fannijs in berop tsjin syn feroardieling, dat de folgjende deis ôfwiisd waard troch de prokureur-generaal. Op 12 jannewaris waard der in klopjacht op Bouterse úteinset nei't er him net oanjûn hie by de finzenisautoriteiten.

Hy waard letter yn jannewaris as fermist opjûn troch de Surinaamske autoriteiten en waard as op 'e flecht beskôge. Bouterse ferstoar op 23 desimber 2024 yn 'e âldens fan 79 jier oan leverfalen as gefolch fan lang alkoholgebrûk.[1][2] [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar baornen en oare literatuer, sjoch en:Dési_Bouterse en nl:Desi_Bouterse

  1. 1,0 1,1 De Ware Tijd, ‘Bouterse maandagavond overleden’, 27 december 2024
  2. 2,0 2,1 Starnieuws, Ambassades tekenen condoleanceregister in Ocer, 27 december 2024
  3. Doodsoorzaak Bouterse: Complicatie van leverfalen, starnieuws.com, 28 desimber 2014
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Desi Bouterse fan Wikimedia Commons.