Despicable Me (film)

Despicable Me, yn Nederlân yn Nederlânsk neisyngronisearre foarm útbrocht as Verschrikkelijke Ikke, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2010 yn 'e foarm fan in satiryske misdiekomeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Jason Segel. De titel betsjut "Ferachtlike Ik". It ferhaal folget de supersmjunt Gru, dy't it plan opfettet om 'e moanne te stellen. Hy wurdt dwers sitten troch in oare supersmjunt, Vector, en om dyselde te fluch ôf te wêzen, hat er ferlet fan 'e help fan trije jonge weesfamkes, Margo, Edith en Agnes. Gru adoptearret de famkes mei de bedoeling om se wer oan 'e dyk te setten as er harren net mear nedich hat, mar dat blykt noch knap ôf te fallen.

Despicable Me
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Pierre Coffin
Chris Renaud
produsint Chris Meledandri
John Cohen
Janet Healy
senario Cinco Paul
Ken Daurio
muzyk Heitor Pereira
Pharrell Williams
Hans Zimmer
filmstudio Illumination
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Steve Carell
Jason Segel
byrollen Miranda Cosgrove
Dana Gaier
Elsie Fisher
Russell Brand
Kristen Wiig
Julie Andrews
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 july 2010
foarm lange tekenfilm
sjenre satiryske misdiekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $69 miljoen
opbringst $543,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Despicable Me
● folgjend diel Despicable Me 2

Despicable Me waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Op basis dêrfan ûntstie neitiid de mediafranchise mei deselde namme, mei ferskate ferfolchfilms, twa prequels, in rige koarte films en oare media. Despicable Me waard nominearre foar de Golden Globe foar bêste lange animaasjefilm en ferskate oare wichtige prizen.

Plot bewurkje seksje

Supersmjunt Gru hat al lange tiid gjin súkses mear hân by syn snoade misdieden, en it komt foar him dan ek hurd oan as in anonime rivaal de Grutte Piramide fan Giza stelt en ferfangt troch in opblaasbere replika. Dêrta oanset troch in húnsk tillefoantsje fan syn mem, foar wa't neat wat er docht ea goed genôch is, beslút Gru en lit de hiele wrâld sjen wat er yn syn mars hat troch de moanne te stellen. Mei syn assistint op jierren dr. Nefario en syn leger fan trewantsjes (minions) betinkt Gru in plan om 'e moanne mei in krimpwapen te ferlytsjen en yn gizeling te hâlden oant de Feriene Naasjes der losjild foar betelje. As de berekkenings fan dr. Nefario útwize dat it plan harren finansjele middels te boppen giet, bejout Gru him nei de Bank fan it Kwea, dêr't er by bankier Perkins in oanfraach yntsjinnet foar in liening. Perkins is lykwols net ûnder de yndruk fan Gru syn wurk en seit dat se wer prate sille as Gru him it krimpwapen sjen litte kin.

Wylst er by de bank yn 'e wachtkeamer sit, komt Gru yn 'e kunde mei de optwingerige jonge supersmjunt Vector, dy't efter de dieverij fan 'e Grutte Piramide fan Giza blykt te sitten. Dat liedt fuortendaliks ta in konfontaasje as Gru him út klearebare wrok besjit mei syn frieswapen en sa syn holle befriest. As neitiid Gru en syn trewantsjes mei súkses it krimpwapen witte te stellen út in net by namme neamde Eastaziatyske diktatuer (dúdlik basearre op Noard-Koreä), is harren súkses net fan lange doer. It wapen wurdt nammentlik frijwol daliks fan harren stellen troch Vector, dy't sa wraak nimt foar it befriezen fan syn holle.

Neitiid besiket Gru op alderhanne wizen de swierbefeilige basis fan Vector binnen te kringen om it krimpwapen werom te krijen, mar alles dat er betinkt, mislearret jammerdearlik. Dan sjocht er hoe't trije jonge suskes, Margo fan tsien, Edith fan sân en Agnes fan fjouwer, dy't mei koekjes sutelje foar it weeshûs dêr't se wenje, troch Vector deryn litten wurde om't er sljocht is nei koekjes. Hy pleatst in flinke bestelling. Gru, dy't begrypt dat de trije famkes letter wer binnenlitten wurde sille om 'e koekjes ôf te leverjen, beslút dêr gebrûk fan te meitsjen om sels de basis fan Vector binnen te kringen. Dêrfoar moat er earst wol by de koekjes kinne dy't de famkes útsutelje, en hy ornearret dat it it maklikst is om 'e famkes gewoan tydlik te adoptearjen en se letter wer ôf te tankjen as er harren net mear nedich is. Dat hy stapt nei juffer Hattie ta, de eigneresse fan it weeshûs, dy't de bern dy't se op 'e noed hat, oan ien wei troch geastlik mishannelet, en wit de adopsje foarinoar te krijen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Gru syn omgong mei de famkes is yn 't earstoan stroef, mei't er harren as ark sjocht en net as libbene wêzens mei in eigen wil. Dat binne se lykwols dúdlik wól, dat hy wurdt twongen ta mear ynteraksje as er oarspronklik fan doel wie (lykas it foarlêzen fan ferhaaltsjes foar it koesen, dêr't er in grouwéligen hekel oan hat). Syn ideeën oer opfieding binne ferskriklik en as er syn trewantsjes ynset as oppas, makket er it noch helte minder. Boppedat sitte de famkes op ballet en easkje se dat hy harren bringt en hellet. Dat wol er net, mar se meitsje him dúdlik dat er it better dochs mar dwaan kin as er harren meiwurking hawwe wol. De saak wurdt noch fierder komplisearre as de famkes de ûndergrûnske basis ûnder syn wente ûntdekke. Dr. Nefario is skeptysk oer Gru syn plan en sjocht de famkes leaver sa gau mooglik wer gean.

As úteinlik de koekjes rûnbrocht wurde, wit Gru de famkes te brûken om Vector ôf te lieden wylst in stikmannich lytse robotsjes yn 'e momkape fan koekjes út 'e bestelling fan Vector springe en Gru binnenlitte. It slagget him, mei muoite, en stel it krimpwapen werom sûnder dat Vector earne euvelmoed yn hat. Underweis werom nei hûs hat Gru in geweldich sin, en as de famkes in merke sjogge dêr't se graach oan wolle, jout er ta. Hy is fan doel om harren dêr efter te litten, mar de famkes meie net sûnder in folwoeksene yn 'e achtbaan, dat hy is twongen om te bliuwen. Ta syn eigen ferrassing hat er wille, en as de eigner fan in sjittinte de boel bedonderet en it jongste famke, Agnes, in plúsjen ienhoarn ûnthâldt dy't se sa graach hawwe wol, hellet Gru in echt wapen foar it ljocht en blaast er de sjittinte op, ta entûsjasme fan 'e famkes. Fan dat punt ôf begjint er tsjin betterwitten yn stadich in bân mei de famkes te ûntwikkeljen.

Nei't er wer thús kommen is, byldbellet Gru mei Perkins en lit him it krimpgewear sjen, hoewol't er allegeduerigen ûnderbrutsen wurdt troch de famkes, dy't op 'e eftergrûn oan it klierjen binne. Perkins is lykwols noch altyd net ûnder de yndruk fan Gru en stegeret it fersyk om in liening ôf. Neitiid hâldt Gru in taspraak foar dr. Nefario en de trewantsjes, wêrby't er fertelt dat er gjin liening witten hat te bemachtigjen en dat se sûnder in liening gjin moanne stelle kinne. Dat betsjut dat de trewantsjes mar better oar wurk sykje kinne. Agnes, dy't sjocht dat er drôf is, jout him har sparpot, en Edith en Margo dogge itselde. Dat ynspirearret dr. Nefario en de trewantsjes om ek jild te lappen, sadat it plan om 'e moanne te stellen mei eigen finansiering dochs noch trochgong fine kin.

It leit foar de hân dat se moanne stelle moatte as dy it tichtst by de Ierde stiet, mar neffens de berekkenings fan dr. Nefario falt dat krekt op deselde dei as de balletútfiering fan 'e famkes. Om't er bang is dat Gru himsels ôfliede litte sil fan wat echt wichtich is, skillet dr. Nefario juffer Hattie op om 'e famkes werom te jaan oan it weeshûs. Hy is derfan oertsjûge dat dat it bêste is foar alle belutsenen. Under druk set, stimt Gru dêrmei yn, mar hy hat in brok yn syn kiel as er ôfskie nimt fan 'e famkes. Underwilens skillet bankier Perkins Vector op, dy't syn eigen soan blykt te wêzen, en makket him opmerksum op it feit dat Gru him it krimpwapen ûntfytmanne hat.

Mei in troch de trewantsjes boude raket fljocht Gru nei de moanne, dy't er mei súkses krimpt ta de grutte fan in tennisbal en stelt. As er it himellichem yn 'e bûse stekt, ûntdekt er dêr it tagongskaartsje foar de balletútfiering fan 'e famkes. Om't de hiele moannestellerij gien is dat it slydjage, beseft er dat er hast noch genôch tiid hat om 'e útfiering te heljen. Gru reizget yn syn raket as in gek werom nei de Ierde, mar arrivearret krekt te let foar de balletútfiering. Yn it lege sealtsje fynt er lykwols in brief rjochte oan "De heity fan Margo, Edith & Agnes", dat skreaun is troch Vector. Dyselde blykt de famkes ûntfierd te hawwen en gizelet harren oant Gru him de moanne jout.

Op dat stuit beseft Gru einlings en te'n lêsten wat echt wichtich is. Dat, hy hastiget him nei de swierbefeilige basis fan Vector, dêr't er sûnder tsjinakseljen de moanne oerjout. Vector hâldt him lykwols net oan 'e ôfspraak en wegeret de famkes frij te litten, poer om Gru in leske te learen. Dat makket Gru sa breinroer dat er himsels mei grou geweld in paad troch alle ferdigeningswurken fan Vector klearret, dy't dêrop mei de moanne en de famkes op 'e flecht slacht yn syn fleanende skûtel. Underwilens ûntdekt dr. Nefario dat de grutteferoaringseffekten fan it krimpgewear mar tydlik binne, en boppedat: wat grutter it krompen foarwerp, wat gauwer it syn oarspronklike grutte weromkriget. Mei de trewantsjes set er yn Gru syn fleanmasine efter him oan om him te warskôgjen. Se pikke Gru op en geane dan efter Vector oan. Mei dr. Nefario as piloat fiere Gru en de trewantsjes heech yn 'e loft in riskante rêding fan 'e trije famkes út, wylst Vector ôflaat wurdt troch de moanne, dy't stadichoan wer grutter begjint te groeien. As de moanne úteinlik syn normale grutte weromwint en syn âlde plak yn in baan om 'e Ierde wer opsiket, rekket Vector strâne op 'e moanne.

Dy jûns lêst Gru de famkes in ferhaaltsje foar it koesen foar dat er sels skreaun hat en dat dúdlik basearre is op syn eigen ûnderfinings mei de famkes, al ûntkent er dat. Neitiid lit er him beprate om 'e famkes elts in tút te jaan, wat it yrritante gefolch hat dat de trewantsjes dan ek allegear in tút fan him hawwe wolle. In pear dagen letter dogge de famkes harren balletútfiering nochris oer foar in publyk dat bestiet út Gru, mem Gru, dr. Nefario en de trewantsjes. Gru syn mem flústeret Gru ta dat er bewiisd hat in geweldige heit te wêzen (it earste wurd fan lof dat se ea foar him oer hân hat). Ien fan 'e trewantsjes beslút healwei de muzykstyl oan te passen en makket der in rave fan, dêr't alle oanwêzigen oan meidogge.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Steve Carell.
 
Jason Segel.
 
Miranda Cosgrove.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Gru Steve Carell Jon van Eerd
Vector Jason Segel Eddy Zoëy


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Margo Miranda Cosgrove Pip Pellens
Edith Dana Gaier Mika Pierik
Agnes Elsie Fisher Elaine Hakkaart
dr. Nefario Russell Brand Javier Guzman
juffer Hattie Kristen Wiig Sanne Wallis de Vries
Gru syn mem Julie Andrews Patricia Paay
bankier Perkins Will Arnett Ernst Daniël Smid
Kevin Pierre Coffin ?
Tim Pierre Coffin ?
Bob Pierre Coffin ?
Mark Pierre Coffin ?
Phil Pierre Coffin ?
Stuart Pierre Coffin ?
Dave Chris Renaud ?
Jerry Jemaine Clement ?
sjittintehâlder op merke Jack McBrayer ?
Fred McDade Danny McBride Huub Dikstaal
heit toerist yn Egypte Jack McBrayer ?
mem toerist yn Egypte Mindy Kaling ?
nijslêzer Rob Huebel ?
Egyptyske plysjeman Ken Daurio ?
praatprogrammapresintator Ken Jeong ?

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Despicable Me waard oarspronklik betocht en ûntwikkele troch Sergio Pablos ûnder de wurktitel Evil Me ("Boasaardige Ik"). Hy skreau de earste ferzje fan it senario foar de film, dêr't er op eigen inisjatyf mei te suteljen gie by filmstudio Universal Pictures. Underwilens hie filmprodusint Chris Meledandri yn 2007 syn baan as algemien direkteur fan 20th Century Fox Animation opsein om in eigen tekenfilmstudio te begjinnen ûnder de auspysjes fan Universal, dy't er Illumination Entertainment neamde (letter omneamd ta koartwei Illumination). Meledandri kocht Evil Me fan Pablos en liet it senario doe werskriuwe troch Cinco Paul en Ken Daurio. Yn novimber 2008 makke Illumination Entertainment bekend dat in animaasjefilm mei de titel Despicable Me yn produksje nommen wie.

Despicable Me waard regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud. As produsinten wiene njonken Meledandri ek John Cohen en Janet Healy by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $69 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira en Pharrell Williams. Dy lêste foege ek ferskate orizjinele lieten en de titelmuzyk ta. Filmkomponist Hans Zimmer hie as útfierend muzykprodusint it tafersjoch oer it muzikale diel fan 'e film

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Despicable Me waard fersoarge troch Universal Pictures. De film waard op 19 juny 2010 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou. Hy gie op 9 july 2010 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum mei deselde namme ferskynde op 6 july by de platemaatskippijen Interscope Records en Star Trak Entertainment. Despicable Me waard op 14 desimber 2010 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Despicable Me oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone de film 3 fan 4 stjerren. Hy neamde de rezjy "knaphandich" en it senario "fernimstich". Ek Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 3 fan 4 stjerren ta. Yn 'e krante USA Today neamde Claudia Puig Despicable Me "in slûchslimme famyljefilm". Neffens Ty Burr fan The Boston Globe wie de film net inkeld spannend en grappich foar de bern, mar ek fermaaklik foar de âldelju. Yn it tydskrift Variety skreau Peter Debruge: "Mei't smjunten al sa faak de show stelle yn animaasjefilms, is Despicable Me sa wiis om 'e hiele boel daliks mar oan 'e megalomane Gru oer te dragen."

In ôfwikende beoardieling kaam fan A.O. Scott yn The New York Times, dy't de film 2 fan 5 stjerren joech en skreau: "Der bart safolle yn dizze film dat, hoewol't der neat is om te ferachtsjen, der ek net folle is om te ûnthâlden." En yn 'e Chicago Tribune joech Michael Phillips oan Despicable Me 2 fan 4 stjerren en skreau: "Troch it 'hertepart' krekt serieus genôch te nimmen, en mar op it nipperke, rêdt de film himsels fan himsels."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Despicable Me in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 202 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Troch in protte (yntelliginte) ûntliening oan Pixar en Looney Tunes is [de film] in ferrassend ta tinken oansettende, famyljefreonlike traktaasje mei in pear ferrassings dy't hielendal orizjineel binne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Despicable Me in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 35 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Despicable Me brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $251,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $291,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $543,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $69 miljoen betsjut dat in winst fan $474,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Despicable Me de op acht nei meast opbringende film fan 2010.

Prizen bewurkje seksje

Despicable Me waard yn 2011 nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar de Britske BAFTA, de Saturn Award, de Satellite Award en de Critics' Choice Award foar bêste lange animaasjefilm, de People's Choice Award foar favorite famyljefilm en de Teen Choice Award foar favorite simmerfilm. Despicable Me wûn de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm.

Franchise bewurkje seksje

It grutte súkses fan Despicable Me joech oanlieding ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme. Yn 2013 kaam de ferfolchfilm Despicable Me 2 út, yn 2017 folge troch Despicable Me 3. In trêde ferfolchfilm ferkeart anno 2021 yn it preproduksjestadium. Ek binne der yn it ramt fan Despicable Me twa prequelfilms makke: Minions (2015) en Minions: The Rise of Gru (2022), en fierders binne der in rige koarte films, in tillefyzjespecial, in websearje en ferskate boeken, fideospultsjes en muzykalbums produsearre.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Despicable Me (filmsearje)
lange films
Despicable Me (2010) • Despicable Me 2 (2013) • Minions (2015) • Despicable Me 3 (2017) • Minions: The Rise of Gru (2022)
koarte films
Home Makeover (2010) • Orientation Day (2010) • Banana (2010) • Puppy (2013) • Panic in the Mailroom (2013) • Training Wheels (2013) • Binky Nelson Unpacified (2015) • Competition (2015) • Cro Minion (2015) • Mower Minions (2016) • The Secret Life of Kyle (2017) • Yellow is the New Black (2018) • Santa's Little Helpers (2019) • Minion Scouts (2019)