Diamond Kitty, echte namme: Sujay Marie Gutierrez (2 maart 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Diamond Kitty
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sujay Marie Gutierrez
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 maart 1985
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Kubaansk
Sisyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.diamondkitty.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Diamond Kitty is hikke en tein yn Miami, yn 'e steat Floarida, as lid fan 'e grutte Kubaanske mienskip dêre. Har mem komt oarspronklik út it plak El Malecón, op Kuba, wylst har heit fan Sisyljaansk komôf wie. Hja waard lykwols grutbrocht troch har mem en har styfheit, mei wa't har mem al troude doe't se noch fan Diamond Kitty yn ferwachting wie.

Yn 2011 brocht Diamond Kitty út dat se de healsuster is fan Shy Love, in oare Amerikaanske pornostjer, dy't de dochter is fan har heit en in Portorikaanske frou. Neffens eigen sizzen wist se fan it bestean fan har healsuster ôf, mar metten hja inoar pas doe't Shy Love yn Floarida kaam te studearjen; Shy Love wie doedestiden 16 jier en Diamond Kitty 10 jier.

Diamond Kitty makke har debút yn in pornografyske film yn 2008 en neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 60 pornofilms spile, foar labels as Digital Playground, Jules Jordan Video, New Sensations, Penthouse en Digital Sin.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: