Diana Woei (folút: Diana Woei Tioen Kie; 11 maart 1965) is in Nederlânsk geologe en meteorologe fan Surinaamsk komôf, dy't lanlike bekendheid krige as waarfrou by it NOS Sjoernaal.

Diana Woei
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Diana Woei yn 1996.
Diana Woei yn 1996.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Diana Woei Tioen Kie
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 maart 1965
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
Sineesk
wurkpaad
wurksum as waarfrou, meteorologe
medium tillefyzje, radio
wurksum by NOS, TROS, reg. stjoerders
bekend fan NOS Sjoernaal
jierren aktyf ±1994 – no
offisjele webside
gjint

Karriêre bewurkje seksje

Nei't se in stúdzje geology ôfrûne hie, wie Woei ferskate jierren op dat mêd wurksum. Yn 1992 bedarre hja by it KNMI, dêr't se troch kursussen yn sawol Grut-Brittanje (by de waartsjinst Shinfield Park, yn Reading) as yn Nederlân ek de meteorology ûnder de knibbel krige.

Koarte tiid letter ferskynde Woei foar it earst op 'e tillefyzje as waarfrou, yn it moarnsprogramma Ontbijt TV. Dêrby waard hja yn it earstoan coacht troch waarman Peter Timofeeff, dy't doe al in jierrenlange ûnderfining hie. Yn 1998 folge Woei har kollega-meteorologe Monique Somers op as waarfrou by it NOS Sjoernaal. Dêrnjonken wie hja ek op 'e NOS-radio te hearren. Har kontrakt by de NOS rûn oant en mei maaie 2000, mar tuskentroch moast hja noch in pear wike ferstek gean litte om yn febrewaris 1999 fan in dochter te befallen.

De NOS seach der yn 2000 fanôf om Woei har kontrakt te ferlingjen, nettsjinsteande it feit dat hja tige populêr wurden wie. Nei't der grute wurdt, kaam dat om't de direksje fan 'e omrop har presintaasjekwaliteiten te swak fûn. Har plak as waarfrou waard oernommen troch Marjon de Hond.

Woei fûn dêrnei wurk by it waarburo HWS, en wie te hearren op Radio 3, yn it programma de Havermoutshow, sneontemoarns by de TROS, en fierders wie hja tachtich kear yn 't jier op 'e tillefyzje te sjen by de regionale stjoerdeer RTV West. HWS is ûnderwilens oernommen troch WNI Weathernews, en foar dat bedriuw skriuwt Woei sûnt 2004 it waarberjocht yn 'e krante De Telegraaf op Zondag.

Begjin 2009 wie Woei wer eefkes werom op 'e radio, doe't se foar de griene omrop Llink it "Weerwoord" fersoarge. Yn 'e simmer fan 2010 wie se ek op Omrop Seelân te sjen as ynfalster, in funksje dy't hja neitiid ek ferfolle hat foar Omrop Flevolân.

Priveelibben bewurkje seksje

Woei is fan mingd etnysk komôf, mei in Surinaamsk-Sineeske heit en in Surinaamsk-Kreoalske mem. Hja is troud; har man is fysioterapeut.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: