Charles Dickens

(Trochferwiisd fan Dickens)

Charles John Huffham Dickens (Landport ûnder Portsmouth, 7 febrewaris 1812 - Gad's Hill Place, Higham) yn Kent, 9 juny 1870) wie in wichtich Ingelstalige skriuwer fan it Viktoriaansk tiidrek. Sa't yn dy tiid wenst wie ferskynde syn wurk earst yn de krante as fúljeton.

Charles Dickens
skriuwer
Charles Dickens
Charles Dickens
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles John Huffham Dickens
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 7 febrewaris 1812
berteplak Landport (Hampshire)
stoarn 9 juny 1870 (58 jier)
stjerplak Gad's Hill Place yn Higham, Kent
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre Roman, koart ferhaal
perioade 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Pickwick Papers, Oliver Twist, Nicholas Nickleby, A Christmas Carol, David Copperfield, Bleak House, Little Dorrit, A Tale of Two Cities, Great Expectations
jierren aktyf 1836-1870
offisjele webside
DNBL-profyl

Syn wurk wurdt nochal ris beoardiele as sentiminteel (mar net as yn in sentimintalistyske roman). De personaazjes yn syn ferhalen wurde faak komysk en karikaturaal delset.

In protte fan syn wurk is meardere keren ferfilme en bewurke foar toaniel en tillefyzje.

Dickens wie in soan fan John Dickens en Elizabeth Barrow. Doe't er tsien wie, ferûze de húshâlding nei Londen. Troch jildkrapte fan syn heit moast de jonge Charles in pear kear fan skoalle ôf om oan it wurk te gean. Sa bedarre er mei tolve jier yn in skuonsmarfabryk dêr't re deis tsien oeren oan it wurk moast. De tige minne omstannichheden fan arbeiders waard letter in wichtich ûnderwerp yn syn wurk.

Doe't er 15 wie, gie er oan 'e gong foar in advokatekantoar. Hy learde himsels stenografy en in skoftke letter waard er keamerferslachjouwer foar de Morning Chronicle (1835). Yn dy tiid ûntstie syn earste literêre wurk, op grûn fan syn ûnderfinings as sjoernalist, yn de foarm fan beskriuwingen fan it libben yn Londen en op it plattelân. Dat wurk waard letter bondele ûnder de titel Sketches by Boz (1836) ('Boz' wie de bynamme fan syn jongere broer Moses, dy't altyd ferkâlden wie).

In protte fan syn wurk fersynde earst as fuljetons yn ferskate blêden, sa as Household Words en All the Year Round en waard earst letter as boek útjûn.

 
Dickens lêst foar, 1867

Dickens waard tige bekend mei de roman The Pickwick Papers (The posthumous papers of the Pickwick Club), dêr't fan 1836 ôf eltse moanne in ôflevering fan ferskynde. Nei dat súkses ferskynden hurd efterinoar Oliver Twist, dat foar it earst ferskynde yn it troch him redigearre tydskrift Bentley's Miscellany (1837-1838), Nicholas Nickleby (1838-1839), The Old Curiosity Shop (1841) en Barnaby Rudge (1841). Yn in protte gefallen befettet syn wurk krityk op sosjale misstannen, mar dat gong nea op kosten fan in goede ferhaalopbou en in sterke karaktertekening. Koarstwilligens wie ek in wichtich part fan syn fertelstyl.

Yn 1842 reizge er nei de Feriene Steaten, dêr't er ûnder mear pleite foar de ôfskaffing fan de slavernij. Hy ferfarre fol fan goede moed nei de jonge republyk, mar kaam ûntnochtere werom. ZSyn ûnderfiningen skreau er del yn American Notes (1842)

Yn 1843 ferskynde de earste en ferneamdste fan syn krystferhalen: A Christmas Carol in Prose, in ferhaal dat noch hieltyd yn allerhanne bewurkingen opfierd en ferfilme wurdt, benammen yn de krysttiid. Ek yn de jierren dêrnei ferskynden in tal oandwaanlike krystfertellingen (The Chimes, The Cricket on the Hearth, The Battle of Life en The haunted Man).

Fan 1853 oantt 1870 trede Dickens ek geregeldwei op as foarlêzer fan eigen wurk. Foar dat doel bewurke syn teksten faak yngeand. Dy publike optredens wienen in grut súkses.

Syn ferneamdste romans binne grif David Copperfield (1849-1850, foar it meastepart autobiografysk), Great Expectations (1860-1861), Oliver Twist en Nicholas Nickleby.

It boek A tale of two cities stiet op nûmer 7 fan de meast ferkochte boeken ea. Der binne 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht.[1]

Charles Dickens syn sûnens waard nei 1860 minder. De lêzingen dêr't er yn 1858 mei úteinset wie makken him tige wurch en easken harres. Dochs heart de lêste roman dy't er dien makke, Our Mutual Friend út 1865 by syn bêste wurk. Dickens stoar yn 1870 yn de âldens fan 58 jier (hy wie doe dwaande mei The Mystery of Edwin Drood) en waard - op foarspraak fan keninginne Victoria, mar tsjin it eigen sin yn - begroeven yn de Poets' Corner yn Westminster Abbey, Londen. Dickens hie earder witte litten dat syn foarkar útgie nei it famyljegrêf yn Highgate.

Bibliografy (ûnfolslein)

bewurkje seksje
 
David Copperfield

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) De tien meest verkochte boeken ter wereld