Dido (sjongster)
Dido Florian Cloud De Bounevialle O'Malley Armstrong (Londen, 25 desimber 1971) is in Britsk sjongster, har artystenamme is Dido.
Dido (sjongster) | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Dido live yn Hamm, 2019 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Florian Cloud De Bounevialle O'Malley Armstrong | |
nasjonaliteit | Feriene Keninkryk | |
berne | 25 desimber 1971 | |
berteplak | Londen | |
wurkpaad | ||
sjenre | pop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1995-no | |
offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
Biografy
bewurkje seksjeDido sette doe't se fiif wie út ein mei blokfluitspyljen op skoalle. In jier letter waard se talitten op de Guildhall School of Music yn Londen. Doe't se tsien wie spile hja ek piano en fioele. Yn har tinerjierren toerde se troch it Feriene Keninkryk mei har klassikemuzyk-selskip.
Doe't se 16 wie, rakke se ûnder de ban fan Ella Fitzgerald. Se waard sjongster yn ferskate bands yn en om Londen, hoewol't har broer Rollo (dj en produsint by de groep Faithless) har oanrette har baan net op te jaan Se wie ûnder oare te hearren op it debútalbum fan Faithless uit 1995. De neifolgjende twa jier toerde Dido mei Faithless en alle kearen at se werom yn Londen wie, naam se ek demo's fan har eigen lietsjes op.
Sa begûn de opname fan har debútalbum No angel. De kombinaasje fan Dido's leafde foar waarme akûstyske klanken en har broer's niget oan beats en alles wat elektronysk is, makke it album tagelyk nij en klassyk. De grutte trochbraak kaam doe' Eminem in part fan har nûmer Thank you brûkte foar syn hit Stan. Dêrnei berikten ek in stikmannich singles fan No angel de hitparades. Har nûmer Here with me waard brûkt as temamuzyk foar de telefyzjerige Roswell.
Yn 2003 kaam Dido werom mei har album Life for Rent. De earste singles fan it album White Flag en Life for Rent waarden grote hits. Ek de singles Don't leave home en Sand in my shoes kamen dan dit album, mar waarden sokke grutte hits net.
Yn 2004 makke Dido bekend dat se yn 2005 in jaar kalm oan dwaan soe, mar se trede wol op op it Live 8-festival. Wilens wie se yn Los Angeles al in skoft dwaande mei it opnimmen en skriuwen fan nûmers foar har tredde album. Safe Trip Home ferskynde op 17 novimber 2008. De earste single dêrút hiet Don't Believe In Love.
Yn novimber 2010 wurke Dido tegearre mei A.R. Rahman oan de filmsoundtrack foar 127 Hours. Jannewaris 2011 waard Dido's nûmer If I rise, in duet mei A.R. Rahman, nominearre foar in Oscar.
Yn maart 2013 ferskynde it album Girl who got away. Op 7 jannewaris 2013 waard de earste single fan dat album presintearre, No freedom. Dido har fyfte studioalbum, Still on my mind, waard yn maart 2019 útbrocht. Yn 2020 brocht Dido The Last Summer (Deluxe Edition) út, in studioalbum yn'e mande mei har broer Rollo Armstrong, ûnder syn skûlnamme R Plus.
Diskografy
bewurkje seksje- No Angel (1999)
- Life for Rent (2003)
- Safe Trip Home (2008)
- Girl Who Got Away (2013)
- Still on my mind (2019)
De folsleine diskografy op de Ingelsktalige Wikipedy.
Dvd's
bewurkje seksjeDvd's mei hitnoteringen yn de Nederlandse Music Top 30 | Datum fan ferskinen |
Datum fan ynkommen |
Heechstete plak |
Tal wiken |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|
Live at Brixton academy | 2005 | 18-06-2005 | 2 | 23 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dido (singer) fan Wikimedia Commons. |