Die Gustloff is in twadielige Dútske telefyzjefilm út 2008 fan de regisseur Joseph Vilsmaier. It drama hat as tema de ûndergong fan de Wilhlem Gustloff yn jannewaris 1945. De Dútske omrop ZDF en de Eastenrykse omrop ORF stjoerde de film yn twa dielen op 2 en 3 maart 2008 út.

film
makkers
regisseur Joseph Vilsmaier
produsint Martin Hockman
Augustus Cloff
senario Rainer Berg
spilers
haadrollen Kai Wiesinger,
Heiner Lauterbach,
Michael Mendl
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
premiêre 2008
foarm 2-dielige telefyzjefilm
sjenre drama; oarloch
taal Dútsk
spyltiid 185 minuten
budget en resultaten
budget 10 miljoen euro

Plot bewurkje seksje

De film fertelt fanút it perspektyf fan de fiktive kapitein Hellmuth Kehding hoe't it skip yn jannewaris 1945 de haven fan Gotenhafen útfart. Op it skip binne mear as 10.000 minsken dy't flechtsje foar it naderjende Reade Leger.

Wylst it skip oer de Eastsee nei it westen wol, warskôget in fertocht radioberjocht foar yn 'e mjitte kommend ferkear. Under de kapiteinen op de kommandobrêge ûnstiet striid oft de posysjeljochten oanset wurde moatte of net. Lang om let wurdt dat wol dien. Dêrnei slaan trije torpedo's fan in ûnderseeboat fan de Sovjet-marine yn op it Dútske skip, dat omslacht. Likernôch 9.000 minsken ferdrinke of befrieze.

Troch it ferhaal hinne spilet ek de jacht op in marinehelferin op it skip, dy't desertearret.

Oare ynformaasje bewurkje seksje

Oarspronklik soe de film de titel "Hafen der Hoffnung – Die letzte Fahrt der Wilhelm Gustloff" krije, mar de produsinten keazen foar in koarte filmtitel. De film koste likernôch 10 miljoen euro en waard foar it grutste diel yn Stralsund opnommen. Foar it filmjen fan de ondergong fan it skip moast de set nei in studio op it eilân Malta.

Rolferdieling bewurkje seksje

  • Kai Wiesinger as Hellmut Kehding
  • Francis Fulton-Smith as Korvettenkapitän Leonberg
  • Valerie Niehaus as Erika Galetschky
  • Heiner Lauterbach as Harald Kehding
  • Dana Vávrová as Lilli Simoneit
  • Michael Mendl as Kapitän Johannsen
  • Karl Markovics as Korvettenkapitän Petri
  • Nicolas Solar Lozier as Heinz Schön
  • Detlev Buck as Hagen Koch
  • Ulrike Kriener as Berta Burkat

Keppeling om utens bewurkje seksje