Die Hard with a Vengeance

Die Hard with a Vengeance, soms Die Hard 3 neamd, is in Amerikaanske aksjefilm en plysjefilm út 1995 ûnder rezjy fan John McTiernan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis, Samuel L. Jackson en Jeremy Irons. De titel is in fariaasje op 'e namme fan 'e foargeande films, dy't Die Hard hieten, wat letterlik "Stjer Dreech" betsjut (mar eins oerset wurde kin as "Taaienien"). Die Hard with a Vengeance betsjut dan sokssawat as "Stjer Noch Helte Dreger" (of "Noch Folle Taaierenien"). It ferhaal folget de New Yokske resjersjeur John McClane, dy't diskear it doelwyt wurdt fan in terrorist dy't himsels 'Simon' neamd. Dyselde lit him en in ûnwillige boarger, de swarte Zeus Carver, troch de hiele stêd hinne healwize en gefaarlike opdrachten útfiere en nuvere riedsels oplosse, nei't it skynt om wraak te nimmen op McClane foar de dea fan syn broer, dy't McClane sân jier earder ombrocht hat. Die Hard with a Vengeance wie it trêde diel yn 'e Die Hard-filmsearje, en folge as sadanich op Die Hard 2, út 1990. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat duorre it tolve jier foar't der in fjirde diel yn deselde rige útkaam: Live Free or Die Hard, út 2007.

Die Hard with a Vengeance
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John McTiernan
produsint John McTiernan
Michael Tadross
útfierend
   produsint
Andrew G. Vajna
senario Jonathan Hensleigh
kamerarezjy Peter Menzies jr.
muzyk Michael Kamen
filmstudio Cinergi Pictures
distribúsje 20th Century Fox (N.-Am. & Jap.)
Buena Vista Int. (ynternasj.)
spilers
haadrollen Bruce Willis
Samuel L. Jackson
Jeremy Irons
byrollen Graham Greene
Larry Bryggman
Colleen Camp
Anthony Peck
Nick Wyman
Sam Phillips
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 maaie 1995
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek wat Dútsk en Hongaarsk)
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $90 miljoen
opbringst $366,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Die Hard
● foarich diel Die Hard 2
● folgjend diel Live Free or Die Hard

Plot bewurkje seksje

Yn 'e binnenstêd fan New York wurdt moarns, wylst de hiele stêd yn 'e file stiet om op it wurk te kommen, in warehûs ferneatige troch in terroristyske bomoanslach. Haadynspekteur Walter Cobb fan it New York Police Department (NYPD) ûntfangt neitiid in tillefoantsje fan in man dy't mei in Dútsk aksint praat en himsels 'Simon' neamt. Dyselde driget mei mear bomoanslaggen as it NYPD net docht wat er wol. En wat er wol is it Amerikaanske bernespultsje Simon Says spylje, wêrby't de spilers krekt dwaan moatte wat der sein wurdt as de sprekker de wurden "Simon says" ("Simen seit") brûkt. Simon fertelt Cobb dat er wol dat ynspekteur John McClane yn syn ûnderbroek troch de swarte wyk Harlem rint mei in sandwichboerd om mei dêrop de tekst "I Hate Niggers" ("Ik Haatsje Nikkers").

De plysje hat net folle kar as om oan Simon syn eask te foldwaan. Dat Cobb stjoert resjersjeurs Joe Lambert en Connie Kowalski derop út om McClane te sykjen. Dyselde stiet nammentlik op 't heden op non-aktyf. Sûnt er in jier lyn fan tafel en bêd skieden is fan syn frou Holly, is it mei McClane hurd yn it neigean rekke. Hy is oan 'e drank en as Lambert en Kowalski him opskarrelje, is er dan ek krekt oan it bekommen fan in flinke kater. Wylst er yn in plysjebuske út 'e klean giet en him tariedt troch sterke kofje te drinken en hannenfol aspirine yn te nimmen, hat er it mei resjersjeur Ricky Walsh oer de útslach fan 'e lotterij fan 'e foargeande jûn; Walsh, dy't altyd ynset op syn peinjenûmer 6991, hat wer bûten de prizen grepen. Nei't er yn Harlem yn syn ûnderbroek mei it sandwichboerd om útstapt is, lûke de oare plysjes har werom om him oer in kertier wer op te pikken.

Underwilens fertelt dêr fuortby de swarte elektrisiên en slottemakker Zeus Carver oan syn omkesizzer Dexter en ien fan syn freontsjes, dy't er op skoaltsjeskûljen trappearre hat, dat se sjen moatte dat se op skoalle komme. Se moatte in oplieding krije om foarút te kommen yn 'e maatskippij, sadat se letter net ta kriminaliteit ferfalle, of, noch minder, troch blanken holpen wurde moatte. As Carver McClane mei syn oanstjitjaand boadskip omrinnen sjocht, komt er út syn winkel om him it mannewaar op te sizzen. McClane fertelt him wa't er is en wêrom't er dit docht, wêrnei't Carver him helpt en ûntkom oan in manmachtige strjitbinde fan jonge swarten, dy't McClane fermoardzje wolle as se him yn 'e gaten krije. Werom op it plysjeburo skillet Simon wer op, dy't it flau fynt dat Carver syn spultsje bedoarn hat. Foar straf moat Carver no ek meispylje, en sa net, dan sil er mear bommen ûntploffe litte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Gebrûkmeitsjend fan bernerymkes jout Simon oan McClane en Carver opdracht om binnen 30 minuten it metrostasjon oan Wall Street berikken, dat 90 stedsblokken súdliker leit. Helje se dat net, dan lit er in bom ôfgean yn 'e metro as dy dat stasjon binnenrint. Mei't de hiele stêd noch yn 'e file stiet, liket dat in ûnmooglike opdracht, mar nei't hy en Carver in taksy opfoardere hawwe, jeit McClane plankgas dwers troch Central Park, wêrnei't er in ambulânse skillet dêr't er it meastepart fan 'e restearjende ôfstân efteroan ride kin. By in oar metrostasjon stapt er út en springt er troch in fentilaasjeroaster op 'e metro dêr't it om giet, wylst Carver allinne fierder riidt nei Wall Street. McClane wit yn 'e metro de bom te finen, wylst Carver it metrostasjon op 'e tiid berikt. As Simon dêr nei in tillefoansel skillet, seit er lykwols dat de ôfwêzigens fan McClane reden is om 'e bom dochs ôfgean te litten. Aldergeloks slagget it McClane om 'e bom krekt op 'e tiid út 'e metro te smiten. De ûntploffing yn 'e tunnel soarget derfoar dat de metro ûntspoart, en de ravaazje yn it metrostasjon is ûnbidich, mar troch it optreden fan McClane falle der gjin deaden.

Neitiid wurdt McClane erchtinkend. De kâns dat hy en Carver op 'e tiid op Wall Street wêze koene, wie frijwol nihyl, dus Simon wie fan doel om 'e bom yn it metrostasjon hoe dan ek ôfgean te litten. As hy en Carver bekomme en ynformaasje útwikselje mei Cobb, Lambert, Kowalski, Walsh en de oaren, krije se besite fan in spesjaal agint fan 'e FBI en ien "fan in oare tsjinst". Dy fertelle harren dat Simon nei alle gedachten de eardere Eastdútske kolonel Peter Krieg is, dy't berne waard as Simon Peter Gruber. Hy is de broer fan Hans Gruber, dy't McClane sân jier earder fan it Nakatomi-gebou yn Los Angeles smiten hat, en hy is blykber út op wraak. Hy wurket gear mei in âld-ofsier út 'e lânmacht fan Hongarije, in Mathias Targo, en dy syn frou Katja, dat behurde terroristen binne.

Simon, dy't de aktiviteiten fan 'e plysje fan it dak fan ien fan 'e omlizzende gebouwen ôf yn 'e rekken hâldt, skillet Cobb wer op en fertelt him dat er in reuseftige bom pleatst hat yn in iepenbiere skoalle earne binnen de beboude kom fan New York. De bom is tarist mei in ûntstekker mei radioferbining, sadat er him op elts momint ôfgean litte kin. As er sjocht dat skoallen ûntromme wurde, sil er dat beslist dwaan. Oars giet de bom om persiis 15.00 oere middeis ôf. As McClane en Carver trochgeane mei it opfolgjen fan syn oanwizings en sa fernimstich binne dat se it spultsje oerlibje, sil er harren op 'e tiid de namme fan 'e skoalle jaan. Cobb beseft dat Simon net sein hat dat se net nei de bom sykje meie, allinne dat se gjin skoallen ûntromje meie. Dat, wylst McClane en Carver ôfsette foar harren folgjende opdracht, set Cobb alle plysjes yn New York, oanfolle mei brânspuitlju, jiskelju en alle oare gemeentlike wurknimmers dy't er besette kin, yn om 'e skoallen te trochsykjen. Om't Simon opmurken hat dat de radioferbining fan 'e ûntstekker "gefoelich is foar plysjeradio", wurdt de hiele sykaksje koördinearre fia tillefoansellen en it alaarmnûmer 9-1-1.

Fan syn útsjochtpost ôf stelt Simon tefreden fêst dat Cobb himsels fêstbiten hat yn it lokies. Sadree't it meastepart fan 'e plysje Wall Street ferlitten hat, arrivearret in hiele rige stellen kypweinen, sabeare om 'e ravaazje yn it metrostasjon op te romjen. De pear efterbleaune plysjes, ûnder wa Ricky Walsh, wurde lykwols deamakke, wêrnei't Simon, Targo, Katja en tsientallen fan harren trewanten úteinsette mei it graven fan in ûnderierdske tunnel út it metrostasjon wei nei de deunby leine Federal Reserve Bank of New York. Ien fan Targo syn mannen, Otto, in Hongaar dy't gjin Ingelsk sprekt, pakt de plysjepeinje fan 'e fermoarde Walsh ôf om himsels as in resjersjeur foar te dwaan. Yn 'e bank is it alaarmsysteem ûnderwilens útset, mei't dat troch de klap fan 'e ûntploffing yn it metrostasjon op 'e rin gien is. Sadwaande kinne Simon-en-dy frij maklik de bank binnenkringe. Nei't se de bewekkers oermastere hawwe, begjinne se mei swier materieel $140 miljard oan goudsteaven op te skeppen en yn 'e kypweinen te smiten.

McClane en Carver treffe in koffer mei in bom en dêroan fêstmakke skealjes oan by in fiver yn in plantsoentsje. Der steane twa kannen njonken, ien fan 3 gallon en ien fan 5 gallon. De bom giet oer fiif minuten ôf, of it moat wêze dat McClane en Carver foar dy tiid in kanne mei persiis 4 gallon wetter op 'e skealjes pleatse. Nei't se dat rekkenfraachstik oplost hawwe, binne McClane en Carver op 'e strjitte tsjûge fan it útnaaien fan in jong winkeldiefke. As McClane him tsjinhâldt en him freget oft er soms yn 'e finzenis belânje wol, antwurdet de snotjonge dat der gjin inkele plysje op 'e strjitte is en datst no it stedhûs wol stelle kinst sûnder oanholden te wurden. McClane beseft dat dat wier is, want alle plysjepersoniel is besteld mei it trochsykjen fan skoallen. En as der ien diel fan 'e stêd is dêr't absolút gjin skoallen te finen binne, dan is it wol op Wall Street, dat mei syn banken en effektebeurzen it finansjele hert fan 'e Feriene Steaten foarmet.

Hy en Carver geane werom nei Wall Street, dêr't McClane poalshichte nimt yn 'e bank dy't it deunst by it troffen metrostasjon leit, de Federal Reserve Bank of New York. Hy wurdt dêr ûntfongen troch in stikmannich plysjes (eins trewanten fan Simon dy't harsels as plysjes ferklaaid hawwe), dy't him útnûgje om 'e klûs te ynspektearjen, sadat se him op in ôfhandich plak fermoardzje kinne. Yn 'e lift omleech sjocht McClane lykwols dat de plysjepeinje fan ien fan 'e plysjes it nûmer 6991 hat, dat it peinjenûmer fan Walsh is. Hy reälisearret him dat er mei kriminelen yn 'e lift stiet, en yn in hommelse geweldsútbarsting komt er harren oer it mad en makket er se alle fjouwer dea.

Neitiid ûntdekke McClane en Carver de tunnel fan it metrostasjon nei de bank, dêr't McClane ek it stoflik omskot fan Walsh fynt. Mei't se ûnderweis nei Wall Street suver oerriden binne troch in kypwein, riddenearje se út dat it goud út 'e bank mei kypweinen ôffierd wêze moat. Wylst Carver de folgjende opdracht fan Simon útfiert, folget McClane it spoar fan in kolonne kypweinen nei it plak dêr't wurke wurdt oan in nij akwadukt om New York fan drinkwetter te foarsjen. It docht bliken dat de kypweinen de reuseftige tunnel fan it akwadukt ynriden binne, dy't trochrint oant it Catskill-berchtme yn it súdlike diel fan New York (steat), al kinne se net fierder komme as de tydlike keardaam dy't yn 'e tunnel oanbrocht is, in ein benoarden Yonkers. Fan 'e freonlike frachtweinsjauffeur Felix Little, dy't him nei it akwadukt riden hat, komt McClane it antwurd op it lêste riedsel te witten dat Simon him opjûn hat: "Wat is 21 fan 42?" Dat is nammentlik Chester A. Arthur, de 21e Amerikaanske presidint fan (yn 1995) 42.

Yn 'e tunnel fan it akwadukt sjit McClane twa man dea dy't Simon as efterhoede efterlitten hat. As er dêrnei sa dom is dat oer de portofoan by Simon yn te wriuwen, brûkt dy de bom út it plantsoentsje mei de fiver (dy't Carver op Wall Street ôflevere hat by guon plysjes dy't eins trewanten fan Simon wiene) om 'e tydlike keardaam yn 'e tunnel mei op te blazen om McClane te drinzgjen. McClane wit lykwols út 'e tunnel te ûntkommen troch in fentilaasjekanaal. Carver pikt him op, mar se wurde oanfallen troch in twatal fan Simon syn trewanten dy't Carver fan 'e lêste opdrachtlokaasje ôf folge binne. Nei't se mei dy lju ôfweefd hawwe, ûntdekt McClane yn harren besit in stikmannich kwartsjes, en hy beseft dat dy bedoeld binne om foar passaazje oer in tolwei te beteljen. Op dy wize riddenearret er út wat de bestimming fan Simon-en-dy wêze moat en spoare hy en Carver de kypweinen wer op oan 'e igge fan 'e Long Island Sound, dêr't se harren lading oerbrocht hawwe op in frachtskip.

Op dat skip ûntdekt Targo op dat stuit dat de seecontainers dêr't it goud yn sitte soe, eins laden binne mei skroat. McClane en Carver glûpe oan board fan it frachtskip, dêr't Carver al rillegau finzen nommen wurdt troch Simon. McClane rekket yn in man-tsjin-mangefjocht mei Targo ferwikkele, dat er op 't langelêst wint troch de Hongaar bewusteleas te slaan mei in ein keatling. Neitiid besiket McClane de Amerikaanske Kustwacht te warskôgjen, mar dêr wurdt er yn 'e wacht set, wêrnei't ek hy troch Simon finzen nommen wurdt.

Underwilens hat Felix Little McClane syn baas Cobb witten te finen. Hy bringt him in boadskip fan McClane oer, dat it om Chester A. Arthur giet. Cobb-en-dy konsintrearje fuortendaliks al harren krewearjen om 'e bom te finen yn 'e Chester A. Arthur Legere Skoalle yn Harlem. Dat is krekt de skoalle dêr't Carver syn omkesizzer Dexter op sit. Yn 'e kelder fan it skoalgebou wurdt yndie de swiere bom ûntdutsen. Wylst bomekspêr Charley Weiss besiket dy te ûntmanteljen, docht resjersjeur Joe Lambert him foar de skoalbern foar as ien fan 'e brânwacht, dy't de evakuaasje fan it skoalgebou yn gefal fan brân oefenje wol. Dexter en syn freontsje kenne him fuortendaliks wer as in plysje. Hja steane it net, en fermoedzje dat de plysje harren siket om't se dy moarns noch mei stellen guod omrûn hawwe. Mei noch twa freontsjes pike se út en ferskûlje se har yn in leech lokaal. Sa koart foar trijen as er it oandoar, jout Cobb befel ta ûntromming fan 'e skoalle. Lambert en Kowalski liede alle bern en persoaniel nei bûten ta. As Dexter-en-dy sjogge dat alle oaren útnaaie, geane se foar it rút stean te springen, mar se kinne it lokaal net mear út, om't dat ûnderwilens troch de konsjerzje op 't slot dien is. Lambert en Kowalski sette harren libbens op it spul om 'e skoalle wer yn te gean om 'e bern te rêden, en Weiss beslút om mei de moed der wanhoop te besykjen de bom te ûntwapenjen. Lambert en Kowalski rêde de fjouwer bern út it lokaal, mar komme mei harren fêst te sitten op it dak. Weiss knipt in ferkeard triedsje troch en de bom giet ôf, mar der bart neat; it blykt in nepbom te wêzen.

Op it frachtskip fertelt Simon oan McClane en Carver dat er "fansels" gjin bom yn in skoalle pleatse soe: hy is in soldaat, gjin moardner. Dêrnei set er de beide mannen mei hânboeiens fêst oan 'e echte bom, dy't him op it frachtskip befynt. Hy ferklearret dat er alle bútmakke goud opblaze en oer de boaiem fan 'e Long Island Sound fersilje sil, mei't dat de ekonomy fan 'e Feriene Steaten yn in djippe resesje bringe sil, en dat is wat syn opdrachtjouwers wolle. Ear't Simon fuort sil, freget McClane him oft er ek wat aspirine foar him hat, mei't er de hiele dei al mei pineholle omrint. Simon smyt him in hiel potsje ta en fertelt him dat er it wol hâlde mei. As er mei Katja fan it frachtskip giet, sit de swierferwûne Targo yn 'e rêdingsboat te wachtsjen. Hy fertelt Katja dat Simon harren ferret hat: der sit hielendal gjin goud yn 'e containers, inkeld skroat. Katja lûkt har pistoal en beart dat se Simon deasjitte sil, mar sjit dan ynstee ynienen Targo dea.

Troch in splinter fan in metalene keabel te brûken dy't McClane noch yn in wûne yn syn skouder sitten hat, wit slottemakker Carver de hânboeiens los te krijen. De beide mannen pike út en springe oerboard, krekt op 'e tiid om it libben derôf te rêden, mei't it hiele frachskip efter harren eksplodearret. Nei't se út see rêden binne, seit McClane tsjin Carver dat Simon syn bewearing dat er alle goud opblaze soe, flauwekul is. As er ek mar wàt fan syn broer Hans hat, sil Simon it goud nea opjaan. Hy ornearret dat Simon wûn hat, mar Carver bringt him tebinnen dat sy beiden noch libje, wat er as in oerwinning beskôget. Hy trunet McClane oan om syn frou Holly op te skiljen en it mei har by te lizzen. Wylst er dat docht, nimt McClane wat aspirine yn út it potsje dat Simon him tasmiten hat, en dan falt him op dat it logo fan Nord de Ligne derop stiet, in weirestaurant en motel op reuseftige skaal foar frachtweinsjauffeurs krekt oer de Kanadeeske grins yn Kebek.

Yn in pakhûs by Nord de Ligne fiere Simon-en-dy ûnderwilens it súkses fan harren bankberôving. Wylst harren trewanten der in slokje op nimme, lûke Simon en Katja harren werom om seks te hawwen. Se wurde lykwols rou ûnderbrutsen as in helikopter mei McClane en Carver deryn in skynwerper troch de ruten skynt. No't de lokaasje fan Simon-en-dy ûntdutsen is, besingelet de plysje fan Kebek it pakhûs. De kriminelen besykje alle kanten út te flechtsjen mei frachtweinen fol goud, mar oeral wurde se tsjinkeard en ynrekkene. Simon en Katja stappe yn in helikopter en falle mei in masinegewear de helikopter fan McClane en Carver oan. Dy rint sa'n skea op dat de piloat him oan 'e grûn sette moat. McClane draaft fuort om Simon efter him oan te lokjen, en as dy syn helikopter ûnder in stikmannich heechspanningskeabels troch fljocht, sjit McClane ien fan 'e keabels troch, sadat dy boppe-op 'e helikopter falt. De keabel komt fêst te sitten yn 'e rotor en it hiele tastel komt ûnder stroom te stean. De helikopter stoart del en ûntploft ta ien grutte fjoerbal, wêrby't alle ynsittenden omkomme. As alle trelit foarby is, oertsjûget Carver McClane der op 'e nij fan om Holly op te skiljen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Bruce Willis yn 2018.
 
Samuel L. Jackson yn 2006.
 
Jeremy Irons yn 2011.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
ynspekteur John McClane Bruce Willis
Zeus Carver Samuel L. Jackson
Peter Krieg / Simon Peter Gruber Jeremy Irons


byrollen
personaazje akteur/aktrise
resjersjeur Joe Lambert Graham Greene
haadynspekteur Walter Cobb Larry Bryggman
resjersjeur Connie Kowalski Colleen Camp
resjersjeur Ricky Walsh Anthony Peck
Mathias Targo Nick Wyman
Katja Targo Sam Phillips
Charley Weiss Kevin Chamberlin
Mischa Mischa Hausserman
Otto Richard E. Council
sekretaresse fan haadynspekteur Cobb Shari-Lyn Safir
dokter Fred Schiller Stephen Pearlman
Rolf Robert Sedgwick
Roman Tony Halme
Günther Timothy Adams
Erik Phil Theis
Dexter Michael Alexander Jackson
freon fan Dexter Edwin Hodge
Felix Little John C. Vennema
Wanda Shepard Phyllis Yvonne Stickney
rektriks Martinez fan 'e Chester A. Arthur Legere Skoalle Franchelle Stewart Dorn
FBI-agint Faisal Hassan
spesjaal agint fan in oare tsjinst Bill Jarvis
foarman by tunnel John Doman
brigadier John Turley J.R. Horne
konsjerzje fan 'e Chester A. Arthur Legere Skoalle Ray Arahna
Raymond Aldiss Hodge
Ivan Bill Christ
Kurt Greg A. Skoric
Karl Sven Toorvald
Berndt Todd A. Langenfeld
Nils Gerrit Vooren
Klaus Willis Sparks

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Die Hard with a Vengeance waard regissearre troch John McTiernan, nei in senario fan Jonathan Hensleigh dat de 'winner' wie fan in hiele rige skripts dy't de revu passearre hiene foar de trêde film yn 'e Die Hard-rige. In oarenien dêrfan, dat Troubleshooter ("Probleme-oplosser") hiet, waard serieus yn omtinken nommen. Dêryn soe McClane it opnommen hawwe tsjin terroristen op in cruise troch it Karibysk Gebiet. It waard úteinlik ôfwiisd om't men fûn dat it tefolle liek op 'e aksjefilm Under Siege, mei Steven Seagal. It waard letter recycle foar de film Speed 2: Cruise Control, mei Keanu Reeves.

As produsinten wiene McTiernan en Michael Tadross by Die Hard with a Vengeance belutsen. Joel Silver en Lawrence Gordon, dy't de beide earste Die Hard-films produsearre hiene, rekken by it projekt wei nei't se rûzje krigen hiene mei haadrolspiler Bruce Willis. Yn harren plak kaam Andrew G. Vajna, dy't as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie. Die Hard with a Vengeance waard sadwaande makke troch Cinergi Pictures, de studio fan Vajna. Foar de film wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Menzies jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Kamen.

Alternative einen bewurkje seksje

Neffens it audiokommentaar by de dvd fan Die Hard with a Vengeance wie de oarspronklike ein fan 'e film hiel oars. Nei de ûntploffing fan it frachtskip driuwe McClane en Carver op in flot werom nei de kust. Carver seit dat it spitich is dat Simon-en-dy ûntsnapt binne, mar McClane antwurdet dat dat noch mar de fraach is. Yn it fleantúch wêryn't Simon-en-dy mei harren goud útpike, treffe de bankrôvers dan de koffer mei de bom mei de skealjes oan út it plantsoentsje mei de fiver, dy't McClane op 'e iene of oare wize tusken harren spul stoppe en op skerp set hat (yn dizze ferzje fan 'e film waard de bom net brûkt om 'e tydlike keardaam yn it akwadukt op te blazen). De film einiget dan op in swart komyske noat as Simon freget oft immen ek in kanne fan 4 gallon by him hat. Dy foarm fan it skript waard nea ferfilme.

Yn 'e earste ein fan 'e film dy't wól ferfilme waard, ûntkomme Simon-en-dy mei de bút. McClane kriget de swartepyt taspile en rekket syn baan en pinsjoen kwyt, mar dochs wit er moannen letter Simon yn Jeropa op te spoaren. Dan twingt er him om in spultsje te spyljen dat er "McClane Says" neamd. As Simon in ferkeard antwurd jout, twingt er him ûnder bedriging mei in fjoerwapen om in Sineeske bazooka ôf te fjurjen dêr't it fizier ôf helle is, sadat net mear te sjen is wat de foar- en de efterkant is. Simon kiest ferkeard en wurdt sels rekke troch de raketgranaat, dy't him útinoar skuort. Dizze sêne is tafoege oan it bonusmateriaal by de dvd fan Die Hard with a Vengeance. De filmstudio wie net gelokkich mei dizze ein, om't it McClane fan in wrede en boasaardige kant sjen liet. Dêrom waard besletten om, doe't de opnamen al beëinige wiene, tsjin oansjenlike kosten foar de studio, noch in reshoot fan 'e ein fan 'e film te dwaan, dy't de sêne yn Kebek omfette.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Die Hard with a Vengeance waard yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Japan fersoarge troch 20th Century Fox. Yn 'e measte oare lannen en territoaria waard de film distribuëarre troch Disney fia syn dochterûndernimming Buena Vista International. Die Hard with a Vengeance gie op 19 maaie 1995 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn maaie 1995 by platemaatskippij RCA Victor. Die Hard with a Vengeance waard op 14 maaie 1996 útbrocht as VHS-keapfideo. De film kaam yn maart 1999 beskikber op dvd en waard yn 2007 foar it earst útbrocht op blu-ray.

Allegory bewurkje seksje

De opdrachten dy't McClane en Carver yn Die Hard with a Vengeance foar Simon útfiere moatte, binne wol opfet as in allegory op 'e Wurken fan Hearkakles út 'e Grykske mytology. In elemint dat dy bân liket fuort te sterkjen is dat de foarnamme fan Carver, in elektrisiên, Zeus is; Seus (Gryksk: Zeus) is de Grykske god fan 'e tonger, en tonger is in ûntlading fan elektrisiteit.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Die Hard with a Vengeance mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie loovjend oer de aksjesênes en oer it aktearjen fan Bruce Willis, Samuel L. Jackson en Jeremy Irons. Hy konkludearre: "Die Hard with a Vengeance is eins in stik opwynboartersguod: fernimstich makke en ôflevere mei grutte enerzjy. It docht sekuer wêr't reklame foar makke is, en dan noch helte mear." De ûnôfinklike kritikus James Berardinelli wie ûnder de yndruk fan 'e aksje- en gefjochtssênes, wêrfan't er fûn dat se "mei trochkrûpte feardichheid filme" wiene.

Yn it tydskrift Entertainment Weekly stelde Owen Gleiberman lykwols: "McTiernan beävensearret yndividuele sênes mei grut each foar detail […], mar opteld foarmje se gjin strak, spannend gehiel." Ian Nathan fan it tydskrift Empire fûn de film minder goed as de earste Die Hard-film, mar better as Die Hard 2. Fan Jeremy Irons syn fertolking fan Simon Gruber moast er lykwols neat hawwe; neffens him koe Irons net yn it skaad stean fan Alan Rickman, dy't yn Die Hard 1 de antagonist Hans Gruber spile hie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Die Hard with a Vengeance in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 45 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] begjint fluch en profitearret fan 'e stikelige ynteraksje tusken Bruce Willis en Samuel L. Jackson, mar kletteret op in bombastyske ein ta yn in fergees besykjen om in algemien gebrek oan orizjinele ideeën te fertsjustermoanjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Die Hard with a Vengeance in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Die Hard with a Vengeance brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $100,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $266,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $366,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in winst fan $276,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Die Hard with a Vengeance de meast opbringende film fan 1995.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Die Hard (filmsearje)
Die Hard (1988) • Die Hard 2 (1990) • Die Hard with a Vengeance (1995) • Live Free or Die Hard (2007) • A Good Day to Die Hard (2013)