Diergaarde Blijdorp
Diergaarde Blijdorp ek wol bekend as de Rotterdamsche Diergaarde en yn it Ingelsk as Rotterdam Zoo, is in dieretún yn Rotterdam. It is in bedriuw dat ûnder behear stiet fan 'e Stichting Koninklijke Diergaarde Rotterdam. Diergaarde Blijdorp (letterlik: "Dieretún Bliid-doarp") is fêstige yn it noardwesten fan 'e stêd, en waard stifte yn 1857. Dêrmei is it ien fan de âldste dieretunen fan Nederlân; yn 2007 waard it 150-jierrich fierd. De Diergaarde beslacht in oerflak fan 26 hektare en omfettet bisten fan mear as 180 soarten, yndield nei ferskate soögeografyske regio's. It is ek in botanyske tún mei in grut ferskaat oan planten. Fierders binne der in winkel, ûnderskate kafees en in ynformaasjesintrum. Diergaarde Blijdorp is lid fan û.o. de Nederlânske Feriening fan Dieretunen (NVD) en de Jeropeeske Feriening fan Dieretunen en Akwaria (EAZA).
Diergaarde Blijdorp | ||
dieretún | ||
Alde yngong Diergaarde Blijdorp | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Rotterdam | |
plak | Rotterdam | |
adres | Blijdorplaan 8 | |
koördinaten | 51°55′37″N,4°27′12″E | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | Blijdorp | |
type | tradisjonele dieretún | |
oerflak | 28 ha | |
tal bisten | 18.000 | |
tal soarten | 618 | |
besikers | 1,5 miljoen (2019)[1] | |
netwurk(en) | WAZA, EAZA, NVD, IAAPA | |
skiednis | ||
iepening | 18 maaie 1857 | |
fuortk. út | Fûgeltún fan spoarweiamtners oan de Kruiskade | |
gebou | ||
namme gebou | Diergaarde Blijdorp | |
arsjitekt | Sybold van Ravesteyn | |
boujier | 1939-1941 | |
monumint. status | Ryksmonumint | |
offisjele webside | ||
www.diergaardeblijdorp.nl | ||
kaart | ||
De lokaasje fan Diergaarde Blijdorp yn Rotterdam.
|
Skiednis
bewurkje seksje1855-1940
bewurkje seksjeYn 1855 waard yn de Rotterdamske binnenstêd, by de Kruiskade, sa ûngefear njonken Stasjon Rotterdam Delftsche Poort in tún ynrjochte foar fazanten en wetterfûgels. De fûgeltún wie eigendom fan de spoarweiamtners F. van der Valk en G.M. van den Bergh. It waard in sukses en op 18 maaie 1857 waard as ferfolch de Rotterdamsche Diergaarde iepene. De eerste directeur was de dompteur Henri Martin. It selde jier waard de "Vereniging Rotterdamsche Diergaarde" oprjochte. Allinnich leden fan de feriening, foaroansteande boargers, mochten de bistetún besykje. Letter mochten Rotterdamske net-leden yn in pear dagen yn augustus ek yn de bistetún sjen, mar al fia in aparte yngong. De biste-eksposysje wie yn de earste heale iuw fan syn bestean in grut sukses en groeide mear en mear. Foaral de opfolger fan Martin, de soöloog Adriaan Anthoni van Bemmelen rjochte fan syn beneaming ôf yn 1866 de bistetún yn mei romme ferbliuwen dy't der min ofte mear de útstrieling hiene fan de natuerlike omjouwing fan de bisten. Yn stee fan koaien mei traaljes liet er romten oanlizze dêr 't de bisten frij yn bewege koene. Ferneamd waard de keunstmjittige rotspartij mei ûnder oare jaks en moeflons en in foliêre fan 50 by 24 by 9 meter mei steltrinners, reagers en gieren. Hy bleau direkteur oant syn ferstjerren yn 1897.
Yn 1924 rekke de bistetún yn finansjele problemen. De njoggentjinde-iuwske wize fan bisten tentoanstellen rekke mei de komst fan de Hagenbeckstyl út de moade, en mei it drokker wurdende ferkear hie de gemeente de lokaasje op it each om in dyk oan te lizzen tusken it Hofplein en Spangen, Tussendijken en Blijdorp. Ek waard de grûn fan de binnenstêd fierstente djoer. De bistetún besocht it tij te kearen troch lidmaatskip goedkeaper te meitsjen, tentoanstellingen en merken te organisearjen op it terrein en ferljochting oan te bringen, sadat de bistetún ek jûns te besykjen wie.
Yn 1932 waard besletten om de bistetún te reorganisearjen. Earst waard der besletten om faker net-leden ta te litten en it lidmaatskip oantrekliker te meitsjen, mar it mocht net helpe. Yn 1937 waard besletten om de bistetún te ferhúzjen nei in nije lokaasje. De bistetún ruile syn grûn mei de gemeente: de gemeente krige in part fan de âlde bistetún fergees, de rest moasten se betelje. Yn ruil dêrfoar waard de bistetún eigener fan twa tredde fan in nije 13 bunder grutte lokaasje yn de wyk Blijdorp oan de oare kânt fan it spoar, wylst oer in tredde fan de nije lokaasje pacht fan ien gûne betelle wurde moast. Mei finansjele help fan de Stifting Volkkracht waard in nije bistetún finansiere. De Volkskrant stelde lykwols in betingst: tenei moast de bistetún foar elkenien tagonklik wêze. Op 26 oktober 1938 waard de feriening "Vereniging Rotterdamsche Diergaarde" opheft, en de Stifting "Stichting Rotterdamsche Diergaarde" oprjochte.
1940
bewurkje seksjeIt doel wie dat de nije bistetún yn 'e maitiid fan 1940 iepene wurd. De earste peal fan de troch arsjitekt Sybolt van Ravesteyn ûntwurpen bistetún wurd slein op 10 maaie 1939. Mar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich en froast soargje al yn 1939 foar fertragingen. Mar begjin 1940 wurde dan dochs de earste bisten ferhúze nei de nije lokaasje. Hja geane der dan fan út dat de bistetún yn de simmer fan 1940 iepen giet. Mar op 10 maaie 1940 falt Dútslân Nederlân binnen en op 12 maaie wurd rotterdam foar it earst bombardearre, hjirby wurd de âlde bistetún slim rekke mei brisantbommen en in grut part fan de bisten dit dêr noch binne komme om it libben as reitsje slim ferwûne. Fan de bisten dy't it oerlibbe ha moatte de rôfbisten op befel fan it Nederlânske leger ôfmakke wurde om't it te gefaarlik wurd as haren ferbliuwen rekke wurde en dizze bisten troch de stêd gean swalkjen. By it bombardemint op Rotterdam twa dagen letter wurd de âlde bistetún wer rekke en in tal bisten swalkje troch de stêd. De bisten dy't dit alles oerlibbe ha wurde dêr't mooglik is oerbrocht nei de nije lokaasje, de Orang oetangs en chimpansees ferhúzje tydlik nei de bistetún yn De Haach. De moannen dêrnei wurdt de nije bistetún yn Blijdorp ôfboud. Op 7 desimber 1940 wurdt de Rivièrahal iepene. Dêrmei is de nije Rotterdamske bistetún offisjeel iepen.[2][3][4]
1940-2000
bewurkje seksjeTa gelegenheid fan it 100-jierrich jubileum yn 1957 waarden tegels mei stilearre bistefigueren makke troch Groeneveldts ierdewurkfabryk. Yn dit jubileumjier waard ek it predikaat Keninklik ferliend en waard de namme fan de stichting wizige yn "Stichting Koninklijke Rotterdamse Diergaarde"[5]. Yn 1963 waard de "Vereniging Vrienden van Blijdorp" oprjochte. Dizze feriening stipet de bistetún finansjeel, wêrtroch't ûnder oare yn 1965 it Henri-Martinhuis boud wurde koe, in gebou foar lytse apen en nachtbisten. Yn 1972 waard de markante útsjochtoer op de Rivièrahal fanwege boufallichheid ôfbrutsen.[6] Yn 1984 waard yn Blijdorp foar it earst in oaljefantsje berne, in Aziatyske oaljefant mei de namme Bernhardine, ferneamd nei Prins Bernhard. Bernhardine is foar safier bekend de earste oaljefant dy't berne waard yn in Nederlânske bistetún. Yntusken binne der meardere oaljefanten berne yn Blijdorp.
Fan 1988 ôf begûn Blijdorpmei it oarderjen fan bisten per wrâlddiel, yn natuerlik eagjende biotopen. Dêrby wurde net allinnich bisten, mar ek planten en kulturele eleminten út it biotoop toand. De earste jierren stiene dizze oanpassingen yn it teken fan Aazje. Sa waard yn de maitiid fan 1991 de flearmûsgrot iepene, dêr 't besikers frij tusken hûnderten fleanende roezetflearmûzen rinne koene. Yn 1992 waard de wolvefallei iepene, it earste nije ferbliuw foar Europeeske bisten, in grut bosk ferbliuw dêr't in roedel wolven holden wurdt.
Yn 1994 folge Taman Indah, it grutte ferbliuw foar ûnder mear Aziatyske oaljefanten, Yndyske noashoarns en Maleiske tapirs. Yn 1999 waard it Afrikaanske Gorilla-eilân iepene en yn 2000 folge it Oseanium. It Oseanium waard boud op in 11 bunder grutte útwreiding fan de bistetún oan de oare kant fan de spoarline nei Utert. It totale oerflak fan de bistetún is no sa 'n 28 bunder.
2000-2010
bewurkje seksjeYn 2005 is der in nij ferbliuw foar de Sumatraanske tigers iepene. It is ferdield yn twa dielen, skieden troch in besikerstunnel. Ek is dat jier in begjin makke mei de Afrikaanske savanne, mei ûnder oare in greide foar de sebra's en strúsfûgels. Ta gelegenheid fan it 150-jierrich jubileum ûntbleate keninginne Beatrix op 24 april 2007 by de âlde yngong in keunstwurk. Op 18 maaie 2007, 150 jier nei de iepening fan de bistetún, kaam Diergaarde Blijdorp wrâldwiid yn it nijs omdat mantsjegorilla Bokito út syn ferbliuw ûntstnapt wie. Yntusken is it ferbliuw ferboud en befeilige mei in fiif meter hege rotsformaasje.
Yn 2008 binne de iisbearen weromkommen yn it nije Noardpoalgebiet Arctica. Der binne ek ferbliuwen tafoege foar poalfoksen, snieûlen en lemmingen. Ek is dat jier de " Krokodillenrivier " iepene, in savannekas dy't de oergong foarmet tusken de trekfoliêre en it doe noch net foltôge giraffenferbliuw. Neist Nijlkrokodillen wurde hjir ferskate savannebewenners holden, wêrûnder karmynreade bijefretters rotsklipdassen, stikelbargen en treksprinkhoannen. Ek twa pânserkrokodillen hawwe der in eigen ferbliuw krigen. Yn 2009 waard it nije giraffenferbliuw yn gebrûk naam. De giraffen hawwe de beskikking oer in grut rûn binnenferbliuw it Savannehuis. It bûtenferbliuw diele se mei grutte koedoes en wurdt troch in wetter skieden fan it ferbliuw fan de sebra's en strúsfûgels.
2010-hjoeddedei
bewurkje seksjeYn 2010 kaam der in nije gierenfoliêre, en in jier letter ien troch de feriening Vrienden van Blijdorp skonken ferbliuw foar stellers see-earnen. Ek waarden in trochrinferbliuw foar moeraswallaby's en in ferbliuw foar sânwallaby's boud. Yn 2013 is de flinterkas Amazonica iepene, op dat stuit de grutste flinterkas fan Europa. Njonken flinters binne der ek reptilen te finen dy 't foarkomme yn it Amazônegebiet. Yn 2014 ferstoar de spitssnuitkrokodil Matata, yn 2015 ferstoar ek Hakuna, se wiene yn 1929 as folgroeide krokodillen yn Diergaarde kommen te wenjen Matata waard sa'n 100 jier âld en Hakuna wie njonkenlitsen 85 jier. Yn 2016 waard it earste part fan projekt Oceanium 2.0 foar in grut part oplevere. It giet om in rige akwaria dy 't foarmjûn binne as it Grut Barriêrerif. Yn 2018 iepene it geladaferbliuw foar de gelada’s (gêrs itende apen út Etioopje). Boppedat is der in trochrinferbliuw foar de ringsturtmakys iepene, ek wer in geskink fan de Vereniging Vrienden van Blijdorp. Yn 2023 ferstoar gorilla Bokito yn 'e âldens fan 27 jier.
Ferneamde bewenners
bewurkje seksjeBokito
bewurkje seksjeBokito (Berlyn, 14 maart 1996 - Rotterdam, 4 april 2023) wie in Sulverrêch gorrilla. Bokito waard berne yn Berlyn yn bistetún Zoologischer Garten. Yn 2005 ferhúze Bokito nei Diergaarde Blijdorp.
Bokito kaam op 18 maaie 2007 (op de dei fan it 150- jierrich jubileum fan de bistetún) yn it nijs doe 't er út syn ferbliuw ûntsnapte. Hy skuorde in besykster mei, dy 't hjirby slim ferwûne rekke. De frou tocht dat se in spesjale relaasje mei de aap hie, se besocht him dêrom fjouwer dagen yn 'e wike. De frou stelde de bistetún oanspraaklik foar de skea.
Yn ien fan de restaurants fan de bistetún rekken nei de oanfal op de frou noch trije minsken ferwûne. Uteinlik waard Bokito nei in oere útskeakele mei in ferdôvingsgewear, wêrnei 't er yn syn ferbliuw werompleatst waard. De bistetún, dêr 't op dat stuit tûzenen minsken oanwêzich wiene, moast fanwege it ynsidint ûntromme wurde .[7]. It wie net de earste kear dat Bokito op aventoer gie, yn de simmer fan 2004 wie Bokito alris út syn ferbliuw yn Berlyn ûntsnapt. Hy klom doe oer in trije meter hege glêzen wand. Hy wie dêrby net agressyf en liet him troch it personiel sûnder problemen werombringe nei syn hok. Blijdorp naam maatregels om nije ûnbedoelde aventoeren fan Bokito tsjin te gean. Yn de media waard in term foar dizze maatregels yntrodusearre: "bokitoproof". It waard it wurd fan it jier yn 2007.
Bokito soarge foar tsien neikommelingen wêrfan de tsiende yn febrewaris 2022 waard net ferwachte de mem fan it jong Aya siet oan de antikonsjepsjepillen mar die wurken blykber net sa as it moast.[8] Bokito ferstoar op 4 april 2023, yn 'e âldens fan 27 jier.[9]
Hakuna & Matata
bewurkje seksjeHakuna en Matata, wiene twa pantserkrokodillen dy 't koart nei-inoar yn Blijdorp op hiel hege leeftiid ferstoarn (yn 2014 en 2015 ). Sy wiene sawat 100 en 85 jier âld en hiene it bombardemint op Rotterdam oerlibbe yn 1940. Se wiene de âldste pantserkrokodillen yn in bistetún yn de wrâld en sy soene neffens de oerlevering oan de Diergaarde skonken wêze troch Josephine Baker.[10]
Ryksmonumint
bewurkje seksjeDiergaarde Blijdorp is ien fan de pear bistetunen dy't hielendal ûntwurpen is troch ien arsjitekt. Yn april 2004 is Blijdorp en 21 fan har gebouwen (en túnen), opnommen yn it register fan ryksmonuminten. Sjoch de list fan ryksmonuminten yn Diergaarde Blijdorp.
- Rivièrahal
- Túnoanlis
- Bearenteater
- Rôfbisteferbliuw
- Fyver mei bisteferbliuwen
- Giraffenhûs en teeskinkerij
- Bergdierenrots
- Tagongsstek
- Administraasjegebou mei tsjinstwenning
- Eardere boartersplak
- De winkel van Sinkel
- Tsjinstgebou
- oant en mei 21 ferskate houtene bisteferbliuwen.
Galery
bewurkje seksje-
It Oceanium
-
ferbliuw Sumatraanske tiger
-
Gorrila's yn it gorrila ferbliuw
-
Savannehuis