In diktee is in tekst dy't foarlêzen wurdt en opskreaun wurde moat as oefening yn it staverjen. It wurdt ek wol as test dien en der wurde wedstriden mei holden. Yn Fryslân is it Grut Frysk Diktee de bekendste dikteewedstryd en wurdt alle twa jierren holden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Foar de jongerein is der it Lyts Frysk Diktee en de eardere stúdzjeferiening Skanomodu yn Grins hat ferskate kearen in diktee útskreaun dat ek de namme Grut Frysk Diktee hat.