In djiptebom is in wapen dat sûnt syn ûntwikkeling, yn 1916, brûkt wurdt tsjin ûnderseeboaten. It bomfet is meast in sylinder mei dêryn de springstof en in ûntstekking dy't op in beskate djipte ôfsteld wurde kin. De skokweach dy't troch de ûntploffing ûnstiet, moat de dûkboat om samar te sizzen 'kreakje', en him sa slim skansearje dat er boppe wetter twongen wurdt of te sinkt brocht wurdt.

Sweedske ûnderseeboatjager HMS Nordenskjöld lansearret in djiptebom.

Djiptebommen kinne brûkt wurde fanôf oerflakteskippen (ek as kop op in raket) en út fleantugen wei. In djiptebom kin ek in nukleêre lading hawwe.