Djoeke Veeninga (Amsterdam, 1953) is in Nederlânsk auteur, sjoernalist en programmamakker foar radio en telefyzje.

Djoeke Veeninga op de dei foar readhierrigen fan de VPRO-radio yn Baarn, 1979

Wurkpaad bewurkje seksje

Veeninga sette har wurkpaad útein mei it VARA-radioprogramma Hoor haar, dêrnei die hja by de VPRO Radio Embargo. Tusken 1984 en 1993 krige har namme klank as bûtenlânredakteur fan Het Gebouw. Yn dy jierren ferskynden ferskate boeken fan har: Het geluk van de mier (1991) oer har tahâlden yn Yndoneezje, Standplaats Tanzania (1992) en Standplaats Vietnam (1994).

Sûnt 1989 die hja ferskate maratonynterviews, trije oeren fan yngeande petearen mei ien gast; dêr wienen Gerard Spong, Sonja Barend, Paul de Leeuw, Ayaan Hirsi Ali en Maarten van Rossem ûnder.

Fan 1993 ôf is Veeninga presintatrise en meidogger fan VPRO aan de Amstel en dêrnei De Ochtenden, in earder populêr live totaalprogramma mei eftergrûnen by it nijs.

Sûnt 2002 die hja mei oan ferskate tema-jûnen foar de VPRO-telefyzje, sa as Seks Odyssee (2002), Voor de klas en Wat doen wij met onze kinderen (2005) en Niet van Hier (2006). De dokumintêre oer it siikwêzen fan har mem en har rol as dochter dêryn krige in soad wurdearring (Wat doen wij met onze ouders, 2004).

Njonken it wurk foar radio en TV hat hja geregeldwei petearlieder by in ferskaat oan debatten en kongressen west, fersoarge sy mei Hanneke Groenteman ynterviewtrenings en publisearre sy in fjirde boek: Het nahuwelijk, oer it bewarjen fan in goed kontakt tusken eardere partners.

Djoeke Veeninga hat mei filmmakker Pim de la Parra in dochter, Nina (1987).

Publikaasjes (karút) bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje